Gekheid mei in serieuze ûndertoan    

SJOERD BOTTEMA – 

Gerke is gek op auto’s. Dêr wit er alles fan. Hy hâldt in selsmakke autoplakboek by. Ynstee fan in ferhaaltsje foarlêze stelt mem him jûns foar it sliepen gean in pear fragen út syn autoplakboek. Sels wit mem niks fan auto’s. En Gerke syn heit noch minder. Mar dy ynteressearret him nergens foar. Allinne mar foar fiskjen. Mei in stom fiskersboatsje mei in oanhingmotorke fan 2 pk. As heit Gerke op bêd bringt (allinne as mem net thús is), stelt er net in fraach út Gerke syn boek, mar betinkt er sels ien. In stomme, skytmaklike fraach, want hy wit hielendal neat fan auto’s. Gerke hat skjin syn nocht fan syn heit. Hy wol in nije heit. Op syn jierdei bygelyks. Dan hoecht er fierder gjin kadootsjes. Mem seit dat se der oer neitinke sil. De oare deis ha se it der ûnder it moarnsiten noch even oer. It docht bliken dat heit gjin idee hat wannear’t it Gerke syn jierdei is. Dat makket dat Gerke der no hielendal wis fan is: hy wol in oare heit. Ien dy’t in soad fan auto’s wit en sels ek in moaie auto hat.

 

In nije heit is net in dreech ‘probleemboek’ wurden oer fersteurde relaasjes yn in brutsen húshâlding, mar lit him lêze as gekheid mei in serieuze ûndertoan.

 

Gerke is de haadfiguer yn In nije heit fan Thys Wadman. Hoe âld soe Gerke eins wêze? Ofgeande op it feit dat er foar syn jierdei oan syn mem in nije heit freget, tinkt men oan in beuker fan heechút in jier as fiif. Aldere bern witte wol dat it sa net wurket. Mar nee, Gerke sit op skoalle minstens yn groep seis, groep 5 hat er teminsten al hân, docht bliken: doe fûn er it noch wol fijn as mem in ferhaaltsje foarlêsde, mar dêr fielt er him no te grut foar. Ynstee dêrfan stelt mem him no jûns in pear fragen ut syn autoplakboek. Sa’n fanatike ynteresse yn auto’s, dat soe foar in jonkje fan fiif noch wol kinne – it earste wurdsje fan ús jongste wie destiids ‘to’ en wat er dêrmei bedoelde, bestie gjin inkel misferstân oer. Mar Gerke syn kennis fan en belangstelling foar allerhande technyske details giet sa’n baaske noch fier boppe de pet. Gerke is in jier as tsien, ha ik it op, dat kloppet ek mei de (moaie) yllustraasjes fan Gerrit de Jong. Tekeningen dy’t hiel folwoeksen oandogge, foar in part fotografysk realistysk, mei in dynamyske lijnfiering (ik doch no mar even krekt as ha ik der ferstân fan). Sokke stoere tekeningen en minstens tsien jier, dan komt sa’n ferhaaltsje en sa’n fraach wol hiel bernich oer.

In nije heit dus. Op syn jierdei krijt Gerke yndie it kado dêr’t er om frege hat: neist mem op de bank sit in frjemde man. Syn nije heit. Hy hat in burd en hy rookt. Mar fierder liket er wol sympatyk. En hy wit aardich wat fan auto’s ôf. Mem seit dat se him op ynternet fûn hat. Syn foarige heit hat se fergees besocht om fia ynternet te ferkeapjen en doe mar by de kontener set.

It klinkt allegear as in grap. Dy frjemde man sil der wol spesjaal foar ynhierd wêze en it is allegear grif bedoeld as wize les foar Gerke. Mar nee. Gelokkich mar, sis ik der fuort by. Al wurdt der wol wer in berop dien op de goederleauwskens fan de lêzer: heit en mem binne echt útelkoar, sa docht letter bliken, en de lêzer moat mar aksepteare dat dy skieding sûnder merkbere omballingen en tûkelteammen ferrûn is; Gerke hat der alteast neat fan fernommen. Dat de werklikheid geweld oandien wurdt is trouwens net allinne de swakte fan it boek, mar tagelyk ek de sterkte: it hat suver in wat kabareteske sfear; de skriuwer wit sa in benearjend realisme foar te kommen. In nije heit is dêrmei net in dreech ‘probleemboek’ wurden oer fersteurde relaasjes yn in brutsen húshâlding, mar lit him lêze as gekheid mei in serieuze ûndertoan, dy’t nei de ein ta trouwens hyltyd mear de oerhân krijt. Typearjend foar dy luchtige sfear is it folgjende dialoochje tusken Gerke en syn buorfamke Laura. Gerke fertelt Laura wa’t de frjemde man yn harren hûs is: syn nije heit. “ ‘Ha ik fan ús mem krigen foar myn jierdei. Dy âlde wie neat mear. Dizze nije hjit Harm.’ ‘O,’ seit Laura en dan ite wy ús taartsje op.”

Gerke is hiel benijd watfoar auto Harm hat. Dy stiet yn in garaazje op it yndustryterrein. Dat wurdt in rare ôffaller: in âlde Opel Kadett. In Opel Kadett, dat is wol it allergewoanste fan it allergewoanste, dêr sit no echt hielendal gjin rook of smaak oan. As wy thús gewoan jirpels mei fleis en griente ieten, dan neamde myn soan – doe’t er noch yn syn autoperioade siet, en dat hat lang duorre – dat altyd ‘Opel-Kadett-iten’. Harm syn Kadett is boppedat in wrak sûnder tsjillen, in ‘opknappertje’, sa’n gebed sûnder ein dêr’t men jin fan ôffreget oft it oait noch ride sil. Fierder falt it ek allegear wat ôf mei Gerke syn nije heit: hy hat in burd, hy hat smoarge hannen, hy giet samar yn syn smoarge klean op ’e bank sitten en hy rookt yn ’e hûs.

Gerke krijt hyltyd mear syn nocht fan Harm. De twa krije sels in kear rúzje omdat Gerke oan syn mem ferklikt hat dat Harm yn ‘e hûs rookt. Gerke brânt ek noch in gat yn ‘e bank mei in sjekje dat er stikem fan Harm syn foarrie draaid hat. It liket derop dat mem en Harm flink rúzje hân ha oer dat brângat. Yn alle gefallen is Harm op in stuit ferdwûn. Ja, en dan komt der dochs wat fan in moraal yn it ferhaal: Gerke begjint syn echte heit hyltyd mear te missen. Hy besiket út te finen wêr’t er is. Wêr’t dat op útrint, wurdt net dúdlik. De ein fan it boek jout in hoopfol teken – foar wa’t dat deryn sjen wol – mar mear ek net. Yn ‘e ‘echte’ literatuer hiel akseptabel, sa’n iepen ein, mar yn in berneboek?

 

Thys Wadman, In nije heit. Utjouwerij Afûk, 96 siden. €14,50. 

Comments
Ien reaksje oan “Gekheid mei in serieuze ûndertoan    ”
Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.