Keramyske boeken en sûkerjurken
Publisearre op 18 november 2011
De eksposysje dy’t oant en mei 11 desimber te sjen is yn Galerij De Lawei yn Drachten, hjit ‘Dragers’.
Wat is in drager? In drager is in transportmiddel, de bringer fan it boadskip, it doek dêr’t it skilderij op skildere is, it papier dêr’t de letters op steane. In figurant yn de foarstelling. De trije keunstners dy’t harren wurk sjen litte yn dizze eksposysje hawwe de dragers in wichtiger rol jûn. De dragers binne it keunstwurk sels, of in wêzentlik part dêrfan.
Betty van der Kamp is in keunstner dy’t ûnder oaren gebrûk makket fan sûkerkristallen. Kristallisaasje fan sûker is in tige lang proses. Under ynfloed fan ûnder oaren wetter en waarmte kin gewoane sûker útgroeie ta grillige foarmen en glinsterjende lagen. Wêrop? Op in jurk bygelyks. Dat hat Van der Kamp dien yn har keunstwurk ‘Suikerjurk’. Sa leverje twa deistige eleminten (sûker en in jurk) tegearre in poëtysk byld op: swiet en skerp tagelyk.
Betty Simonides siket yn har wurk de grinzen op fan it begryp ‘skilderij’. In skilderij is een plat flak mei ferve derop, yn kleuren en linen. Mar wat as de ferve reliëf en djipte krijt, de substânsje him ploait yn bulten en delten, is it dan noch in skilderij? En wat as de foarm net makke is fan ferve mar fan oare eleminten, kinne we dan noch prate fan in skilderij, of is it dan in kollaazje, of in ynstallaasje? Sa ûndersiket Simonides de grinzen fan de skilderkeunst. Fan keunstneres Hiltje Talsma binne der bysûndere boeken te sjen: de kaften fan keramyk en dêrtusken katernen mei sierpapier, somtiden selsmakke fan plantefezels. Gjin wurden. Gjin plaatsjes. It boek op himsels seit alles. Hinne dus, en sjen!
Mirjam van Houten
Kategory
Tags
Diel dit artikel!
Relatearre artikels
KARIN DE MIK - De enige Academie voor Popcultuur in ons land staat in Leeuwarden. De vierjarige hbo-opleiding stoomt studenten klaar tot zelfstandig ‘pop artiest’. [...]
Kategory: Arsjitektuer,Design
KAREN BIES - Har ûntwerp foar in natuermuseum op Skylge hat ferline jier hiel Europa trochreizige foar de ynternasjonale tentoanstelling Archiprix. Troch ryksboumaster foar de [...]
Kategory: Design,Gaming,Nije media,Opiny
Roelof Koster - Voor menigeen zal gelden dat, wanneer je het hebt over vormgeving of design, Fryslân nou niet het eerste is waar je aan [...]