Krinten

BOUKE VAN DER HEM – 

Noch yn ‘e auto op wei nei Skiphol stel ik my de fraach oft ik thús guon dingen wol ferstannich ferdielde oer hân- en rombagaazje. Boek, waarme jas, earphones, snobbersguod, altyd arbitrêr wêryn it bêste op te bergjen. Fan de brillen is it dúdlik: ‘de lês’ yn de rêchtas mei troch de dûane, ‘de sinne’ yn de koffer sjogge je pas werom op plak bestimming. De krintebôle diskear mar ûnder direkt berik, want it is altyd mar wer ôfwachtsjen hoe maklik der yn fiere, benammen Spaanssprekkende lannen nei oankomst en transfer oan in flugge hap te kommen is. En dan feroardield ta dat djoere junkfood, ek dêre!

 

Us sjauffeur plôke in frucht fan in tastutsen bosk, sette de tosken deryn, preau sabeare, spuide de brot op ‘e grûn en skodde wer fan nee, net lekker en no opdonderje, fuort!

 

Under de biketour yn Bogotá soe sa’n krinte-flaubyt oars goed útkaam wêze, mar in rêchtas dan wer net; hawar, it is relatyf duorsum guod, toch? En ja, it Botero-museum nimt jin sa mei dat je op sokke keunst-input wol oeren tarre kinne; alhoewol’t it just foar dý keunster sels bêstwol in brûkber idee wêze kind hie: eigen bôle boppe alles… Lekker belangryk geseur, trouwens.

Pas nei it ferbliuw yn de no go-haadstêd sille wy it lân Kolombia en de minsken kennen leare, al sil dat lange sitten fergje. Earst nei oeren ûnderweis op dizze Nije Dei hâldt de sjauffeur by Zipaquirá in sismar Arbo-stop en is der foar ús de gelegenheid om ôf te dalen yn de sâltmyn, wêryn’t begjin foarige iuw de mynwurkers in katedraal úthouden mei dêryn de folsleine krúswei fan Jezus; dy giga-prestaasje waard ús yn it tsjuster sa sûnder ‘de lês’ ek wol dúdlik. In wrâldwûnder dat jin de siken (en trouwens ek de nocht om te iten) benimt.

Fierderop nei it noardeasten komme we werris foar stopljochten te stean yn ferbân mei…, ja: dat wurdt lang net altyd dúdlik en soms is der allinnich mar in barrikade of opbrekking. Ut de berm of ûnderwal wei sjitte dan minsken nei foarren dy’t skroevedraaiers, tape, nútsjes, hiele maïskolven, fruchten of partsjes mango, meloen of wat fierders mar yt- of drinkber is, fluch-fluch oan ús besykje te ferkeapjen. Of sis mar gewoan: oan ús optwinge. Of sneu biddelje, soms platwei skoaie.

Us sjauffeur negearde it, swijde, skodde fan ‘nee’ en seach de oare kant út. Mar doe’t der al te bot oanstien waard, plôke er ien frucht fan in tastutsen bosk, sette de tosken deryn, preau sabeare, spuide de brot op ‘e grûn en skodde wer fan nee, net lekker en no opdonderje, fuort! En nei it oplûken sei er ûnderwilens de holle nei my ta draaiend: “Venezuelanen!” Ik wist neat betters as set ‘de sinne’ ôf en bring in slop freegjend “Binne sokke minsken hjir dan soms minder wolkom?” út. “Minsken flechtsje net samar, dochs?” Wêrop’t hy syn earste Ingelsk tidens al ús kontakt hearre liet en noch betreklik flaterleas ek: “No, but it is too much, because: too many for too long!” Dúdlik ynstudearre. Sa’t er it sei, hie it der ek wat fan wei dat er in wiskundige formule, in wetmjittichheid of soksawat debitearre.

My fergong it as kaam ik op slach wer thús en ek dêr tebekslein waard. Fan gefolgen dat ik mysels taspruts: “Wir schaffen das,” skoddet oer alle boegen, “dat wurdt ‘m net, jonge, noait en nergens, wen der mar oan!”

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.