It libbenspaad fan De Noorder Compagnie

Publisearre op 3 april 2013

NYNKE VAN DER ZEE – 

Dizze simmer komt Omrop Fryslân mei in dokumintêre oer de Noorder Compagnie. Yn de rige It paad werom giet dokumintêremakker Eelke Lok werom nei it jier 1966, it bertejier fan it noardlike toanielselskip. In reis lâns âld byldmateriaal, griisdraaide ynterviews en hjoeddeiske petearen bringt ús fan it sukses yn it begjin nei de rûzige einfaze. Gaos en spul binnen de gelederen brochten it selskip yn 1978 úteinlik ta sinken. “It ferhaal beskikt oer alle suksesingrediïnten foar in goede tragedy”, glimket Lok.

Sa’n fyftich ûnderwerpen stienen der op syn list; allegear kandidaten foar de acht dokumintêres dy’t Lok dit jier produsearje mei foar de rige fan It paad werom. Tusken dy fyftich pronke ek de Noorder Compagnie. Wêr’t it iene nei it oare ûnderwerp troch ien ferme streek fan synpotlead skrast waard, oerlibbe it toanielgeselskip de strange seleksje.  “It foldocht oan ús trije kriteria”, leit Lok út. “Der binne folop âlde bylden te finen. Der libje noch minsken dy’t nau belutsen wiene by it selskip. En der sit genôch spanning yn it ferhaal. Want wa hie doe tocht dat it hiele spul sa tenûnder gean soe?”

 “It ferhaal fan de Noorder Compagnie is opboud as in twa akter. Foarspoed foar it skoft en ellinde yn de twadde helte.”

Sterke ferhalen
Lok is op dit stuit drok dwaande mei de tariedings. Alderearst moast er op syk nei bylden, âlde filmkes oer it ûntstean, de hichte- en fansels de djiptepunten. Fia it tillefysjeprogramma Van Gewest tot Gewest dûkele er hiel wat nijsgjirrich argyfmateriaal op. Njonken de âlde bylden sil er de kommende tiid sels ek op paad om de minsken dy’t in link ha mei it selskip harren ferhaal fertelle te litten. “Ik ha by de iepening fan de eksposysje oer de Noorder Compagnie yn Museum Dr8888 al hiel wat bekinde gesichten sjoen. En ik hearde al wol; der binne noch genôch moaie sterke ferhalen dy’t it fertellen mear dan wurdich binne.”

“Der binne noch genôch moaie sterke ferhalen, dy’t it fertellen mear dan wurdich binne”

Ticht by it fjoer
Sels hat Lok ek heldere oantinkens oan it jier dat er as learling-sjoernalist foar it earst by de Drachtster Courant binnenstapte. “Dat wie yn 1967, de start fan it earste seizoen fan de Noorder Compaginie yn teater De Lawei yn Drachten. Wy sieten as krante dan ek ticht by it fjoer en holden de boel goed yn ‘e gaten. Wy beljochten net allinnich it sukses, mar skreaunen ek oer foarstellings wêr’t allinnich de foarste rige fol siet. Want earlik is earlik; ek dat oerkaam de Noorder Compagnie wolris.”

Allinnich ferliezers
Sa’t dat heart einiget elke dokumintêre mei in koarte gearfetting. Lok jout alfêst in foarfertoaning. “Weromsjend is it ferhaal fan de Noorder Compagnie opboud as in twa akter. Foarspoed foar it skoft en ellinde yn de twadde helte. De earste tsien jier wie it in warbere klup, dy’t folop yn de maatskippij stie. Benammen harren wurk op middelbere skoallen soarge foar in soad good will. De twadde helte fan har bestean resultearre yn in gefjocht tusken de kreative man en de ‘gevestigde orde’. In gefjocht dat úteinlik allinnich ferliezers opsmiten hat. Wat dat betreft foldocht it oan alle easken fan in ûnferfalske tragedy.”

 

De special oer de Noorder Compagnie bestelle? Foar €6,50 stjoere wy jo it nûmer ta. In abonnemint op de Moanne kin fansels ek. De tentoanstelling oer de begjinjierren fan de Noorder Compagnie rint oant 12 maaie.

 

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels