Reina Rodina: ‘Ik wol minsken oerspiele mei prikels’

De sjogger sjocht greiden, gebouwen, diken en marren mei faasje oan him foarby razen. Yn dizige ierdetinten, dan wer izige wetterkleuren. Bylden skimerje troch oare bylden hinne dy’t stiloan ferdwine. Klanken boazje oan en nimme ôf. Fan fierren sjonge frouljusstimmen Fryske wurden mei langhalige dûbelklanken. De stimmen draaie om inoar hinne yn wringende dissonanten om […]

Iconen en de gewone mens

Deistige tafrielen en saken lykas minsken op stasjons en yn winkels, of foarwerpen ut kuol- en keukenkast; fragminten út de ûnophâldlike ynformaasjestream yn de foarm fan film, ynternetmagazines en reklame; hippe minsken, hippe klean, moderne ynterieurs, neonljocht, logo’s, merken, stilen, kleuren. Koartsein: It moderne libben mei syn zapkultuer sa’t dat yn feart en faasje oan […]

Tienduizend keer geluk

In soad Sineesk porslein is dekorearre mei gelokssymboalen. Under de titel ‘Tienduizend keer geluk’ eksposearret Museum Princessehof yn Ljouwert gelok en foarspoed op Sineesk diggelguod. De Sineeske tinkwize is ryk oan tekens dy’t gelok bringe, lykas kraanfûgels en Yin- en Yang-tekens. Der besteane symboalen foar algemiene winsken, mar ek foar rykdom, in lang libben, in […]

Johan Haanstra

Dizze skilderijen binne makke troch Johan Haanstra (1914 – 1994). It binne ympresjes fan Fryske lânskippen. Binne dy saneamde Fryske hege loften der ek? Snúf marris, fernimst it? Wy steane net mei beide fuotten op ’e grûn, wy sweevje der heech boppe. Haanstra skildere de wrydske Fryske loften net, mar hy skildere ympresjes fan Fryslân […]

Rinsema-jier yn Drachten

Begjin 20e ieu wiene de bruorren Thijs en Evert Rinsema oan it wurk yn harren skuonmakkerij yn Drachten, mar harren gedachten dwaalden regelmjittich ôf nei oare saken as skuon: yn harren hollen groeiden bylden en gedichten! De beide Drachtsters wiene yn kontakt kaam mei Theo van Doesburg en ûnder ynfloed fan dy man – oprjochter […]

Verstilde beelden

Under de titel ‘Verstilde beelden’ eksposearret galery Terbeek wurk fan Heleen Vriesendorp en Jozephine Wortelboer. By in duo-eksposysje is it in keunst om twa stilen te finen dy’t goed by inoar passe. By ‘Verstilde beelden’ is dat it gefal. De brûnzen fûgels fan Wortelboer soene sa opfleane kinne  om te ferdwinen yn de wiidse lânskippen […]

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.