De Blauwe Mauritius

Publisearre op 23 december 2011

Om ek ris in kear net hielendal braaf oan ’e leie te rinnen, ha ik by myn ôfskie fan skoalle in resepsje wegere en ynstee dêrfan myn kollega’s as útsetter – ûnder dy titel hie ik in skoftsje in fêste rubryk yn it personielsblêd – in bondeltsje mei dwerse stikken en stikjes oanbean. By de redaksje fan de Moanne fûnen se it wat suterich om dy stikjes “allinnich tusken in pear skeamele nytsjes te hâlden” en kamen se mei it royale oanbod om der in ‘e-pub’ fan te meitsjen, in hiele eare fansels, of sa’t ien fan de redaksjeleden it ûnder wurden brocht: “Do as earste fan de âlde nuten ûnder de Fryske skriuwers as e-pub beskikber, soks giet eins jins ferstân te boppe, is’t n’t sa?” Understeande tekst is bedoeld om jim op ’e smaak te bringen. Op de Moanne-website is de hiele ‘útsetter’ foar elke besiker te downloaden. Ek foar besitters fan ‘tablets’, sa is my fersekere.

snie pranget lân
yn albasten foarmen
en beammen stekke earms
wyt bestruid nei blauwe loft

Sa begjint it fers ‘Winter’ fan Jan J. Bylsma. In prachtige parody op in wize fan dichtsjen dy’t foar modern trochgean wol. Net tefolle tekst op ien rigel. In telegramstyl dy’t suggerearje moat dat hjir sprake is fan ‘skerpe observaasje’ en ‘kearneftige formulearring’. Natoerlyryk yn in modern jaske. Oude wijn in nieuwe zak.

It tal dichters dat ‘wat mei de natoer hat’ is noch altyd ferbjusterjend grut. Fral Fryske dichters kinne der wat mei. Yn Het rode tasje van Salverda stelt de histoarikus Goffe Jensma dat it byld fan Fryslân as griene oase, dêr’t yn natoer en kultuer spoaren hingjen bleaun binne fan oerâlde tiden, in romantysk optinksel is fan stedslju dy’t net echt witte wêr’t se it oer ha. Hy rekkenet Geert Mak en dy syn ferneamde Hoe God verdween uit Jorwerd ek ta datsoarte lju en optinksels.

Wat Jensma seit oer Mak c.s., dat gefoel ha ik altyd hân by ‘natoerdichters’. It byld dat se oproppe fan de natoer, stiet fier fan de werklikheid ôf. It binne de romantyske plaatsjes fan stedslju op lytse boppekeammerkes of riante studearfertrekken, mei p.c. en c.v. Ik fertrou se net, bin bang dat de measten krekt likefolle fan de natoer ôfwitte as ik. (In goekunde fan my hie op Mauritius, sa sei er, in eksimplaar fan de seldsume Blauwe Mauritius sjoen. Ik tocht dat er it oer in fûgel hie, mar it blykte in postsegel te wêzen.)

En dan no noch even de rest fan Jan Bylsma syn wintergedicht:

en wylst ik sit te stinnen
op oare klisjees yn
dy ferfelende natoerlyryk
sjoch ik troch it finster
hoe’t se âlde feenstra
troch dy wite prakke
de ambulânse ynkroadzje


Sjoerd Bottema


Download hjir de e-pub Utsetter fan Sjoerd Bottema

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM -   In pear dagen nei it ôfslachtsjen fan Theo van Gogh waard dit my thús yn breedbyld skildere: J.P. Balkenende ûnferwachts [...]

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM  Yn ’e wrâldfan de organisaasje-adviseurs jildt it adagium: wat goedkeap is, kin net goed wêze. Priuw ik dat yn fakblêden noch [...]

  • Kategory: Kollum

    MINDERT WIJNSTRA -  Ik sil in jier of tsien west ha, doe’t ik in ienfâldich toverlantearntsje krige, sa’nien dêr’t ljochtbylden mei fertoand wurde kinne. Ik [...]