“Ik bin twa persoanen, dat kin net oars”

NYNKE VAN DER ZEE – 

Nei fyftich jier op ‘e planken komt kabaretier Teake van der Meer (18 septimber 1937) mei in grutte jubileumshow. Op de fraach oft it syn lêste is, moat er it antwurd skuldich bliuwe. Lytse Teake oer kabaret as medisyn, Fryske streekhumor, silikoane-beppes en ôfskie nimmen.

“Sels ha ik neat mei de hjoeddeiske kabaretiers. Ik ha in grutte hekel oan kabaretiers dy’t minsken út it publyk sykje om de gek mei te hawwen. Dat soe ik sels foar gjin goud wolle. Alle minsken dy’t nei my ta komme, binne myn gasten. Der giet gjin minske nei my ta om foar gek set te wurden, soe it wol? Elk minske is in minske en hat syn wearde. Dat moatte wy nea ferjitte. En al dy politike boadskippen dy’t kabaretiers massaal ferkondigje, dêr ha ik neat mei. Ik wol net tsjin dingen oanskoppe. Yn it publyk sitte allegear minsken mei in eigen miening. Wa bin ik dan om myntes foar de hiele seal te ferkondigjen as zijnde de wierheid? Underwerpen wêr’t minsken op wat foar wize dan ek mar troch kwetst wurde kinne, dêr gean ik graach mei in grutte bôge omhinne. Myn boadskip is mar ienfâldich: wat moai dat wy hjir sa noflik byinoar sitte, net? Wat moai dat jo efkes de tiid naam ha om hjir te kommen. Somstiden wol ik it wol útraze: meitsje tiid foar elkoar. Dy rykdom, dêr giet it om.”

Fryske Toon Hermans
“De Fryske Toon Hermans wurd ik wolris neamd. Dy koe ek in hiel skoft prate oer neat. Mar dêr hâldt de ferliking ek mei op. Akke Radsma, Lytse Sjoerd en Anna Roersma, dat fyn ik moaie fertellers. Dêr lykje ik mear op kwa styl. Foaral nei Akke mocht ik sels hiel graach lústerje. Toch is wat ik doch net te ferlykjen mei hoe’t oaren it dogge. Nim bygelyks Tetman de Vries, dy’t nei de Twadde Wrâldoarloch suksesfol wie. Us ynstek wie gelyk, mar de tiid wie hiel oars. Nei de oarloch wie alles moai, koe der einliks wer lake wurde. Dat is no hiel oars. Minsken binne kritysker. Ik doch sa’t ik tink dat it goed is. Dêr is neat gekunstelds oan. Ik wol net op in oar lykje en ha gjin grutte foarbylden of learmasters hân. Kabaret kinst net leare, dat sit yn dy.”

Fryske streekhumor
“De teaterwrâld is myn wrâld. Mar ik stean der sels noch altyd fersteld fan dat minsken om my laitsje. Dy streekhumor dy’t ik ha, is typysk foar Fryslân. Dat sit him yn ‘e taal, mar ek yn de ûnderwerpen. Fryske humor is oars as dy fan minsken út bygelyks de Rânestêd. Wy binne mear fan ‘doch mar gewoan’ en ‘uit het leven gegrepen’. Dat is de keunst. Dat it publyk himsels werkent yn de ferhalen, mar stiekem yn it donker fan ‘e seal tinkt: gelokkich dat ik dat net bin. Dat gefoel, dat is it sukses fan streekhumor. Ik sis altyd: as jo krekt wat dommer as de oar binne, dan sitte jo goed. De Fryske taal is dêryn ûnmisber foar my. As ik yn Kanada optreed dan soarget dat fuortendaliks foar bining. Friezen om útens hawwe faak noch in gruttere bân mei it heitelân as minsken dy’t hjir noch gewoan wenje. Dêr spatte de triennen al yn ‘e eagen by de earste toanen fan ús folksliet.”

Swiertillend
“Ik bin twa persoanen, dat kin net oars. In kalme ferlegen man en in showman. As jonkje fan in jier as 4 stie ik al op ‘e stoof om by jierdeifeesten in mopke te fertellen. Mar as ik der dan ôfstapte, dan wie’k wer dat stille mantsje. En dat bin ik noch. Stean ik net op it poadium, dan lûk ik my it leafste werom. Mar op it poadium feroarje ik yn in rasferteller. Dan brûst it der út. Thús is der neat fan dy clown oer. Sterker noch, ik bin hiel swiertillend, ha de hiele wrâld op ‘e rêch.  Ik bin altyd oan it prakkesarjen. Dêr wurde jo wurriger fan as fan optreden. Ik tink oer alles wol tsien kear nei, foardat ik it doch of sis. Mar op it poadium bin ik in levensgenieter. Dat is myn medisyn.”

Silikoane-beppes
“Ik mei graach spegelje mei de tiid. De tiid fan no is hiel oars as dy fan eartiids. Ik besykje mei myn humor eltsenien oan te sprekken. Humor út it libben wei, foar jong en âld. Mar nea kwetsend of spottend. Ik sil it noait oer polityk of geloof ha. En oer seks eins ek net, mar soms mei in knypeach. By dat ûnderwerp balansearje ik soms wat op it rântsje. Lêstendeis wie ik yn Ljouwert foar in optreden yn in bejaardehûs. Dêr hold ik my wat yn en ek hie’k it tempo wat leger. Doe kaam der yn it skoft in froutsje nei my ta. ‘Witte jo wol hoe âld ik bin?’, frege se. Doe die bliken dat se njoggentich wie. ‘Mar,’ sei se, ‘it mei wol wat pittiger op hear.’ Dat fyn ik prachtich. Tsjinwurdich ha wy in hiele oare wrâld. Aldere minsken kinne jo oer tweintich jier net mear op leeftyd skatte. Fan dy silikoane-beppes.”

Fan thús út meikrigen
“Ik treed al in jier as tritich op mei yllzjonist Minze Dyksma. Dat is begong mei de Lachcarrousel fan Sjors Huisman út Boalsert. Doe’t dat ophold, bin ik mei Minze fierder gien. Wy passe presys byinoar. Datselde jildt trouwens foar Gryt Wiersma. Sûnt in jier as fyftjin heart Gryt der ek by. Ik trof har op in brulloft en sa kaam ik op it idee. It is ûnferstelber hoe goed wy inoar oanfiele; Minze, Gryt en ik. Sa’n show ûntstiet hiel natuerlik. Dit past hjir, en dan dogge wy dat dêr. Yn de rin fan de jierren krijst hieltyd mear fans, en dat is in núver gefoel. Minsken dy’t tsjin ús op sjogge. Mar ik tink dan: jongens ik sjoch tsjin jim op. Wy binne ommers allegear gelyk. As jim net yn ‘e seal sitte, kin ik hjir net stean te praten. Eltsenien is like wichtich. Dat ha ik fan thús út meikrigen, tink ik. Elk minske hat syn wearde en dêr geane jo mei respekt mei om. Dat wie froeger de gewoanste saak fan ‘e wrâld, mar is hjoed-de-dei soms fier te sykjen.”

Ofskie nimme
“Hoe folle typkes ik yn de 50 jier spile ha? Ris efkes tinke, dat ha der wol in pear west ja. Appie mei Bello wie de earste. Sjoch, it moaie oan in typke is datst folle mear dwaan kinst as wannear’st as dysels op it poadium stiest. In typke seit en docht watsto sels net doarst. Dat fyn ik machtich om te dwaan. Wannear’t ik as Auke Orgel op ‘e planken stean, dan bin ik ek echt Auke Orgel. Ik krûp hielendal yn dat personaazje. Foaral frouljus typkes fyn ik prachtich. Mei de jubileumshow freegje in soad minsken: ‘Doch dat en dat ek noch efkes.’ Der sille fêst in oantal bekende typkes lânskomme, mar dan wol mei nije teksten. Oft ik nei de shows hielendal ophâld? Fan ‘e wike stie ik yn in lyts doarpke. Doe seine senei ôfrin fan de show: ‘He Teake, oer twa jier wer he?’ Dan kin ik gjin nee sizze. As ik sûn bliuw, gean ik troch mei de lytse sealtsjes. Ik kin gewoan noch net hielendal sûnder it publyk. En ik hoopje dat it oarsom krekt sa is.”

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.