Skyn en werklikheid

Publisearre op 11 augustus 2014

SJOERD BOTTEMA – 
Fryske misdieliteratuer: Rink van der Velde (2)

Yn Smoarge grûn fan Rink van der Velde binne wy bedarre yn in wrâld dêr’t gangsters it foar it sizzen ha. Klaas Vogelzang, de grûnlizzer fan Smith Investments, divisy Cleaning and Recycling, krijt it oan de stok mei drs. Joseph de Hondt, ‘general manager’en de feitlike baas fan Smith Investments, as er him drok makket oer de yllegale stoart fan fersmoarge grûn.

Mei De Hondt en syn gangsterbinde hat de skriuwer net folle begrutsjen. Mar dat is in útsûndering: opfallend yn de misdiedromans fan Rink van der Velde is it begryp foar de dieder. Yn Rjochtdei op de skieding merkt ien fan de beide plysjes op, as se de dieder snipt ha: “… wy ha yn dit lân aldergeloks in protte mylde rjochters”. Yn De ôfrekken en De lange jacht makket de speurder gjin dien wurk: hy wit wa’t de dieder is, mar lit him rinne. Yn Smoarge grûn, dêr’t twa moarden yn pleegd wurde, bart itselde mei ien fan de beide dieders.

Wa binne dy dieders en wat is harren motyf? Yn fjouwer fan de fiif hjirboppe neamde gefallen giet it om wraak. Yn De ôfrekken en Rjochtdei op de skieding binne de wraakgefoelens fan de moardner ûntstien troch aksjes yn de Twadde Wrâldoarloch. Yn Rjochtdei op de skieding is it noch dúdlik wêr’t de skiedsline tusken goed en kwea rint: it slachtoffer is Friedrich Schmidt, in Dútser dy’t as Feldwebel belutsen wie by de eksekúsje fan 16 manlju nei oanlieding fan in staking yn Trimunt. Net in min ofte mear ûnskuldige Dútser dy’t meisûge waard troch in draaistream fan dingen dy’t er net keare koe, mar in bewuste nazi: hy hat syn (pleech)soan opsierd mei de nammen Adolf, Hermann en Joseph. Dochs binne der nuânses: neffens immen dy’t Schmidt yn ’e oarloch meimakke hat, binne de stakers fan Trimunt deasketten yn opdracht fan de SD, dus net op inisjatyf fan Schmidt, dy hie se wer loslitte wollen. Schmidt moast wol oan de eksekúsje meidwaan, oars wie er sels foar de loop kaam.

Yn De ôfrekken binne de grinzen tusken goed en kwea folle dizeniger. Dêr meitsje de domdryste aktiviteiten fan fersetslju ûnnedige en ûnskuldige slachtoffers. Plysje Havinga hat sels foar it ferset wurke mar is dêr net grutsk op: der hat in ynsidint west dêr’t Havinga ek by belutsen wie en dêr’t in jonkje by dearekke is. It hat him oan it tinken set en hy is ta de konklúzje kommen dat it gewelddiedige ferset yn syn algemienens net folle positive effekten hân hat; it lokke wol tsjinaksjes fan de Dútsers út, dêrtroch binne slachtoffers fallen en djippe wûnen slein yn it libben fan harren neibesteanden.

Ien fan dy neibesteanden bellet Havinga op ûnder de namme ‘frou De Vries’ en docht in yngeand berop op him om in moard foar te kommen: har soan wol ien út it eardere ferset fermoardzje. It bysûndere fan dizze misdiedroman is dêrmei dat de speurder net allinne de moardner sykje mar ek útfine moat wa’t it slachtoffer wurde sil. Wa is de potinsjele moardner? wa it potinsjele slachtoffer? wat is it motyf? wêr en hoe sil de moard plakfine? En om te begjinnen: wa is ‘frou De Vries’? Dat is wer ris wat oars as it tradisjonele riedsel fan de fiif (of mear) fertochten dêr’t de klassike speurder út te kiezen hat, wêrby’t hast altyd de ûnwierskynlikste mooglikheid de goede kar blykt te wêzen.

Binne de grinzen tusken skyn en werklikheid, as it op goed en kwea oankomt, net altyd skerp te lûken, yn guon opsichten leit de wrâld yn Rink van der Velde syn misdiedromans der fandatoangeande oersichtlik hinne. De goeden roke swarte sjek of kôgje prûmtabak (Drachtster Kei), drinke âlde kleare of bearenburch (egte medicinale Berenburg fan Brons, sinds 1854) en ite brune beannen (echte wâldbeantsjes) of sûpengroattenbrij mei sjerp (Friesche keukenstroop fan de firma Everts, Adema en Co te Huizum bij Leeuwarden). Se ride op in âld fyts (mei in heech fernikkele stjoer en bakkeliten hanfetten) of yn in Folksweintsje, in Opel Kadett of in Lada (de ferkearden yn in Mercedes, Saab of Jaguar). Dat direkteur Klaas Vogelzang, yn in earder libben tontsjeman Klaas Keutel, oant syn dea yn in âld Fordsje ried, bewiist dat er út it goede hout snien wie. Mar ek hjir regeart úteinlik de skyn oer de werklikheid: “’Lieve pake, Nooit meer met pake spelen, nooit meer met pake te wandelen, nooit meer met pake de eendjes voeren. Maar pake, wij zullen u nooit vergeten.’ Nooit meer met pake spelen… Noait witten dat Klaas Keutel sa boartlik wie. Nooit meer de eendjes voeren… Al sa apart, elke ein dy’t er benei komme koe, draaide er de nekke om en hied er de oare deis yn ’e panne.”

 

Earder publiseard yn de Moanne, 13 (2014),  3 (juny) s. 46-47.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels