Keramysk wurk fan Lucebert

Lucebert, detail uit twee vazen , aardewerk, 1991 en 1994
Keunstner Lucebert wie in multytalint; hy wie skilder, dichter, fotograaf, tekener en keramist. As dichter wie Lucebert in belangrike fernijer fan de poëzij. Hy hearde by de ‘vijftigers’ en behelle in soad literêre prizen. Syn keramysk wurk is lykwols altyd ûnderbeljochte bleaun. Yn keramykmuseum Princessehof is it earste oersjoch fan keramysk wurk fan Lucebert te sjen.
De útbundige glazuertekeningen dêr’t de keunstner syn keramyske wurken mei dekorearre, hawwe as tema’s: it goede en it kweade en de fassinaasje foar de minske. Oare belangrike aspekten yn syn wurk wienen frijheid en eksperimintearje. Sels omskreau Lucebert dat ea as: ‘De schreeuw uit het harnas’. Op de tentoanstelling binne mear as 130 objekten út partikuliere en museale kolleksjes te besjen.
Mirjam van Houten