Frij

Publisearre op 24 november 2019

KAREN BIES – 

Hy hat wol oer syn soan yn noed sitten. Sykje dochs in baan, hie er wolris tsjin him sein. Moatst ek om dyn pensjoen tinke! Mar Meindert wist it seker: ‘Nee. Dit doch ik, dit kin ik. Dit wol ik.’

Jan Talma sit neist ús yn Zalen Schaaf. It konsert ‘De Domela Passie’ kin elk momint begjinne. Jan fertelt dat Meindert froeger de ferlegene kant it neist wie. ‘En no stiet er dêr op it poadium. En hy hat der ek wol aardich súkses mei, hear! Mar hy giet der net prat op. Hy praat der eins noait oer.’

 

Meindert sjongt, it koar sjongt, de band spilet. Se fertelle it ferhaal fan Domela, dy’t wist wat er woe en dêrnei hannele. “Wees altijd een mens van overtuiging.”

 

Meindert sjongt, it koar sjongt, de band spilet. Se fertelle it ferhaal fan Domela, dy’t wist wat er woe en dêrnei hannele. “Wees altijd een mens van overtuiging.” Ik sjong de wurden stil mei. Ja, ja ja! In mins wêze mei idealen, mei oertsjûging, yn alles watst dochst. Bin ik dat wol? Stean ik altyd achter myn keuzes? Of kies ik foar ‘meidwaan, mar net fan herte’, en kies ik dus eins nét. Ik wyn my faak op, mar hâld my yn, om de frede. Foar de minsken dy’t ik leafhaw gean ik troch it fjoer. Mar it fjoer yn myn skriuwen is in wifeljend flamke, dêr’t ik earst hoeden de hannen omhinne hâld, dan rigoereus blus mei de backspaceknop. Foardat der echt wat yn ’e fik fljocht.

De angst dat it net goed genôch is, dy’t beknelt, dy’t ferlammet. Ik tink oan de wurden fan Stella Bergsma dy’t ik hjoed yn ’e krante lies. “Maar als je bedenkt dat het gewoon slecht mag zijn, dan dóé je het in ieder geval”, seit Stella. Dysels befrije fan de gedachte dat it goed wêze moat. Alles jaan watst hast, mei oertsjûging. Miskien wurdt it dan hiel goed.

Jan Talma makket ûndertusken foto’s. Hy hâldt syn telefoan fertikaal, sadat Meindert der hielendal op komt. ‘Vrijheid voor allen, recht voor allen’, sjongt er. It swingt en klinkt as in potinsjele hit. Alhoewol’t ik Meindert graach sjoch as ien dy’t los is fan hits en likes. As Domela, dy’t himsels losmakke fan tsjerke en steat. “Een anarchist is de baanbreker, een padvinder in de bossen van vooroordelen en domheden.” Geastlik frij en dêrtroch lokkich.

Nei de passy is it tiid foar bier. Wy proaste op de arbeiders, op de frijheid foar elkenien. En no ja toe dan mar, ek op de blauwe knoop.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM -   In pear dagen nei it ôfslachtsjen fan Theo van Gogh waard dit my thús yn breedbyld skildere: J.P. Balkenende ûnferwachts [...]

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM  Yn ’e wrâldfan de organisaasje-adviseurs jildt it adagium: wat goedkeap is, kin net goed wêze. Priuw ik dat yn fakblêden noch [...]

  • Kategory: Kollum

    MINDERT WIJNSTRA -  Ik sil in jier of tsien west ha, doe’t ik in ienfâldich toverlantearntsje krige, sa’nien dêr’t ljochtbylden mei fertoand wurde kinne. Ik [...]