Syds Wiersma lêst Estelles op Boeke- en Roazedei
Publisearre op 20 april 2023
Dichter Syds Wiersma draacht sneon 22 april by de fontein by it Ljouwerter Stasjon gedichten fan Vicent Andrés Estellés foar, ta gelegenheid fan Boeke- en Roazedei
Boeke- en Roazedei
Sneon 22 april sil yn de Afûk-winkel de Boeke- en Roazedei wer fierd wurde. De moarns om 11:30 oere is der in lyts programma mei ûntfangst yn de winkel, wêrnei’t it programma fan 12:30 oere ôf plakfynt by de fontein fan Plensa, by it Ljouwerter stasjon. Ta gelegenheid fan it fiifjierrich jubileum fan dy fontein wurde dêr yn it Katalaansk en yn it Frysk in tal gedichten foarlêzen fan Vicent Andrés Estellés. Dy Katalaanske dichter hat altyd in ynspiraasjeboarne west foar byldzjend keunstner Jaume Plensa. De gedichten binne yn it Frysk oerset troch Syds Wiersma en Ignasi Ripoll. In oantal fan dy oersettingen binne yn april ek te lêzen op dizze webside. Klanten yn de Afûk-winkel krije op dy dei in roas kado by oankeap fan in boek (op=op).
Gedichten fan Estellés:
Vicent Andrés Estellés yn it Frysk (1)
Vicent Andrés Estellés yn it Frysk (2)
Vicent Andrés Estellés yn it Frysk (3)
Wereldboekendag
‘Wrâldboekedei’ is yn 1995 fêststeld troch UNESCO en wurdt alle jierren op 23 april organisearre om oandacht te freegjen foar it belang fan boeken en lêzen. De datum waard keazen omdat dy dei yn Kataloanië al sûnt 1923 yn it teken stiet fan boeken en it boppedat de berte- en stjerdei is fan William Shakespeare én de stjerdei fan Miguel de Cervantes. Yn Kataloanië falt dy dei gear mei it populêre feest fan Sant Jordi. Net allinnich is it de dei fan de beskermhillige, mar ek de dei fan de roas as symboal fan de leafde en de dei fan it boek as symboal fan de kultuer. Neffens de oerlevering is it op dy dei gebrûklik om manlju in boek te jaan en froulju in roas. Barcelona feroaret op dy spesjale dei dêrom altyd yn in enoarme iepenloftboekwinkel anneks blommisterij.
Mear ynfo: Afûk Boeke- en Roazedei
Kategory
Tags
Diel dit artikel!
Relatearre artikels
Kategory: Poëzij
HANS PETER WESTIN - I Zelfportret met kroonpen Hij legt de taal op zijn palet en kneedt met staal de tussentint waarin zijn [...]
Kategory: Literatuer,Resinsje
SJOERD BOTTEMA - Jacob Nauta syn beppe is mâl mei har hinnen. Se praat dermei. ‘Kwòòòk-hoe-wiiie-it-meiiii-jim-kwòòòk-kwòòòk-ha-jim-ekaaaaien-ein-kwòòòk?’ En hoewol’t de hinnen allinne mar ‘kwòòòk?’ weromsizze, [...]
Kategory: Literatuer,Poëzij,Ynterview
HENK VAN DER VEER - Poëzij libbet yn Fryslân. Mar hoe stiet it der mei dy poëzij foar? Dêr sprekke dichters (m/f) har yn dizze [...]