Museum Princessehof

Publisearre op 6 april 2012

‘Groen Geluk. Van lusthof tot volkstuin’

Tunen en keramyk hearre byinoar. Troch de ieuwen hinne binne objekten fan keramyk lykas jardinières en oare potterij brûkt om tunen op te kreazjen. Oarsom binne keramyske foarwerpen faak dekorearre mei blommepatroanen en túntafrielen. Museum Princessehof yn Ljouwert hat dat tema oangrypt om in bysûndere tentoanstelling yn te rjochtsjen. It hiele túnseizoen is dêr de tentoanstelling ‘Groen Geluk. Van lusthof tot volkstuin’ te sjen; besikers kinne yn it museum troch ferskate tunen kuierje,  lykas in achttjinde-ieuske tún en in njoggentjinde-ieuske kas mei echte blommen en planten. Yn de bordertún fan 1900 is art nouveau-keramyk te sjen.  De museumtún is feroare yn in folkstúnkompleks. Oeral steane keramyske objekten dy’t te krijen hawwe mei tunen.
It museum organisearret om de útstalling hinne ferskate ‘griene’ aktiviteiten lykas workshops en lêzingen.

www.princessehof.nl

 

Mirjam van Houten

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels