Ferlern Paradys

Publisearre op 22 oktober 2014

SJOERD BOTTEMA – 

Yn 1995 ferskynden de Frysktalige edysjes fan seis dieltsjes út de Kameleonrige. De teller stie doe op 61 dielen en 12.5 miljoen ferkochte eksimplaren. Yn de jierren dêrnei binne der noch fiif Nederlânsktale edysjes ferskynd en fjouwer Frysktalige. Yn 2003 waard it earste diel, De schippers van de Kameleon ferfilme en yn 2005 kaam der in twadde Kameleonfilm. Fan 2005 ôf ferskynden acht dieltsjes yn de seary Kameleon Junior, basearre op de oarspronklike útjeften, mar skreaun foar in jonger publyk. It lêste diel yn dy seary kaam út yn 2011. Dêrnei hat it in skoftke stil west om de Kameleon hinne, mar no is der dan ek de earste stripferzy, fan de hân fan de ferneamde striptekener Dick Matena, yn in Nederlânske en in Fryske edysje.

Mei harren selsboude boat, in ôftanke opdrukker mei de motor út ‘e sloopauto fan de dokter, belibje de soantsjes fan de doarpssmid alle fakânsjes wer in aventoer op ‘e mar by it doarp. En alle fakânsjes op ‘e nij is der wer frjemdfolk dat wille hat om dy lompe bak. Mar elke lêzer wit it: de Kameleon is de sterkste en snelste boat fan hiel Nederlân. Geregeld krije de jonges in medalje foar harren goede wurken: it fangen fan boeven en it rêden fan drinkelingen. Mar it bliuwe fansels kweajonges: “ ’Het is maar goed dat ze voor al hun kwajongensstreken geen medailles hebben gekregen,’ vond moeder, `want dan had de hele kamer inmiddels al vol gehangen.’ “

De grutste metamorfoaze hat Cor ûndergongen: “Yn de doariepening fan de smidderij stie in jonge, dy’t in wyt T-shirt oan hie dêr’t de yslike kop fan in soarte fan romtemeunster op ôfbylde wie. Mei grutte, flamjende letters ferkundige it meunster: `I Love You’.”

Wat in hearlik stoffich wurd út de jierren fyftich: kwajongensstreken. Yn De schippers van de Kameleon, it earste dieltsje út de rige, tilt it op fan datsoarte nostalgysk idioom: kattekwaad, een standje krijgen, deugnieten, naar hartelust. Foar de útjouwer, Kluitman, wie dat yn de njoggentiger jierren reden om de oarspronklike boeken te ‘hertalen’. In hertaling dy’t him net beheinde ta it wurdgebrûk. Dat jildt ek foar de Fryske ferzy’s dy’t yn dyselde tiid ferskynden. Ek it hâlden en dragen fan de personaazjes, de klean dy’t se oan hiene, harren iten en drinken waarden oanpast oan de moderne tiid. De moderne Sietse en Hylke binne bygelyks minder ‘goedlachs’ wurden. 1949: “`Het werkt geweldig,’ zei Sietse en dan lachten de beide deugnieten tot de tranen hen over de wangen liepen.” 1995: “`It wurket,’ gniisde Sytse.”

Wat waard der wat ôflake yn dy goeie âlde tiid. Meastal hie dy humor te krijen mei wetter. Dat der ien yn it wetter foel of wietspuite waard. De jonges koene der gjin genôch fan krije: “De jongens proestten het uit van het lachen, toen zij mijnheer Kemper tot zijn middel in het water zagen staan.” Noch folle leuker wie it as der ien yn ‘e stront sakke: “Even zwaaide hij nog wild met zijn armen door de lucht, maar viel vervolgens achterover in de mest. De jongens gierden van het lachen.”

Wêr binne se bleaun, dy kostlike grappen? Skrast! Wa’t De skippers fan de Kameleon lêst, yn de ‘hertaalde’ ferzy, dy geane de eagen wreed iepen. De Klinkhamers geane sneins net iens mear nei tsjerke. En de buorlju ek net. Die frou Klinkhamer de wask eartiids noch mei de hân – hja hie it der smoarende drok mei, dy `apen van jongens’ hiene de klean ommers altyd smoarch – no troppet se de brot yn ‘e masine en mikt der in waskmiddel by mei ekstra aktive enzymen. Jeltsje Klinkhamer – “En om’t Jeltsje Klinkhamer gjin nocht oan itensieden mear hie, hellen Klinkhamer en syn soannen wat fan de Sjinees út ‘e stêd.” – en moeder Klinkhamer – “`Die arme ziel is helemaal de kluts kwijt,’ zei moeder. `Het kan ook nooit goed gaan als twee oude mannen samen het huishouden doen. Daar hoort een vrouw voor te zorgen!’ “ – in wrâld fan ferskil.

Vader Klinkhamer syn opfiedingsmetoaden binne ek net mear wat se west ha. As Sytse en Hylke eartiids minne sifers op skoalle hellen, dan koe it noch barre dat “vader hen daarvoor eens goed onder handen nam” en dan wie men der wis fan “dat ze de volgende keer weer goede cijfers haalden”. No wurdt der oer sifers net mear praat, slimmer noch, dy bern krije net iens sifers mear. Gjin wûnder dat de jonges thús net mear om sizzen jaan wolle: “`Sil ’t noch wat wurde?’ frege se. `Utklaaie, ha ‘k sein!’ `Ja, jawis,’ reagearre Sytse. Hy hie goed de smoar yn en die mei opsetsin hiel stadich de klean út.” Dat gong eartiids hiel oars: “`Vooruit, naar jullie kamer!’ commandeerde moeder boos. De jongens vlogen de trap op en kropen vlug onder de dekens.”

Mar de grutste metamorfoaze hat Cor ûndergongen, it jonkje út ‘e stêd, dat by de buorlju útfanhûzet: “Yn de doariepening fan de smidderij stie in jonge, dy’t in wyt T-shirt oan hie dêr’t de yslike kop fan in soarte fan romtemeunster op ôfbylde wie. De eagen stiene op stâltsjes en út de gnizende bek sipele in tin strieltsje bloed. Mei grutte, flamjende letters ferkundige it meunster: `I Love You’.”

Men kin jin ôffreegje hoe’t Hotze de Roos – hy ferstoar yn 1991 – oer sokke fratsen tocht hie. Gelokkich fynt Matena, sa jout er oan yn in ynterview mei Ate Grypstra (de Moanne, nr. 5), it essinsjeel om hiel ticht by it orizjineel en yn de geast fan de skriuwer te bliuwen. De sfear moat oanfiele as dy fan likernôch de jierren fyftich, lit er witte yn itselde ynterview. En dus drage Sytse en Hylke yn de strip wer gewoan in overal en rinne se op klompen, se drinke wer ranja ynstee fan kola en op de mar is net in wetterskyer of planksiler te bekennen en fan alle moderne gemakken út de hertaalde edysjes – in triedleaze telefoan, in CD-spiler, in spultsjecomputer, in draagbere tv – gjin spoar. Klinkhamer nimt net langer syn taflecht ta leffe, softe bestraffingen – bûsjild ynhâlde – as syn jonges wat útfretten ha, mar smyt se wer gewoan yn in bak mei kuolwetter. En Cor, Cor is wer de Cor sa’t Hotze de Roos him oarspronklik foar eagen hie: “Cor droeg heel nette kleren, glimmende schoenen, een keurige broek en had een blauw geruit jasje aan. Zijn haar was strak in een scheiding gekamd.”

Wer werom by it âlde. Of net? Matena ferwachtet hiel wat krityk fan de wiere Kameleonadepten. “Ze houden van zo’n boek en hebben de setting en de karakters op een bepaalde manier in hun hoofd zitten,” seit er yn it ynterview. Wat te tinken fan Evert Klinkhamer bygelyks. Matena hat him in fikse snor, in dito burd en in bosk wielderich hier oanmetten en dêrmei liket de man mear op in profeet as op in doarpssmid. Yn de fyftiger jierren kamen burden en snorren hast net foar, al hielendal net by de ‘gewoane’ minsken, soks wie foarbehâlden oan keunstners en sa. De boerefeint Gerben Zonderland is trouwens lang sa dom net as er der by Matena útsjocht. En sokke ûnbidige motorkrusers en syljachten as dy fan Matena syn wetterrekreanten farden der yn de fyftiger jierren noch net folle op de Fryske marren. De ûnrêstige blêdspegel (kaders yn hyltyd wikseljend formaat, minime wytmarzjes, in gauris frijwat donker en sis mar absolút net idyllysk kleurepalet) soarget wol foar dynamyk mar ropt no net daliks in nostalgyske sfear op. Matena liket him dat sels ek wol bewust. “Eigenlijk vind ik dat zo’n strip om een meer romantische tekenstijl vraagt,” jout er ta yn it ynterview mei Ate Grypstra. Yn dat ferbân ferwiist er dan nei de nostalgryske tekenstyl fan Jetses. “Ja, dat zou pas echt fantastisch zijn geweest, als hij deze strips had kunnen doen.” En sa is it. De wrâld fan Hylke en Sytse Klinkhamer bliuwt in ferlern paradys.

 

De skippers fan de Kameleon, troch Dick Matena, nei it boek fan H. de Roos; Kluitman, Alkmaar; Afûk, Ljouwert; 2014

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels