De mars fan Meindert

SJOERD BOTTEMA –  Op it omslach in foto fan de skriuwer as jonkje fan in jier as sân. Knibbelhoazzen, heech en net hielendal rjocht oplutsen knûkelige koarte broek mei galgen, in breiden pulloverke en yn kontrast mei dy wat suterige koarte broek in wyt besgroentsje mei strik. “Hy stiet op ‘e startline,” sa bekommentariearret de skriuwer […]

Ivige rom

SJOERD BOTTEMA –  Fan ’t simmer ferstoar de dichter Hans Vlek, tweintich jier nei it ferskinen fan syn lêste bondel. In grut part fan syn libben reizge er hinne en wer tusken ferskillende psychiatryske ynrjochtingen. Yn 2001 waard in dokumintêre oer him makke, dêr’t er him geregeld yn oerjoech oan ûnfersteanber mompeljen en tsjustere assosjaasjes. […]

De kruikenruiker

SJOERD BOTTEMA –  De bedrijven die ons land groot maakten (Gerjan Heij, Terra 2010) is in nostalgysk fotoboek dat in oersjoch jout fan bedriuwen en merken oant en mei de fyftiger jierren fan de foarige iuw. Foar wa’t yn de fyftiger (en sechstiger) jierren opgroeide, is it trochblêdzjen in feest fan werkenning. Sa komt yn […]

Ofstân nimme mar net ôfstannelik 

SJOERD BOTTEMA –  Henk van der Veer skriuwt yn trije talen: Snitsers, Frysk en Nederlânsk. It Snitsers is de taal fan syn hert. “Als ik emotioneel word, ga ik over in het Snekers.” It Frysk hat er oanleard. “Fries is voor mij een werktaal, die ik op school gebruik en tijdens het interviewen van schippers […]

Lok en leed yn Einum

SJOERD BOTTEMA –  Yn it djippe suden fan Kanada stiicht in fûgeltsje op foar de tocht oer de see, nei it fêstelân fan Europa, in reis dy’t syn einbestimming fynt by, of all places, it Einumer Wiel, in kwelderdobbe yn ‘e omkriten fan Einum, in buorskip yn in ferlitten úthoeke fan noardlik Fryslân. It is […]

Dûbel feest

SJOERD BOTTEMA –  De Fryske boeke-aksje Swalk duorret fan 11 oant 20 septimber. Swalk docht ferskillende plakken yn Fryslân oan mei in teaterprogram fan Dette Glashouwer (fan Suver Nuver), muzyk fan it trio Wiebe Kaspers en as gast(en) ien of twa skriuwers. Yn dyselde wike kriget men by oankeap fan in Frysk boek De ferjilder […]

Famyljeberjochten

SJOERD BOTTEMA –  Wa’t geregeld de famyljeberjochten yn de Ljouwerter Krante lêst, soe fan tinken wol ha kinne dat de Friezen dwaande binne rap út te stjerren. Alle dagen tilt it op fan de rouadvertinsjes, wylst fan berte-advertjinsjes elk spoar ûntbrekt, útsein in hantsjefol yn de sneonskrante. De tekst fan dy advertinsjes wykt komselden ôf […]

Fjoerproef

SJOERD BOTTEMA –  Yn de midsieuwen lieten se fertochten fan in misdriuw oer in rige gloeiende ploechskjirren rinne. Se mochten de sokken derby oanhâlde, dat wol: de fertochte moast him melde ‘mit syne socken, ende da schere in da tzierka to gane.’ Yn ’e tsjerke, want it giet hjir om in Godsoardiel. In inkeling hold […]

Van oude mensen, de dingen die voorbijgaan

SJOERD BOTTEMA –  Fan Elske Hindriks, alias Elske Schotanus ferskynde yn 2013 ‘In kop as in almenak’. Yn juny 2015 krige it boek, neist ‘Littensener merke’ fan Ale S. van Zandbergen en ‘Einum’ fan Koos Tiemersma, in plak op de shortlist foar de Gysbert Japicxpriis 2015. “Dêr is it winkeltsje fan frou Jongsma. Brune beannen, grouwe earten en sûker wurde […]

Gekheid mei in serieuze ûndertoan    

SJOERD BOTTEMA –  Gerke is gek op auto’s. Dêr wit er alles fan. Hy hâldt in selsmakke autoplakboek by. Ynstee fan in ferhaaltsje foarlêze stelt mem him jûns foar it sliepen gean in pear fragen út syn autoplakboek. Sels wit mem niks fan auto’s. En Gerke syn heit noch minder. Mar dy ynteressearret him nergens […]

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.