Stille Bouke

SJOERD BOTTEMA – 

Fryske misdieliteratuer: in anonime skriuwer
Yn 1948 ferskynt in sa op it each tin boekje, mar it binne dochs noch 191 siden, mei op it fierder keale omslach – gjin titel of skriuwersnamme – in beskieden ôfbylding fan in mantsje op klompen, pet op en piip yn ’e hân. Dat mantsje is ‘Stille Bouke’. Dy namme en kwalifikaasje foarmje tagelyk ek ienfâldichwei de titel fan it boek. Yn nûmer 1 fan dizze jiergong hie ik wakker wille om it eroatyske geknoffel fan de speurder en syn ferloofde yn It riedsel fan Trijebulten fan Paulus Akkerman. Hielendal jierren fyftich, ek al is dat boek pas útjun yn 1986. (As ‘neilitten hânskrift’, dus it kin wol folle earder skreaun wêze.) Yn ien fan Stille Bouke syn aventoeren is der ek justjes oandacht foar de leafde. Tusken Bouke syn nicht Marijke en dûmny Leersema, de jonge frijfeint-predikant fan it doarp, bloeit wat moais op. Yntimiteiten wurde wy neat fan gewaar en foarsafier’t dêr al sprake fan is, spylje dy har ôf efter sletten doarren. It bliuwt by suggestje, en eins komt dat minder benepen oer as it mear eksplisite mar o sa sedige ôftaasten fan Herman en Foekje yn It riedsel fan Trijebulten.

Stille Bouke hat him nei in wurskum libben as timmerman en boer deljûn yn in lyts boargerhúske. Syn ienfâldige húshâldinkje wurdt berêden troch ‘nuvere Jeltsje’. Bouke en Jeltsje binne elkoars tsjinpoalen: slim en dom, swijsum en praatsiik, kalm en oerstjoer. It is in wûnder dat Bouke it by har úthâldt. De ûndertitel, “in Frysk detective-forhael”, en de foarmjouwing, 22 haadstikken sûnder titel, wekke de yndruk dat it hjir giet om ien tekst, mar it blike trije op harsels steande ferhalen te wêzen. It stramyn fan it earste en tredde ferhaal is likernôch itselde: beide ferhalen spylje har ôf yn in boerefermidden; it liket as hat ien fan de feinten fan de boer de moard op syn gewisse en it sjocht der ynearsten dan ek min foar harren út. Gelokkich mar dat Bouke yn ’e buert is. Yn it twadde ferhaal is fan in moard gjin sprake, de deade is op in natuerlike manier ferstoarn, mar it jild dat de bern ervje soene, is poater. De bern fertinke elkoar, mar Bouke komt derachter dat de dief earne oars socht wurde moat.

Jierren lyn alwer waard ik belle troch fiere famylje út Amearika, dy’t mei in stambeam dwaande wie. Oft ik ek ynformaasje hie oer Okkie Bottema. Okkie? Ik ken allinne mar in kabouter dy’t sa hyt. Okkie Pepernoot, haadfiguer yn in seary boekjes fan Leonard Roggeveen. Nei wat hinne en wer praten kaam ik derachter dat it om ‘Akke’ gong. Muoike Akke. Kaam inkeld wol ris by ús op besite doe’t ik noch sa’n jonkje wie. Letter noait wer sjoen. Allang dea, fansels. (Ja, en dêr gong it no krekt om. Wannear wie dat?) Oars as myn oare muoikes fergriemde muoike Akke, dy inkele kear dat se delkaam, gjin tiid oan kliemske praatsjes mar blafte: ‘Dat is foar dy!’ en skodde dan sûnder fierder boe of ba in tas mei snobbersguod leech. Dat fûn ik wol in aardich trekje fan muoike Akke. Fierder wie ik frijwat benaud foar har, dat ik bleau in moai ein út har buert. Dat fûn muoike Akke wol bêst, it wie har alteast net oan te sjen dat se der lêst fan hie.

Dat ek de namme Okkie werklik bestiet, is in ûntdekking dy’t ik oan Stille Bouke te tankjen ha: Okje, faam by Bouke syn broer Hessel. Se komt mar even op ’e lapen, dat der falt oer har net folle te fertellen, mar dat hoecht ek net, want goede waar priizget himsels: “Doe’t it miel behimmele wie en Okje alles opromme hie, gyng hja noch efkes mei de stofdoek by de stuollen lâns en hja seach suver in bytsje prot, doe’t Bouke ris goed mei de pook yn de kachtel omsloech, dat de jiske der nei stoude. Okje koe hiel hwat forneare, mar hja koe perfoarst net oer sok stouwen. It stof liet har nea mei rêst en as hja op ’e stoel siet, hie hja de stofdoek stéfêst oer de speake hingjen, dan hie hja dy daliks by de hân as der earne in tataest to dwaen wie.”

Bouke foarmet wat in miks tusken miss Marple en Sherlock Holmes. Lykas Holmes is er hiel yntelligint en by steat om belangrike konklúzjes te lûken út lytse oanwizings dy’t ynearsten net fan belang lykje en dy’t de offisjele ûndersikers oer de holle sjogge: troch pún readich kleure klaaispoaren, in stikje stof fan frouljusklean, in lúsjerfersprikje, spoaren fan jiske, tabakstriedsjes – allegear lytse dinkjes dy’t Bouke ‘mei stúdzje’ besjocht. En hy mei graach in piip roke, krektlyk as Holmes. De personaazjes reizgje geandefoets of mei tram of koets; auto’s en ek fytsen wurdt hielendal net oer praat; it liket der dêrom op dat de ferhalen situearre wurde moatte oan’e ein fan de 19e of it begjin fan de 20e ieu, de tiid fan Holmes dus. Mar Bouke is in doarpsmantsje, in brave boarger op jierren en Holmes in grutsteedske wrâldboarger, in angry young man, in autistyske eksintrikeling. Bouke jout him del mei de krante, Holmes spilet fioel en snúft kokaïne. Fandatoangeande hat Bouke mear wei fan Jane Marple, in dame op leeftyd út in Ingelsk doarpke, en dan fral sa’t har karakter stal jûn is troch Joan Hickson yn de BBC-searje dy’t tusken 1984 en 1992 makke waard: de stille kant neist, kalm en evenredich, sabeare ûnnoazel (plysje-autoriteiten dy’t har net kenne, sjogge earst altyd op har del) en tige beskieden (se lit de offisjele speurder royaal mei de eare strike); stik foar stik eigenskippen dêr’t Bouke ek foar stiet.

Fan it úttekenjen fan karakters of relaasjes tusken personaazjes is net of amper sprake. De ferhalen draaie hielendal om it útplúzjen fan de misdie. It grutste mystearje is trouwens noch hyltyd net oplost: wa is de skriuwer fan it ferhaal? Neffens de útjouwer “in pleatsforfangend kantonrjochter, dy’t lykwols syn namme net neamd ha wol.” Wie er bang foar de reaksjes fan syn kollega’s, dy’t der yn it ferhaal net al te bêst ôfkomme? Of tocht er dat syn alter ego, skriuwer fan simpele boekjes foar in breed publyk – “Doe’t dit forhael as feuilleton forskynde yn it Boalserter Nijsblêd, waerd de krante nea sa lêzen as doe” – ôfbrek dwaan soe oan syn status as rjochter? It antwurd op dy fragen leit noch hyltyd iepen. Dat soe Bouke ris útsykje moatte.

Comments
Ien reaksje oan “Stille Bouke”
  1. Willem Haanstra schreef:

    Sjoerd,

    Ik heb nooit anders geweten dan dat ‘Stille Bouke’ een creatie van E.S. de Jong was.
    Hij vertelde me ooit dat het zijn eerste, naoorlogse, poging was een gemystificeerd verhaal op papier te zetten. Het was daarmee de voorloper van diverse boeken en artikelen die E.S. onder een schuilnaam schreef (zie ook ‘De Beul van Bolsward’).
    Wie de geheimzinnige vervangend kantonrechter opvoert, zoals door de uitgever aangegeven, is me een raadsel.
    Dat de vervolgserie destijds in het Bolswards Nieuwsblad een breed publiek aansprak, lijkt me stug. De reacties bleken niet erg enthousiast.
    Mooi artikel, trouwens, hierboven!

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.