Noorderlicht Fotomanifestatie 2012

foto: Sana Khan

Oant en mei 7 oktober wurdt op ferskate lokaasjes yn Fryslân de Noorderlicht fotomanifestaasje holden.

Op de 19e Noorderlicht ynternasjonale fotomanifestaasje stiet, ûnder de titel Terra Cognita,  de relaasje tusken minsken en natuer sintraal. Hoe ûnderfine wy as minsken de natuer en wat is de wearde dêrfan? Wy wolle werom nei de echte natuer, mar tsjinoer dat romantyske ferlangst stiet de praktyske winsk om de natuer te kultivearjen en te betwingen. Terra Cognita toant de natuer fier fuort en tichteby, as dream en as werklikheid, de natuer yn ús genen en dy yn ús gedachten.

Foar de manifestaasje is wurk selektearre fan mear as 70 fotografen fan oer de hiele wrâld.

De fotomanifestaasje fynt plak yn it Fryske lânskip, yn binnenromten en bûtengebieten. Haadlokaasje is Museum Belvédère yn It Hearrenfean/Oranjewâld. Oare lokaasjes binne: Museum Dr8888, Museum Willem van Haren (It Hearrenfean) en de Blokhúspoarte yn Ljouwert.
Sjoch foar mear ynformaasje op www.noorderlicht.com.

Mirjam van Houten

Comments are closed.

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.