As macht en ûnmacht mekoar befjochtsje

Publisearre op 27 augustus 2013

TSJOMME DIJKSTRA – 

De oerfal op it Hûs van bewarring yn Ljouwert fan 8 desimber 1944 wie in fersetsaksje yn de oarloch dy’t oant op de dei fan hjoed ta yn en bûten Fryslân grutte bekendheid hat ûnder de minsken. By dy died befrijden leden fan de Fryske Knokploech (KP) leafst ienenfyftich finzenen sûnder dat der in skot foel.

De risiko’s dy’t oan dy aksje ferbûn wienen wienen foarôf hiel min yn te kalkulearjen. It wie ek op oare plakken slagge om minsken te befrijen út de sel, dat wisten Piet Kramer, Eppie Bultsma en Wim Stegenga doe’t se mei har plan omtizen. Mar yn Amsterdam wie in oerfal twaris mislearre. De fersetsmannen hienen yn elts gefal de wittenskip dat as se neat ûndernamen de Dútsers fan de belangrike fersetsminsken dy’t se finzen nommen hienen yn de koartste tiid hiel wichtige, hiel fertroulike, ynformaasje oer it ferset en syn lieders yn hannen krije soenen. Dat in súksesfolle befrijdingsaksje soe it ferset wol hiel goed fan pas komme. Mar tsjinoer de frijheid fan de ien, stie miskien wol de dea fan in oar: in aksje fan it ferset koe altyd ferjilden wurde.

Ferneamd ferhaal
It is twaeninheal jier lyn dat Dick Jansen oer de Keizersgracht yn Ljouwert ried en dat syn each foel op de plakettes op de bûtenmuorren fan de Blokhúspoarte, dêr’t de eveneminten yn de stêd op stean. It idee wie yn in split second by him opkommen, de gedachte om in iepenloftspul oer de Oerfal te meitsjen. De gedachte soe him dêrnei lykwols hast net mear fan him losmeitsje, it idee krige sels algau de foarm fan in echt plan. Mei dat plan setten in pear minsken útein, doe noch net of amper wittend hoe fier se dermei komme soenen. Behalve Jansen sels, de skriuwer en produksjelieder, wienen yn it foarste plak regisseur Tineke Broers en regy-assistine Rita Wijnsma by it projekt belutsen. Sy ha mei-inoar fan de begjin ôf oan war dien foar dit iepenloftspul en hawwe twa jier lang dwaande west mei de tarieding en útwurking fan it stik. No komt de dei fan de útfiering hiel tichtby. Op tongersdei 29 augustus belibbet iepenloftspul De Oerfal syn premjêre.

Tineke Broers, regisseur fan sân iepenloftspullen sûnt 2005, wie earst al skrokken fan de fraach, doe’t Jansen har frege om oan in stik oer de oerfal mei te wurkjen. Se hie fuort yn de gaten hoe grutskalich dat projekt wurde moatte soe. “It ferhaal fan de Oerfal is in hiel oansprekkend en ferneamd ferhaal dat in hiel soad ympakt hat op de mienskip,” seit Broers. “Dêrmei is it berik grutter as by oare iepenloftspullen. It ferhaal makket by elkenien wat los. En fansels woenen wy it dan ek op it orizjinele plak útfiere. Dat allegear betinkend tocht ik earst wolris, wêr begjinne wy oan. Wý hienen mei-elkoar in idee en wý moasten mei alles dus ek mar earne begjinne.” Dêr komt noch by dat Broers en Wijnsma op dat stuit beide ek noch drok dwaande wienen mei it iepenloftspul Simke, In Frysk Fanke. Mar se stimden al yn mei it plan en nei it oare stik stoarten ek sy harren op it nije projekt.

Jansen fûn himsels twa, trije wiken nei’t er it plan foar it stik opfette al werom tusken allerhande dokuminten oer de oerfal. Hy socht nei alle beskikbere ynformaasje. Hy socht yn argiven, hy hie fansels ek it boek De Kraak fan Arend Jan Wijnsma ta syn beskikking en de ferneamde film út 1962 en it skript dêrfan fan dr. Lou de Jong. Mar hielendal bysûnder waard it útsykjen pas doe’t hy ferhalen fan neibesteanden en de ferhalen fan Gerrit Fokkema, de lêste noch libjende befrijde finzene, te hearren krige. Fokkema, hy is yn de njoggentich, spilet sels no in rol yn it toanielstik. Jansen: “Fokkema heeft het stuk helemaal gelezen. Hij heeft ons heel veel verteld over zijn periode hier, het was echt bijzonder wat hij aan informatie ophaalde. We zijn door de familie Fokkema heel veel te weten gekomen over wat er zich binnen de gevangenismuren afspeelde.”

Fral troch dy famyljeferhalen tinkt Jansen dat hy foar it stik no mear materiaal beskikber hie as dat doetiids foar de film foarhannen wie. De ynformaasje dy’t beskikber is oer de oerfal neamt Jansen ‘summier’: “Er is helemaal niet veel gedocumenteerd over de Overval. Dat komt ook doordat de mensen van het verzet met elkaar het verbond hadden gesloten om niet over hun verzetsdaden te spreken. Wat mensen nauwelijks weten is dat de verzetshelden tot in de jaren ’80 een behoorlijke vinger in de pap hebben gehad als het gaat om hoe informatie over het verzet naar buiten gebracht werd.” Jansen, dy’t elke kear entûsjast opfearret as er oer it boarnemateriaal en de histoarje fan de oerfal te praten komt, illustrearret dy lêste opmerking dy’t er makket noch mei it foarbyld fan Bert Haanstra. De ferneamde dokumintêremakker Bert Haanstra wie de oarspronklike skriptskriuwer fan de film oer de Oerfal, mar hy waard passearre as skriptskriuwer om’t hy foar it stik tefolle as keunstner te wurk gien wie yn it skript. Alteast, sa woenen de fersetshelden ha. De mannen fûnen dat yn dat skript de klam tefolle op persoanlike ynformaasje oer de oerfallers kommen wie te lizzen en dat it te min skreaun wie as in ferslach fan dy oerfal. It skript waard doe op ’e nij skreaun, dizze kear folle saakliker.

Dilemma’s
Mei alle ynformaasje dy’t de teatermakkers no yn har besit hienen komt yn it iepenloftspul it persoanlike aspekt just al werom. Neffens de makkers kin it ek net oars. “Wy wolle just wol sjenlitte wat der op persoanlik flak fan de minsken frege waard by de fersetsdieden en wat de persoanlike motivaasjes fan de minsken wienen om de iene kar te meitsjen of de oare,” seit Tineke Broers. “Dat dogge wy echt suver en mei in soad respekt foar de minsken. Mar de besluten dy’t minsken nimme moasten en de dilemma’s dêr’t hja foar stienen wienen hielendal net sa swart-wyt as dat dat meast foarkommen docht en sa’t dat yn de earste tiid nei de oarloch noch brocht waard. It oarlochsferhaal giet oer minsken en dy waarden yn har keuzes ynjûn troch persoanlike oerwegings en ek troch emoasjes. Wy hawwe hjir by it stik noch de soan fan in fersetsman moeten dy’t tsjin ús sei: ‘ik wit net oft ik yn sa’n situaasje itselde doard hie te dwaan as wat ús heit dien hat.’ Dat jout wer hoe persoanlik de dilemma’s wienen dêr’t de minsken foar stienen en dat is wêr’t it yn it stik ek om giet.”

It is even stil yn de Blokhúspoarte. Dat soarget derfoar dat  de gedachten even ôfdwale nei de romte dêr’t it petear hâlden wurdt. In fraksje miskien soargje de riedseleftige romtes fan it gebou, de hege ruten foar de keamers, foar it besef fan de histoarje dy’t mei it plak ferbûn is. It lokket je suver automatysk nei in gedachte oer it ferline as je de eleminten om je hinne even yn je opnimme. It plak is wis in hiel yndrukwekkend dekor foar it histoaryske toanielstik.

 

Foar mear ynformaasje oer iepenloftspul De Oerfal, sjoch op:www.deoerfal.nl

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels