Klaas Gubbels yn Museum Joure
Publisearre op 26 juli 2012
De keunstner Klaas Gubbels is fral bekend fan syn kofjepotten, tafels en stuollen. Yn allerhanne kleuren, komposysjes, techniken en materialen komme dy objekten werom. En ek yn allerhanne gemoedstastannen. Want Gubbels ferstiet de keunst om dy objekten in siele te jaan; dûnsjende, pratende, tútsjende kofjepotten! De konsintraasje op dy ûnderwerpen makket dat de taskôger de objekten hieltyd werkent en fergeliket; as sjocht men in âlde bekende werom yn in folgjende faze fan syn libben.
Tegearre mei freon en skriuwer Cherry Duyns ûntwikkele Klaas Gubbels yn 2010 it projekt ‘Letters en Cijfers’. Resultaat fan dat projekt is in spesjaal boekje mei houtdrukken fan letters en sifers en de briefwiksel tusken de beide mannen.
Museum Joure eksposearret oant en mei 30 septimber wurk fan Klaas Gubbels yn twa eksposysjeromten: yn It Binnenplak binne de houtdrukken te sjen en yn it entreegebou oar wurk.
Snein 16 septimber fertelt Klaas Gubbels oer syn wurk yn Museum Joure, fan 14.00 – 15.30 oere. Besikers kinne dan yn it besit komme fan in sinjearre boekje fan de tentoanstelling ‘Letters en Cijfers.’
Mirjam van Houten
Kategory
Tags
Diel dit artikel!
Relatearre artikels
KARIN DE MIK - De enige Academie voor Popcultuur in ons land staat in Leeuwarden. De vierjarige hbo-opleiding stoomt studenten klaar tot zelfstandig ‘pop artiest’. [...]
Kategory: Arsjitektuer,Design
KAREN BIES - Har ûntwerp foar in natuermuseum op Skylge hat ferline jier hiel Europa trochreizige foar de ynternasjonale tentoanstelling Archiprix. Troch ryksboumaster foar de [...]
Kategory: Design,Gaming,Nije media,Opiny
Roelof Koster - Voor menigeen zal gelden dat, wanneer je het hebt over vormgeving of design, Fryslân nou niet het eerste is waar je aan [...]