• 16 juni 2015

    SJOERD BOTTEMA -  Fan Elske Hindriks, alias Elske Schotanus ferskynde yn 2013 'In kop as in almenak'. Yn juny 2015 krige it boek, neist 'Littensener merke' fan Ale S. van Zandbergen en 'Einum' fan Koos Tiemersma, in plak op de shortlist foar de Gysbert Japicxpriis 2015. “Dêr is it winkeltsje fan frou Jongsma. Brune beannen, grouwe earten en sûker wurde út potten en blikken yn papieren kladden skept en ôfwoegen.” [...]

  • 26 januari 2015

    SJOERD BOTTEMA -  Gerke is gek op auto’s. Dêr wit er alles fan. Hy hâldt in selsmakke autoplakboek by. Ynstee fan in ferhaaltsje foarlêze stelt mem him jûns foar it sliepen gean in pear fragen út syn autoplakboek. Sels wit mem niks fan auto’s. En Gerke syn heit noch minder. Mar dy ynteressearret him nergens foar. Allinne mar foar fiskjen. Mei in stom fiskersboatsje mei [...]

  • 25 december 2014

    SJOERD BOTTEMA -  Harke Bremer en Jarich Hoekstra ha mei in rige Fryske Bommeloersettingen harren namme foar ivich byskreaun yn ’e earegalerij fan ’e Fryske literatuer. “Knorrig ontsteeg hij aan het voertuig en monsterde het uithangbord”; yn de oersetting fan Bremer en Hoekstra klinkt it hast noch moaier as yn it orizjineel: “Noartlich joech er him oerein út it reau en skôge it hingelboerd”. Hichtepunt [...]

  • 22 oktober 2014

    SJOERD BOTTEMA -  Yn 1995 ferskynden de Frysktalige edysjes fan seis dieltsjes út de Kameleonrige. De teller stie doe op 61 dielen en 12.5 miljoen ferkochte eksimplaren. Yn de jierren dêrnei binne der noch fiif Nederlânsktale edysjes ferskynd en fjouwer Frysktalige. Yn 2003 waard it earste diel, De schippers van de Kameleon ferfilme en yn 2005 kaam der in twadde Kameleonfilm. Fan 2005 ôf ferskynden [...]

  • 11 augustus 2014

    SJOERD BOTTEMA -  Fryske misdieliteratuer: Rink van der Velde (2) Yn Smoarge grûn fan Rink van der Velde binne wy bedarre yn in wrâld dêr’t gangsters it foar it sizzen ha. Klaas Vogelzang, de grûnlizzer fan Smith Investments, divisy Cleaning and Recycling, krijt it oan de stok mei drs. Joseph de Hondt, ‘general manager’en de feitlike baas fan Smith Investments, as er him drok makket [...]

  • 12 juli 2013

    SJOERD BOTTEMA -  Fryske misdieliteratuer: in anonime skriuwer Yn 1948 ferskynt in sa op it each tin boekje, mar it binne dochs noch 191 siden, mei op it fierder keale omslach – gjin titel of skriuwersnamme – in beskieden ôfbylding fan in mantsje op klompen, pet op en piip yn ’e hân. Dat mantsje is ‘Stille Bouke’. Dy namme en kwalifikaasje foarmje tagelyk ek ienfâldichwei [...]

  • 7 maart 2013

    De twadde Moanne Live fan dit jier wurdt holden op tiisdei 12 maart. En ditkear stean op it poadium fan de Moanne: Sjoerd Bottema en Bouke van der Hem. Oer streekliteratuer, it neisyngronisaasje-effekt, wrâldboargers, stêd en plattelân, Nederlanners, Belgen, Friezen en Turken, Nij Beets en New York, Frysksinnigens, de Fryske Beweger, de Tokkys, hurdfytsers en bûtersmokkelers, Marktplaats.nl, oarloch, echte helden, krúswurdpuzelje, leafde foar de twasylinder, motorcampings, Yndyske [...]

  • 23 december 2011

    Om ek ris in kear net hielendal braaf oan ’e leie te rinnen, ha ik by myn ôfskie fan skoalle in resepsje wegere en ynstee dêrfan myn kollega’s as útsetter – ûnder dy titel hie ik in skoftsje in fêste rubryk yn it personielsblêd – in bondeltsje mei dwerse stikken en stikjes oanbean. By de redaksje fan de Moanne fûnen se it wat suterich om [...]

  • 18 november 2011

    It begryp ‘design’ hat in bysmaakje: eksklusyf, orizjineel, kwaliteit. In bysmaakje dat ek wol ‘goede smaak’ neamd wurdt. Yn alle opsichten it tsjindiel fan it mishipte monstrum dêr’t Rein Hofstra him yn it Swettenûmer fan de Moanne wakker oer opwynt: it nepkastiel fan Mantgum. Dat is oan alle kanten fout. It ûntwerp is basearre op in ûnbetroubere tekening fan it oarspronklike gebou. Dy tekening is [...]