In feestje foar de lêzer      

SJOERD BOTTEMA – 

Harke Bremer en Jarich Hoekstra ha mei in rige Fryske Bommeloersettingen harren namme foar ivich byskreaun yn ’e earegalerij fan ’e Fryske literatuer. “Knorrig ontsteeg hij aan het voertuig en monsterde het uithangbord”; yn de oersetting fan Bremer en Hoekstra klinkt it hast noch moaier as yn it orizjineel: “Noartlich joech er him oerein út it reau en skôge it hingelboerd”.

Hichtepunt yn dy rige is de oersetting fan De grauwe razer. De titelfiguer kin allemachtich skelle en rache en hat dêrby in yndrukwekkend fokabularium ûntwikkele; prachtige wurden, dy’t yn De grize grauwer (sa’n titel allinnich al, wat in fynst!) allike orizjineel oerset of ferfongen binne troch Fryske ekwivalinten: âld treppot, âldwapper, bitebrieder, bitekroader, deafet, ôfblaasd deafet, opgnist deafet, diggelstút, healbiis, opstotske healbiis – no ja, ik moat ophâlde (mar ik ha it al even foar jim neiteld: it giet om in goeie 50 wurden).

Ek yn harren skriuwersdebút Hâld faasje is Toonder rejaal oanwêzich. Mar dat net allinnich. Aldfrinzige wurden wurde ôfwiksele mei modern jargon en dat jout gauris moaie kontrasten.

Dyselde miks is typearjend foar Leffert, ‘in heldedicht yn tolve sangen’. In nij elemint dêryn is it rym.

 

Bremer en Hoekstra lûke alle wurdregisters iepen.

 

Leffert is de âldste soan fan Sake – “hy wie in smid lykas syn pake” – en Akke – “dy koe omraken pankoekbakke”. Ja, it rimet dat it sta seit yn it ‘heldedicht’ fan Harke Bremer en Jarich Hoekstra. ‘Fan-en-ta’ rimet op ‘sinesappelbavarois’, ‘gruttens’op ‘buttons’, ‘gek! gek! gek!’ op ‘gegekoanstek’, ‘noasreduksje’ op ‘liposuksje’ en ‘in boek ha’ op ‘bazooka’. Geregeld wurdt in fersrigel ôfbrutsen midden yn in wurd om dy rigel rymje te litten op de foarige of folgjende: “… (hy) stekt ien finger yn ´e tsjettel / en âlet as in heavy metal- / sjonger”. En yn ‘op 5°30´ E.L.’ moat de haadletter L lêzen wurde as ‘ling’ ynstee fan ‘lingte’: “… op 5°30´ E.L. / -te mank it leechfean op in kling.” Kampioene op dit mêd is trouwens noch altyd Lysje Webbelaar yn Woutertje Pieterse fan Multatuli: “De kat viel van de trappe, / myn vader verkoopt aardappe- / len en uyen.”

It ferhaal spilet him ôf yn de 8e ieu en dus brûke de skriuwers, lykas wenst yn de midsieuske literatuer it saneamde ‘vierheffingenvers’ mei yn elke fersrigel fjouwer ‘heffingen’, fjouwer wurden of wurdlidden mei klamtoan ôfwiksele mei ien of mear wurden of wurdlidden sûnder klam. Bremer en Hoekstra hâlde boppedat fêst oan in strak metrum: in wurd(lid) sûnder klam wurdt hyltyd folge troch in wurd(lid) mei klam. “De zers wolle leafst in boek ha / dêr’t in kommando mei bazooka / in tankbemanning opblaast en / dan eintsjefuorret mei de bern.”

Yn “Riiswert leit op, sa’t jim wol witte, / 52°30´ N.B.” is ‘sa’t jim wol witte’ in ‘stoplape’, in ynhâldsleaze passaazje dy’t inkeld tsjinnet om de rigel fol te krijen en rym en metrum geande te hâlden; mar dat is hjir gjin beswier, want it is ûnderdiel fan de parody: yn midsieuske teksen wurde sokke stoplapen geregeld brûkt.

Bremer en Hoekstra lûke alle wurdregisters iepen. Argaïsmen en modernismen dûkelje oer elkoar hinne. It 8e ieuske ferhaal stiet fol mei anagronismen as ‘sinesappelbavarois’, ‘buttons’, ‘liposuksje’, ‘bazooka’, heavy metal’, ‘3D’, ‘special effects’, ‘biobuorkjen’, ‘iphone’, ‘monumintesoarch’, ‘Benidorm’, ‘megaparty’, ‘Hema’, ‘milk’, ‘Delial’, ‘frisbee’ en gean sa mar troch, mar ek mei skitterjende juwieltsjes út de stoffige úthoeken fan it geef Frysk, lykas wy dat fan Bremer en Hoekstra wol wend binne: ‘sibben’, ‘rykrakfyts’, ‘swide dieden’, ‘aldertigenst’, ‘bealgerij’, ‘ynmoedich’, ‘rynsk’, ‘dichtersmea’, ‘broazelich’, ‘in guds’, ‘jit’, ‘hoarnwiif’, ‘toar’, ‘proastich’, ‘nuet’, ‘in inter’, ‘peazgje’, ‘hean’, ‘breinroer’, ‘skansearre’, ‘ferrinnewearre’, ‘betsjen’, ‘tate’, ‘deizen’, ‘slynsk’, ‘douk’, ‘pizel’, ‘jamk’, ‘partelot’, ‘stalke’ ensf. ensf. Wat by oaren soms rûkt nei de kaanferballen fan stringe skoalmasters dy’t de poat op it mêd fan it Frysk stiif hâlde, is by harren klearebare spielerei, jonglearjen mei âld boartersguod. Ien fan de topstikken yn dat snypsnarekabinet is ‘rearikke rierreljirre’, mei in steapeling fan tsjustere betsjuttingen en rôljende alliteraasje. Rôlje, rôlje, Fryske r. Folslein bekbrekkend foar brijkers, lykas ek it binnenrym (‘rierre’moat útsprutsen wurde as ‘rjirre’).

De skriuwers roppe geregeld Brage oan. Dêr sil de Noarske dichtersgod Braga mei bedoeld wêze. Miskien wolle de skriuwers ek ferwize nei it 19e ieuske tiidskrift Braga, “tijdschrift heel in rijm”, dat de gek hie mei de romantyske literatuer en foar it grutste part fol stie mei pastiches en parodyen. Op deselde manier begekje Bremer en Hoeksta it midsieuske ridderferhaal. En oare tradisjonele sjenres. Mearke-eleminten binne bygelyks de muoikes dy’t op poppebesite komme. Dêr sit altyd wol in boaze fee tusken dy’t it op de lytse foarsjoen hat en him/har ûnk en wee foarseit. Fandatoangeande hat de titel- en haadfiguer yn Leffert it wol hiel min troffen. Syn tolve muoikes ha allegear it smoar yn om’t se net noege binne foar de poppeslok en sprekke ien foar ien in ferflokking oer him út. Sa rekket it jonkje oanklaud mei in bargesnút, skilige eagen, in wilich spultsje, aambeien, in dripnoas, steden om ’e lippe, in net te sêdzjen honger, it ferstân fan in ko, in blastich drankliif en in lege beurs. Boppedat sil er nea ris in broek fine nei ’t sin en noait krijt er hier om ’t kin. Tolve ferflokkingen, kom dêr mar werris ôf. Gelokkich is der ek noch, lykas wenst, in goede ‘fee’, yn de persoan fan omke Thiadrik, dy’t wit hoe’t der in ein oan de ellinde komme kin: Leffert sil in prinsesse moetsje en at sy him tutet, is it dien mei de tolve flokken. De muoikes skuorre har de bûsen út: “Wa blaait no op in bargesnút?” Mar dochs jout it hope foar de takomst. En omke Thiadrik hat noch mear goed nijs: Leffert komt skielk op Fryslâns troan.

 

Wylst it âlde Fryslân yn ’e nederklits rekket, kin foar Leffert en Welmoed it feest begjinne. De lêzer hat syn feestje dan al hân. Want dat is it, it lêzen fan Leffert: in feest.

 

Oan it begjin fan syn reis nei Utert, de oarde dêr’t kening Redbad tahâldt, moetet Leffert twa froulju. It binne typysk midsieuske personifikaasjes fan minslike deugden en ûndeugden. De iene hyt fan Nocht en Wille en komt “fan ’t brûzende Esonstêd”. Dêr wachtsje Leffert allerhande setsjes en pretsjes. De namme fan de oare frou is Deugd en Eare. Har wei fiert nei Starum en dan oer de Iselmar. It is in drege wei mei allerhande ûnheil en ûngemak. Mar oan ’e ein fan dat drege paad winkt in gouden takomst.

Nei trije dagen reizgjen berikt Leffert Starum. “Starum lei dêr no swiid foar har: / dêr wie de timpel, wijd oan Stavo, / en dêr de Kening-Redbad-Mavo”. Mei in âld en gammel skip fart Leffert de Iselmar op. It skip wurdt oerfallen troch in stoarm. Sa’t dat by helden út oerâlde tiden wol faker it gefal is, nimt Leffert noch rêstich de tiid foar in wiidweidige retoaryske bespegeling. “Trije kear lokkiger is hy / dy’t yn it âldershûs en by / syn freonen en syn leave sibben / de ein besile mei fan ’t libben, / yn ’t doarpke dêr’t syn widze stie, / dêr’t er alear nei skoalle gie, / dêr’t er de âlde sankjes learde / en yn ’e sleatswâl onanearde. / Fjouwer kear leaver as yn ’t hêf / fûn ik yn Riiswert no myn grêf, / dêr’t dan myn neisten stees har kommen / hienen mei jitters en mei blommen,” klaget er – Ritske Numan uncensored – as it skip op it punt stiet om te fergean.

En lykas yn it ridderferhaal moat de held trije opdrachten folbringe foar’t er de dochter fan de kening trouwe mei. Set dat ‘held’ trouwens mar tusken skrapkes, want de haadfiguer – syn namme wiist ek al in hiel oare kant út – is mear in held op sokken. De kastanjes wurde út it fjoer helle troch de bisten dy’t Leffert om him hinne sammele hat. Uneaglike skarminkels mei nammen allike sprekkend as dy fan harren baas: Bang, Blea en Eang. In skiterich hûntsje, in meager hynder en in hauk dy’t yn ’e loft it roer net rjocht hâlde kin. De help dy’t se Leffert biede, hat mear te krijen mei gelok as wiisheid. Helden binne yn it ferhaal fier te sykjen. Kening Redbad wurdt ferlike mei in wethâlder Terpstra, dy’t as listlûker belooft de oanlis fan in snelwei te kearen om’t dy bedriigjend is foar de biotoop fan de ‘setabever’, mar “hat er syn wethâlderssit, / dan docht er gau de earste spit”. En Redbad dus “wie yn ’e polityk / wethâlder Terpstra net wanlyk.” Redbad hat Leffert betrape mei syn dochter: “‘Hast mei Welmoed sliept?’ / Leffert wie dêroer tige iepen: / ‘Wy dienen ek wol mear as sliepen.’ / ‘Wat dan? ‘ sei kening Redbad dreks. / ‘No, pizza-ite en wat seks.’” Dy gearfetting ‘wat seks’ foar in orgy dy’t sân dagen duorre hat, liket my in typysk Frysk understatement.

Oan ’e ein komt it fansels noch ta in konfrontaasje mei de grutste smjunt fan it ferhaal. Dy hat Welmoed ûntfierd en hâldt har finzen op syn kastiel. In ûnnimbere fêsting. Is men ienkear binnen, dan komt men der noait wer út. In draak hâldt dêr de wacht. Mar wat wol no it tafal: Leffert en de draak binne âlde kunde. It meunster is destiids yn ’e omkriten fan Riiswert út syn aai krûpt en seach Leffert, dy’t der op ’e noas by stie, foar syn mem oan. (“Bliid wraggelt er op Leffert ta / en wol fuortdaalks in krûpke ha.”) Leffert brânde him doe raar de knibbels en jage it ûndier fuort. In sneue boel, want it draakje wist noch amper hoe’t it fleane moast. (“It wie no just gjin lust foar ’t each, / ’t like nei fleanen, mar it fleach.”) De draak is it allegear noch net fergetten en hâldt syn mem, al hat se him destiids net moai behannele, noch altyd heech.

De prinsesse, Leffert, syn hûntsje, syn hynder en syn hauk, allegear witte se te ûntkommen troch in lyts doarke. Dêrachter is in glydsbaan en oer dy baan roetsje se nei in oare tiid. Sa komt der fan omke Thiadrik syn twadde foarsizzing – Leffert op Fryslâns troan – fansels neat terjochte. Mar dat sil de kandidaat yn kwestje – en ús ek – woarst wêze. Wylst it âlde Fryslân yn ’e nederklits rekket, kin foar Leffert en Welmoed it feest begjinne. De lêzer hat syn feestje dan al hân. Want dat is it, it lêzen fan Leffert: in feest.

 

Harke Bremer en Jarich Hoekstra, Leffert, in heldedicht yn tolve sangen, Bornmeer 2013

Comments
Ien reaksje oan “In feestje foar de lêzer      ”
Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.