Vicent Andres Estelles
fotografy: Vicent Andres Estelles

Poëzy Katalaanske dichter Vicent Andrés Estellés oerset (3)

De dea sil komme, en ik sil net op bêd lizze,
net yn de keamer op de bank sitte:
ik sil op him wachtsje yn it treppehûs,
by myn famylje dy’t fan it plattelân komt,

tiptop as stutsen yn sneinsklean
fan seeblauwe snjit, mei de strik wat dwers,
en it sil net noadich wêze dat er deryn komt:
ik sis jim oant sjen, troch de doar, by it fuortgean.

Wy kinne de formaliteiten wol benefter litte, dochs?
En alles sil licht en natuerlik wêze:
hy sil my helpe, my by de earm nimme,

myn dea, de trep mei my ôfrinne.
Hy sil him ferekskusearje as er te let is; dat kaam
hy hie dêrfoar noch fjouwer oare gefallen.

Oersetting: Syds Wiersma en Ignasi Ripoll

Vindrà la mort, i jo no seré al llit,
ni al menjador, assegut al divan:
l’esperaré al replà de l’escala,
entre els parents que han arribat de l’horta,

de cap a peus com vestit de diumenge,
de blau marí, amb la corbata torta,
i no serà necessari que entre:
us diré adéu, des de la porta, anant-me’n.

Evitarem, potser, el formulisme,
i tot serà lleuger i natural:
m’ajudarà, agafant-me d’un braç,

la meua mort, en baixar per l’escala.
S’excusarà per si ha trigat massa;
però és que, abans, ha tingut quatre casos.

Pedres de foc (1975)
Cant temporal

Oer Estellés

Vicent Andrés Estellés (Burjassot, 1924 – Valencia, 1993), dichter en sjoernalist, wurdt beskôge as de wichtichste fernijer yn de moderne Valenciaanske poëzy. Wurdt ek sjoen as de grutste dichter yn ‘e Katalaanske taal dy’t de Valenciaanske regio fan de 15de iuw ôf oant hjoeddedei fuortbrocht hat. Hy skreau mear as sechtich boeken en lang net alles dêrfan is al publisearre.

Estellés wie in beskieden man, fan earme komôf. Syn wurk liket ienfâldich mar dat is ferrifeljend. Hy wie in dichter mei in grutte kennis fan de klassiken. Mei in hiel eigen styl en stimme skriuwt er oer de gewoanste saken fan de wrâld. Us deistich krewearjen, iten, seks, eroatyk, de dea, syn taal en syn lân. It levere guon fan de ferneamdste fersen út de Katalaanske literatuer fan de tweintichste iuw op. Estellés skriuwt sintúchlik. Hy wie in libbensgenieter mei in foarleafde foar it fulgêre.

Hy wie boppedat in maatskiplik belutsen dichter. Hy skreau oer de grouwélichheden fan de Spaanske boargeroarloch en de diktatuer dêrnei. Hy skreau oer earmoed en honger, de kollektive fernedering fan it Katalaanske folk, oer politike ferfolging, ferfrjemding, finzenskip, falske kommunikaasje. Mar ek oer hope, oanhâldende striid, fragile mominten fan freugde en de ûnskuldige blik.

Estellés fielde him tige ferbûn mei de Mediterrane kulturele tradysje en de taal fan syn folk, de Katalaanske identiteit, syn heitelân. Hy die dat altyd mei ienfâld, beskiedenheid en respekt, út de krêft fan syn wurden wei.

 

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.