Smaak

Publisearre op 18 november 2011

It begryp ‘design’ hat in bysmaakje: eksklusyf, orizjineel, kwaliteit. In bysmaakje dat ek wol ‘goede smaak’ neamd wurdt. Yn alle opsichten it tsjindiel fan it mishipte monstrum dêr’t Rein Hofstra him yn it Swettenûmer fan de Moanne wakker oer opwynt: it nepkastiel fan Mantgum. Dat is oan alle kanten fout. It ûntwerp is basearre op in ûnbetroubere tekening fan it oarspronklike gebou. Dy tekening is ek noch ris ferkeard ynterpretearre. De foarm fan it bousel doocht net, de konstruksje likemin en der binne ferkearde materialen brûkt.

Dat soks boud wurde mei, kin men de skouders oer ophelje: frijheid – blijheid. Rein Hofstra neamt dat de ‘blijheid fan it ûnferstân’ en de ‘frijheid fan de minne smaak’. Dat is moai sein, foaral dy ‘blijheid’ en dat ‘ûnferstân’, want dêr giet nettsjinsteande alle argewaasje fan Rein Hofstra wat posityfs fan út: dat men earne bliid mei wêze kin, ek al hat men der gjin ferstân fan, sterker noch: krekt dat ûnferstân makket lokkich. Earne ferstân fan ha, dêr wurdt men lykwols net altyd blider fan. Dan sjocht men al gau fan alles en noch wat dat de toets fan de krityk net trochstean kin en dat jout dan wer argewaasje.

No is argewaasje ek wol wer wat moais, fansels. It smyt bygelyks moaie stikjes op, lykas dat fan Rein Hofstra. En myn goede smaak hat him yn ‘e rin fan ‘e jierren dusdanich ûntwikkele, dat ik my hielendal yn syn oardiel fine kin: “dat hûs en hiem soks goedkart, dat sa’n gemeente ek noch fergunning jout” – temear omdat dy argewaasje in pleister is foar myn eigen lytsboargerlike rankune fanwege it feit dat datselde Hûs en Hiem en dyselde gemeente Littenseradiel gjin tastimming jaan woene foar in lyts lullich útwreidinkje fan ús dakkajút, ek net nei in yngeand beärgumintearre heger berop. (De kosten fan de oanfraach – 140 euro – koe ik nei fluitsje.)

It soe my neat net fernuverje as ús mem it Mantgumer kastiel in moai gebou fûn hie. En as dy bouwerij yn ‘e jierren fyftich fan de foarige ieu syn beslach krigen hie, doe’t ik mei har troch de keuken dûnse op it earste grammofoanplaatsje dat wy tegearre kocht hiene – Hou je echt nog van mij, Rocking Billy – soe ik der grif sels ek sa oer tocht ha. Der siet my doe noch neat yn ‘e wei, ik fûn de dingen gewoan moai (of net, fansels), sûnder bygedachten oan goede of minne smaak.

Rocking Billy fyn ik trouwens noch altyd in prachtich nûmer, goede smaak of net. Billy is mei it jild fan syn faam foarútreizge nei Amearika om dêr in fabrykje yn leverpastei te begjinnen. Dêrnei hat er net wer fan him hearre litten. It begruttet jin ta de teannen út foar sa’n fanke. Mar se hâldt har flink. Niks gjin geskriem, se besjongt har lijen fleurich en blier, yn in pittich tempo. Of soe se net better witte en noch altyd op Billy fertrouwe? De ‘blijheid fan it ûnferstân’? Nee, sjit my ynienen yn ’t sin: “Heus, ik twijfel nou toch wel een beetje, ’t is zo eenzaam op de boerderij.” Dat moed hâlden tsjin better witten yn, moai is dat. En dy leverpastei fyn ik ek prachtich.

Leverpastei. Om it wat cachet te jaan wurdt it ek wol ‘pâté’ neamd. Cachet, dêr hiene se op it Buytenhof, in lúkse B&B yn Zweeloo, in noas foar. By it ontbijt waard ús in glês mei ‘druiven, hangop en gekarameliseerde kruimels’ foarset, om’t de eigneresse har oait foarnommen hie “geen ei bij het ontbijt te serveren. Dat krijg je overal. Ik maak er graag meer werk van.” Net samar wat neibauwe, mar sels wat betinke. Eksklusyf. Orizjineel. Kwaliteit. In design-ontbijtje, sis mar.

Dy B&B wie in ferboude pleats. ‘Het Buytenhof’ hjit it dêr dus tsjintwurdich. In namme en in stavering dy’t nei alle gedachten krektlike nepperich binne as it kastiel by Mantgum. Mar fierder: alles oan dat gebou is goed. De Ljouwerter Krante skreau dan ek entûsjast: “De inrichting is, net als de verbouwing, prima geslaagd.” Ien foarbyld: “De muren van de slaapkamer zijn off-black, net als de deuren van het volledig ingerichte keukentje.” Off-black, as ûnferstân geane my de eagen der net fan iepen, mar de kenner fearret der even fan op.

De eigners, Henk en Simone, binne allesbehalve ûnferstannen: “Beiden hebben een opleiding aan de hogere hotelschool achter de rug.” De hegere hotelskoalle, dan witte je it wol: een glas gevuld met druiven, hangop en gekarameliseerde kruimels. Dat se jin soks doare foar te setten, kin men de skouders oer ophelje: frijheid – blijheid.  De blijheid fan it fine tonkje, de frijheid fan de fijnproever. Okee, mar se moatte my myn aaike by it ontbijt net ôfpakke.

Sjoerd Bottema

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels