De 8e dag van de week

EELCO VENEMA – 

Midden yn it sintrum fan Ljouwert, deun by ylústere Liwwadder lokaasjes as Zalen Schaaf en Silvia’s Sneupwinkel leit de Sacramentstrjitte. Op nûmer 24 wurdt yn in âlde teaterzaal hurd wurke oan ’De 8e dag van de week’. It stik is skreaun troch de ‘James Dean’ út Polen, Marek Hlasko. De fergeliking jildt foar sawol syn uterlik as foar syn libbenswize. Ek Hlasko is net âld wurden sa’t dat fansels by Enfant Terribles heard. ‘Live fast, die young.’ Jong wie hy ek doe’t er it stik skreau; 22 jier yn 1956. In bern fan ‘e oarloch dus en fan de Sovjet oerhearsking. Hy hat altyd sein dat de oarloch him yntelektueel beheind makke hie.

‘Hoe kin ik no in ferhaal skriuwe, dat net einiget yn dea of destruksje?’ In heftich, mar earlik sitaat. Jong wie Hlasko doe’t er it skreau, noch jonger binne de spilers: Len Pillen en Nuria Zantman fan de JTS. Sy spylje Hlasko’s personaazjes dy’t dreame fan in bettere wrâld as wêryn’t sy harren befine. Tatiana Pratley (ex-JTSer) regissearret de foarstelling dy’t we sjen kinne as lunch- of jûnsfoarstelling yn downtown Liwwadden: Sacramentstrjitte 24.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.