Vicent Andres Estelles
fotografy: Vicent Andres Estelles

Poëzy Katalaanske dichter Vicent Andrés Estellés oerset (1)

Hjir bin ik te wrâld brocht, hjir bin ik.
En om’t bepaalde saken my oerkomme,
sjong ik der hjiroer, sis ik se hjir.

Hjir bin ik te wrâld brocht, hjir bin ik.
Hjir wurkje en tútsje ik.
Hjir gean ik dea en hjir laitsje ik.

Hjir stean ik noed foar it gewaaks.
Tsien wierheden en fjouwer myten.

Hjir bin ik te wrâld brocht, hjir bin ik,
earm oan besit en ryk fan dagen,
earm oan fersen, fan stribjen ryk.

Ik besjong de leafde en de pearkes
dy’t libje, drinke en derop útgeane.
Ik besjong in leafde fan slûkerswaar.

Ik besjong de leafde, ik besjong de ferealen.

Ik wit net iens oft it wol sangen binne.
Ik sis de dingen dy’t komme, geane,
der op in dei wer binne, oare deis weiwurde,

de hope fan slûkerswaar.

Oersetting: Syds Wiersma en Ignasi Ripoll

 

Ací em pariren, ací estic.

I com que em passen certes coses,
ací les cante, ací les dic.

Ací em pariren, ací estic.
Ací treballe i done besos.
Ací agonitze i ací em ric.

Ací defense unes collites,
Deu veritats i quatre mites.

Ací em pariren i ací estic,
pobre de béns i ric de dies,
pobre de versos, d’afanys ric.

Cante l’amor i les parelles
que viuen, beuen i se’n van.
Cante un amor de contraban.

Cante l’amor, cante els amants.

No sé tampoc si açò són cants.
Dic les coses que vénen, van,
tornen un dia, altre se’n van,

l’esperança de contraban.

Llibre de meravelles (1956-1958)

Oer Estellés

Vicent Andrés Estellés (Burjassot, 1924 – Valencia, 1993), dichter en sjoernalist, wurdt beskôge as de wichtichste fernijer yn de moderne Valenciaanske poëzy. Wurdt ek sjoen as de grutste dichter yn ‘e Katalaanske taal dy’t de Valenciaanske regio fan de 15de iuw ôf oant hjoeddedei fuortbrocht hat. Hy skreau mear as sechtich boeken en lang net alles dêrfan is al publisearre.

Estellés wie in beskieden man, fan earme komôf. Syn wurk liket ienfâldich mar dat is ferrifeljend. Hy wie in dichter mei in grutte kennis fan de klassiken. Mei in hiel eigen styl en stimme skriuwt er oer de gewoanste saken fan de wrâld. Us deistich krewearjen, iten, seks, eroatyk, de dea, syn taal en syn lân. It levere guon fan de ferneamdste fersen út de Katalaanske literatuer fan de tweintichste iuw op. Estellés skriuwt sintúchlik. Hy wie in libbensgenieter mei in foarleafde foar it fulgêre.

Hy wie boppedat in maatskiplik belutsen dichter. Hy skreau oer de grouwélichheden fan de Spaanske boargeroarloch en de diktatuer dêrnei. Hy skreau oer earmoed en honger, de kollektive fernedering fan it Katalaanske folk, oer politike ferfolging, ferfrjemding, finzenskip, falske kommunikaasje. Mar ek oer hope, oanhâldende striid, fragile mominten fan freugde en de ûnskuldige blik.

Estellés fielde him tige ferbûn mei de Mediterrane kulturele tradysje en de taal fan syn folk, de Katalaanske identiteit, syn heitelân. Hy die dat altyd mei ienfâld, beskiedenheid en respekt, út de krêft fan syn wurden wei.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.