Special oer de Noorder Compagnie

Yn 1967 wurdt it toanielselskip De Noorder Compagnie oprjochte as toanielfoarsjenning foar Fryslân, Grins en Drinte. In hiele generaasje middelbere skoalbern yn de trije noardlike provinsjes is, mei tank oan de Noorder Compagnie, yn oanrekking kaam mei teater.

De earste artistyk lieder wie akteur en regisseur Jaap Maarleveld. Neist him stie syn frou, aktrise Manon Alving. It selskip wie doe festige yn syn wenplak, Fryske Peallen. Jaap Maarleveld wennet dêr noch altyd. Yn 1971 ferhuze de Noorder Compagnie nei teater De Lawei yn Drachten. Alle jierren giene der fiif foarstellingen yn premjêre: twa grutte skouboarchproduksjes, ien lytse sealproduksje en twa saneamde skoalfoarstellingen. It selskip spile yn sawat alle skouboargen yn de trije noardlike provinsjes, mar ek op skoallen en yn doarpshuzen en kafees.

Akteurs en aktrises lykas Robert Sobels, Joop Hart, Sacco van der Made, Fiet Dekker, Ad Noyons, Manon Alving, Hans Hoekman, Joop Wittermans en Roel Nijboer wiene ferbûn oan it selskip en wiene al yn it sâlt bebiten of stienen oan it begjin fan harren karriêre. Letter soenen jonge akteurs fan de Noorder Compagnie lykas Rutger Hauer en Peter Tuinman sels (ynter)nasjonaal ferneamd wurde. Yn it seizoen 1979/1980 foel, nei in heechoprinnend konflikt tusken akteurs en bestjoer, it doek foar de Noorder Compagnie. Jaap Maarleveld en Manon Alving hienen it selskip doe al lang ferlitten.

Sjoernaliste Marita de Jong, dy’t it inisjatyf naam foar dizze útjefte fan de Moanne en foar de útstalling yn Museum Dr8888, seit dêroer: ‘De Noorder Compagnie wie foar my it earste kontakt mei serieus en “live” toaniel. Dat wie yn de gymnastykseal fan it Drachtster Lyseum. Dêr wie in toaniel. Foardat de stuollen pleatst wurde koenen, waard de flier ôfdutsen mei âld seil. Ik tink dat ik doe Dorpsvrijage fan Bernard Shaw sjoen haw en sil in jier as tolve west hawwe. Ik wie in betide learling en begreep net alles fan wat him op ‘e planken ôfspile. Wol wit ik noch dat der in sêne wie op it dek fan in krûsskip. En dat Manon der prachtich út seach. Reden foar my om Jaap Maarleveld in pear jier lyn te ynterviewen foar de Moanne. We hiene ôfpraat yn it kafee fan Museum Belvédère. It gesprek rûn sa goed, dat Jaap my graach noch folle mear herinneringen fertelle woe. Dat ynterview foar de Moanne is noait publisearre. Alle moannen gong ik in middei nei Jaap en Manon yn Fryske Peallen. Wy sieten oan de rûne tafel en dronken tee. De earste kearen wie dat allinnich mei Jaap en lei Manon yn deselde keamer te rêsten, mar letter siet se der by en die fol mei yn it petear.’

‘Spitigernôch is Manon yn de simmer fan 2010 ferstoarn. Jaap hat yntusken sa goed mooglik de tried wer oppakt. Om dy reden sjoch ik dit projekt ek as in earbetoan oan Manon en as in gebaar fan tank foar al harren ynspanningen om hjir yn it noarden prachtich toaniel op it poadium te bringen. Ik fyn dat harren dat takomt.’

Oan it persoanlike ferhaal fan Jaap Maarleveld binne teksten taheakke mei akteur Joop Wittermans, dy’t oer de romrofte slotperioade fertelt, en fan Pieter de Groot, dy’t jierrenlang foar de Ljouwerter Krante oer teater skreau en lykas wenst mei grutte kennis fan saken de Noorder Compagnie nochris yn in bredere kontekst pleatst.

De special oer de Noorder Compagnie leit op 22 maart by al ús abonnees op ‘e matte en is dêrnei ek by de bettere boekhannel te krijen. Klik hjir om abonnee te wurden of hjir om de special te bestellen.

Comments
Ien reaksje oan “Special oer de Noorder Compagnie”
  1. Sjoerd Hart schreef:

    Wat mooi waar julie mee bezig zijn!!
    na al die jaren weer wat van de noorder compagnie te lezen.
    mijn vader Joop hart was ook verbonden aan het gezeldschap dus als kind zijnde werd er natuurlijk thuis veel over gesproken.

    groetjes
    Sjoerd Hart

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.