• 23 oktober 2013

    NYNKE VAN DER ZEE -  Nei fyftich jier op ‘e planken komt kabaretier Teake van der Meer (18 septimber 1937) mei in grutte jubileumshow. Op de fraach oft it syn lêste is, moat er it antwurd skuldich bliuwe. Lytse Teake oer kabaret as medisyn, Fryske streekhumor, silikoane-beppes en ôfskie nimmen. “Sels ha ik neat mei de hjoeddeiske kabaretiers. Ik ha in grutte hekel oan kabaretiers [...]

  • 15 oktober 2013

    EELCO VENEMA -  Foar wa't it mist hat: ús eigen Fryske Golden Globes, de Gouden Gurbes binne útrikt. Jorwert waard mei de Kloklieder fan Nijdaam de grutte winner. Ik tink dat elkenien dy't dit jier it ien en oar sjoen hat, him dêr yn fine kin. Hulde foar in moaie prestaasje. De Gouden Gurbe is yntusken net mear fuort te tinken as slotstik fan it iepenloftsirkus [...]

  • 2 september 2013

    ELSKE SCHOTANUS -  Wat te ferwachtsjen fan it neispyljen fan de oerfal op de Blokhúspoart sa’t dy yn 1944 troch de Fryske Knokploech útfierd is om in grut tal finzenen te befrijen? Foute rotsakken fan moffen, stoere fersetshelden en fikse poarsje sentimint? Yn de oanrin nei de foarstelling ta, hat De Oerfal de nedige publisiteit krigen, want krekt dít barren foar it fuotljocht te bringen [...]

  • 27 augustus 2013

    TSJOMME DIJKSTRA -  De oerfal op it Hûs van bewarring yn Ljouwert fan 8 desimber 1944 wie in fersetsaksje yn de oarloch dy’t oant op de dei fan hjoed ta yn en bûten Fryslân grutte bekendheid hat ûnder de minsken. By dy died befrijden leden fan de Fryske Knokploech (KP) leafst ienenfyftich finzenen sûnder dat der in skot foel. De risiko’s dy’t oan dy aksje [...]

  • 3 april 2013

    NYNKE VAN DER ZEE -  Dizze simmer komt Omrop Fryslân mei in dokumintêre oer de Noorder Compagnie. Yn de rige It paad werom giet dokumintêremakker Eelke Lok werom nei it jier 1966, it bertejier fan it noardlike toanielselskip. In reis lâns âld byldmateriaal, griisdraaide ynterviews en hjoeddeiske petearen bringt ús fan it sukses yn it begjin nei de rûzige einfaze. Gaos en spul binnen de [...]

  • 27 maart 2013

    EELCO VENEMA -  Midden yn it sintrum fan Ljouwert, deun by ylústere Liwwadder lokaasjes as Zalen Schaaf en Silvia's Sneupwinkel leit de Sacramentstrjitte. Op nûmer 24 wurdt yn in âlde teaterzaal hurd wurke oan ’De 8e dag van de week'. It stik is skreaun troch de 'James Dean' út Polen, Marek Hlasko. De fergeliking jildt foar sawol syn uterlik as foar syn libbenswize. Ek Hlasko is net [...]

  • 19 maart 2013

    ELSKE SCHOTANUS - De Emigrant, De Koornbeurs, Frentsjer, sneon 16 maart 2013 Hast it idee datst in emigrant yn eigen lân bist, ast ûnder Ljouwert, oer de N31 de kant fan Frentsjer út rydst om dêr, yn de Koornbeurs, de premjêre fan De Emigrant mei te meitsjen. Slingerst tusken piramiden fan sânsekken troch, in leger oan giele buorden, bosken oan readwite pealtsjes en in tel letter [...]

  • 13 maart 2013

    Yn 1967 wurdt it toanielselskip De Noorder Compagnie oprjochte as toanielfoarsjenning foar Fryslân, Grins en Drinte. In hiele generaasje middelbere skoalbern yn de trije noardlike provinsjes is, mei tank oan de Noorder Compagnie, yn oanrekking kaam mei teater. De earste artistyk lieder wie akteur en regisseur Jaap Maarleveld. Neist him stie syn frou, aktrise Manon Alving. It selskip wie doe festige yn syn wenplak, Fryske [...]

  • 11 maart 2013

    ELSKE SCHOTANUS - De lytse kannibaal, Freed, 8 maart doarpshûs de Murdhoun, Húns In tsjerkje op in terp, it keatsfjild, dêromhinne huzen. Achter sawat alle finsters brâne de ljochten. Sitte de bewenners dan net yn de Murdhoun, it doarpshûs fan Húns/Leons dêr’t toanielferieniging De Takomst De lytse kannibaal bringt? ‘Fansels,’ wit ien fan de besikers te fertellen, ‘allegearre, mar ek hjir moatte hjoeddedei de ljochten op, foar it [...]