De gouden gurbes

Publisearre op 15 oktober 2013

EELCO VENEMA – 

Foar wa’t it mist hat: ús eigen Fryske Golden Globes, de Gouden Gurbes binne útrikt. Jorwert waard mei de Kloklieder fan Nijdaam de grutte winner. Ik tink dat elkenien dy’t dit jier it ien en oar sjoen hat, him dêr yn fine kin. Hulde foar in moaie prestaasje.

De Gouden Gurbe is yntusken net mear fuort te tinken as slotstik fan it iepenloftsirkus dat alle jierren troch Fryslân raast. Is dat goed? Is dat slim? Och, it is sa. Kinst der fan alles oer sizze. Bygelyks dat it delkomt op it fergelykjen fan appels mei parren. Dat in klup lykas dy fan Jorwert in ‘buitencategorie’ is mei in soad profesjonele ynbring. Of dat troch de prizedrang de ambysjes boppe de holle groeie. Dat lêste soe ik slim fine.

De Fryske amateurkultuer bloeit noch altyd, al ferleit de fokus him mear en mear fan de lytse doarpsferienings nei de iepenloftspullen en oare grutte ad-hoc projekten. De minsken wolle wat spesjaals delsette; útpakke. En it publyk ferwachtet dat, om’t it bedoarn is mei prachtige grutte foarstellings út it ferline.

It gefaar leit op ‘e loer fan grut, grutter, grutst en langer, al as net oanwakkere troch it fenomeen Gouden Gurbe. Dêrtroch ûntstiet in skeefgroei fan ambysjes en mooglikheden. It is belangryk om fêst te hâlden oan de kearn; wy ha in moai ferhaal en dat wolle wy, nee, móatte wy fertelle. De toeters en bellen moatte yn tsjinst stean fan de needsaak om júst dat ferhaal te fertellen.

Ach, as ik Gurbe wie, dan hie ‘k oan ien sin genôch om te fertellen wat ik sizze woe. ‘De bealch derfoar’, ‘It komt sa’t it komt’. ‘Net de kop gek meitsje litte’. Sokssawat. Ien ding is wis. It oare jier sit er der wer; it gouden mantsje, op in tribune. Ergens op in brodzige Fryske simmerjûn. Grutsk te wêzen, tink ik.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Opiny,Teater

    HANS BRANS - Een festival van twaalf dagen om een nieuw artistiek leider welkom te heten - dat is een opmerkelijke, nooit eerder vertoonde openingszet. [...]

  • MARITA DE JONG  - Akteur Freark Smink is yn 1948 berne yn Sondel. Hy hat 15 jier as akteur ferbûn west oan it toanielselskip Tryater. [...]

  • Kategory: Resinsje,Teater

    SOPHIE TEKELENBURG - ------------------------------------------------------------------------------------------------------------ Van: Sophie Tekelenburg Aan: redactie de Moanne Datum: 28 april 2004 Onderwerp: “Yerma” van Tryater ------------------------------------------------------------------------------------------------------------- Beste redactie, Yerma, van de [...]