• © Afûk útjouwer

    30 augustus 2022

    © Afûk útjouwer De earste Diet Huberpriis, ornearre foar it moaist yllustrearre berne- of jongereinboek, giet nei By Beppe Utfanhûs, skreaun en yllustrearre troch Mirjam van Houten (Beetstersweach, 1977). De sjuery, dy’t bestiet út Susan van den Berg, Margaretha Cats en Dolf Verroen, krige tweintich boeken foarlein, dêr’t nei earste skifting fiif fan oerbleaune. Boeken mei in grut ferskaat, dy’t de yntinsjes en [...]

  • 24 september 2012

    foto: Sana Khan Oant en mei 7 oktober wurdt op ferskate lokaasjes yn Fryslân de Noorderlicht fotomanifestaasje holden. Op de 19e Noorderlicht ynternasjonale fotomanifestaasje stiet, ûnder de titel Terra Cognita,  de relaasje tusken minsken en natuer sintraal. Hoe ûnderfine wy as minsken de natuer en wat is de wearde dêrfan? Wy wolle werom nei de echte natuer, mar tsjinoer dat romantyske ferlangst stiet [...]

  • 26 juli 2012

    De keunstner Klaas Gubbels is fral bekend fan syn kofjepotten, tafels en stuollen. Yn allerhanne kleuren, komposysjes,  techniken en materialen komme dy objekten werom.  En ek yn allerhanne gemoedstastannen. Want Gubbels ferstiet de keunst om  dy objekten in siele te jaan; dûnsjende, pratende, tútsjende kofjepotten! De konsintraasje op dy ûnderwerpen makket dat de taskôger de objekten hieltyd werkent en fergeliket; as sjocht men in âlde [...]

  • 10 mei 2012

    Se libje, hawwe leaf, fjochtsje, farre, rinne, reizgje, krije bern en hawwe karakter. Om koart te gean: se libje, de saneamde ‘Spooneys’, makke troch keunstner Botas. Om dy bysûndere skepsels hinne hat Botas in hiele wrâld kreëarre, de saneamde SpooneyWorld. Oant en mei 26 maaie kin men yn ’e kunde komme mei dy wrâld, yn de eksposysjeromte De Galerij fan De Lawei yn Drachten. Spooneys [...]

  • 6 april 2012

    ‘Groen Geluk. Van lusthof tot volkstuin’ Tunen en keramyk hearre byinoar. Troch de ieuwen hinne binne objekten fan keramyk lykas jardinières en oare potterij brûkt om tunen op te kreazjen. Oarsom binne keramyske foarwerpen faak dekorearre mei blommepatroanen en túntafrielen. Museum Princessehof yn Ljouwert hat dat tema oangrypt om in bysûndere tentoanstelling yn te rjochtsjen. It hiele túnseizoen is dêr de tentoanstelling ‘Groen Geluk. Van [...]

  • 24 februari 2012

    Siebe Johannes ten Cate waard yn 1858 berne yn Snits. Mar Ten Cate wie in reizger. Ut Snits wei gie er nei de keunstakadeemje yn Amsterdam, en letter nei Antwerpen en Brussel. Doe’t er 22 wie fêstige er him yn Parys. Wurken mei ûnderwerpen as Algiers, Luzern en Londen binne oantinkens oan syn reizen. Syn ympresjonistyske wurk waard goed ûntfongen. Syn skilderijen hongen yn renommearre [...]

  • 27 januari 2012

    Yn galery Smarius op ’e Gordyk is oant en mei  4 maart 2012 wurk te sjen fan Christiaan Kuitwaard en Terry Thompson. Lânskippen, ynterieurs en alledeiske gebrûksfoarwerpen: in stoel, in kopke, in doar. Dat binne de ûnderwerpen fan Kuitwaard syn wurk. Dochs binne it net de objekten sels dy’t er skildert: hy skildert it ljocht en it skaad deryn en deromhinne. De nuânses tusken ljocht [...]

  • 23 december 2011

    Lucebert, detail uit twee vazen , aardewerk, 1991 en 1994 Keunstner Lucebert wie in multytalint; hy wie skilder, dichter, fotograaf, tekener en keramist. As dichter wie Lucebert in belangrike fernijer fan de poëzij. Hy hearde by de ‘vijftigers’ en behelle in soad literêre prizen. Syn keramysk wurk is lykwols altyd ûnderbeljochte bleaun. Yn keramykmuseum Princessehof is it earste oersjoch fan keramysk wurk fan [...]

  • 18 november 2011

    De eksposysje dy’t oant en mei 11 desimber te sjen is yn Galerij De Lawei yn Drachten, hjit ‘Dragers’. Wat is in drager? In drager is in transportmiddel, de bringer fan it boadskip, it doek dêr’t it skilderij op skildere is, it papier dêr’t de letters op steane. In figurant yn de foarstelling. De trije keunstners dy’t harren wurk sjen litte yn dizze eksposysje hawwe [...]