‘Skielk beart de hjerst’

HARMEN WIND –  

1. Libben en wurk
As tarieding op de nije blomlêzing út syn wurk, kaam ‘Hjir’ yn it desimbernûmer fan 2004 mei in Kiestranûmer. Neist bydragen fan Abe de Vries, wiene benammen dy fan Johan Frieswijk (oer syn politike fizy), Doeke Sijens (oer de ynfloed fan Van der Goot) en Eppie Dam (oer syn poëzy), nijsgjirrich. Wrakselje de earste twa omraak mei de fraach hoe’t it mooglik wie dat Kiestra de ferkearde kant keas, Dam makket oan dat probleem gjin wurd smoarch – alteast…  Yn ien sin seit er: ’bytiden kin men in faaks ûnskuldich fers net lêze sûnder bygedachten oan de kar dy’t de dichter ienris yn syn libben makke hat.’ Hoesa ‘ienris yn syn libben’. In ûngelokje?

It fers is altyd ûnskuldich, sei Remco Campert nei oanlieding fan de reboelje om syn heit hinne. Dat is ús opjefte: dizze poëzy lêze en wurdearje, sûnder ‘de biografy’ dêryn te belûken. Mar kin dat eins wol? Yn syn ynlieding beskermet Abe de Vries Kiestra tsjin Gjalt Zondergeld, dy’t him yn syn dissertaasje fan 1978 oer alle boegen as ‘fout’ bestimpelet. In gefaar fan sa’n ferdigenjende toan en it opsmiten fan tsjinarguminten is dat it (ek al wol De Vries dat net) op in foarm fan frijpleitsjen útdraait. Dan liket Gjalt Zondergeld, de ‘ketterjeier’ ynienen ‘fouter’ as Douwe Kiestra.

 

2. De gedichten oan it wurd
Kin it wurk sels Kiestra dan frijpleitsje? Dat er tajoech dat er ‘mis’ west hie, ‘bewiist’ De Vries mei Oan ús bern

(…)

Mar tink derom, it is jim heit

Dy’t jimme iepenhertich seit,

Hy hat de Poep te gol, te rûn,

Te furdich syn betrouwen jûn (…)

Lykwols, dit slacht amperoan op syn tinkbylden. Hjir giet it om de besetting (dêr’t er yn wêzen gjin oanhinger fan wie), wylst Dútslân dan ek nochris de oarloch ferlear. Fierderop yn itselde fers stiet (en dat sitearret De Vries net):

De Dútskers ha de striid ferlern

En grut wie wol ús rouwe, bern,

(…)

De Dútskers ha in bêding dold

Wy ha te hurd en rimpen wold,

Mar de tiidstream giet nei eigen aard

Yn ûnferbidlikheid syn paad. (145)

Wat ‘fout’ wie, wie – neffens de dichter – ‘ús’ hastigens. Wy (de kollaborateurs) woene de tiid twinge, de fernijing forsearje. Mar wy moatte geduld dwaan: ‘de nije tiid’ komt fansels…

Ek de strofe dy’t De Vries sitearret út it fers Twaspraak (‘Sinne op ‘e striesek’, de ‘strafkampbondel’) dêr’t er mei bewize wol dat Zondergeld ûngelyk hat mei syn útspraak dat Kiestra nei de oarloch ‘de leer van het nazidom bleef verdedigen als de enig juiste voor het Friese volk’ oertsjûget my spitigernôch net. De Vries giet folslein foarby oan de foarm: de dialooch, dy’t hyltyd twa kanten beljochtet (de wurklikheid fan no tsjin de oertsjûging fan doe oer). Mar de konklúzje fan it fers is dúdlik: wat de fersetsminsken en de alliearden (‘it Westen’) wûn ha, is net mear as ‘de lytse oarloch’.

Yn ’t Easten riist moarntiidsglâns,

Wy hawwe de wacht betrutsen.

Noch in punt fan argewaasje is foar De Vries dat Kiestra Blut-und-Boden-fersen skreaun ha soe (sa’t û.o. Gjalt Zondergeld en Teake Oppewal bewearden). Hy komt mei in definysje fan Johan Frieswijk, dy’t de klam leit op rasisme en ferklearret dan: ‘Op grûn hjirfan kin net ien fan Kiestra syn oarlochsfersen trochgean foar in Blut-und-Boden-gedicht’.

Dêrby sitearret er út in brief fan Kiestra sels in passaazje dêr’t dy mei útleit wat hy ûnder Blut und Boden ferstiet (sterke bân mei eigen famylje, omjouwing, folk en God) – en jout sadwaande no krekt oan dat dy (mei syn eigen ynterpretaasje) wol deeglik ynspirearre wie troch dy gedachte. Hjir wurket it pleit dus wer net. Ynstee fan te sizzen dat de ‘BluBo’-fersen fan Kiestra de angel fan rasisme en frjemdlinghate misse, stiet it De Vries sa tsjin, dat er alle relaasje dermei út ’e wei ha wol, wylst syn beskermeling sels it begryp ferdigene en taljochte.

Ik woe mar sizze, wa’t besiket de man, dy’t er kennen leard hat as in grut dichter, mei keunst en fleanwurk te rehabilitearjen, berikt sawat itselde as ien dy’t him oer alle boegen swart meitsje wol: hy makket it slimmer om argeleas en iepenhertich de poëzy te lêzen.

 

3. Naïveteit
Wa soe gjin sympaty opbringe kinne foar Douwe Kiestra? De oarloch (it geweld) wearzge dizze stânfries en trou swarre oan Hitler of Mussert wegere er. Hy siet yn de spagaat tusken it ferset (tsjin frjemde oerhearsking) en de ideology fan it grutte germaanske ryk dêr’t, tocht er, Fryslân yn ta syn rjocht komme soe. Hy wie pro-Dútsk om’t er in Frysk-nasjonalist wie. Hy woe (och earme!) Hitler brûke om Fryslân te tsjinjen… Kollaboraasje en ferset wiene sadwaande foar Douwe Hermans Kiestra gjin tsjinstellings. Fersetsminsken hat er ‘de hân boppe de holle holden’, ûnderdûkers (ek Joadske) beskerme. Feitlik hie er it mier oan ‘de Poep’.

Abe de Vries skriuwt: ‘Naïveteit, nasjonalisme en blyn idealisme hawwe Kiestra de ferkearde kant út laat.’ Dy trije, mar de measte fan dizze is naïveteit, sis ik as ik de balâns opmeitsje fan de stikken yn ‘Hjir’, dizze ynlieding, en it dichtwurk fan Kiestra sels.

Op de cd efteryn stiet wat hy neamt in ‘ferhoar’, mar de ûnderfreger ûntbrekt. It is opnaam yn syn stjerjier 1970. Hy rint 35 fragen bylâns, mijt de oarlochstiid en seit oer de takomst fan Fryslân en it Frysk:

Friezen ha gjin nasjonaal selsbesef. Se gean sa foar in Hollander troch de knibbels. Wolle hearre litte dat se ek in mûlfol Hollâns prate kinne. Mei in folk mei sa’n bytsje selsbesef moat men wol mismoedich wêze oer de takomst fan it Frysk.’ Wêr hat er it wei…

Al lang foar De Vries ha skriuwers as Tamminga en Riemersma it foar him opnaam. Ek dy wiene ûnder de yndruk fan syn spyt. Ik sjoch ek spyt. De grutte fraach is: wat spiet Kiestra no eins krekt?

‘It klassike motyf fan skuld en boete is ien fan de sintrale tema’s fan Kiestra syn dichterskip wurden,’ skriuwt Abe de Vries. Hy neamt as yllustraasje in gedicht oer Anne Frank yn dat ramt, út de strafkamptiid. (Wat lis ik nachts faak wekker / En tink oan har en har neisten.)

Mar, tink ik dan, dy soarch, dat meifielen, komme dochs alhiel oerien mei syn noed foar ferfolgen en ûnderdûkers yn ’e oarloch? Ik leau net samar dat dat beflapt wurde kin ûnder ‘it djippe ferwyt dat er himsels makke’. It is konsistint yn syn ferset tsjin geweld en oerhearsking. Simpelwei soe de konklúzje wêze kinne: Kiestra wie fout út goederbêst. In nayf man mei yntegere ynhouten is min fan syn fersin te oertsjûgjen.

 

4. Mei Obe Postma…
Dizze samling is (al is de útjefte út 1982 fan Osinga yn Boalsert – D.A. Tamminga en T. Hoekema – útferkocht) foar in grut diel ynjûn as korreksje. Der wie in seleksje makke dy’t de polityk ‘foute’ fersen bûten beskôging liet (út in begryplik, mar ferkeard soarte fan piëteit). Abe de Vries nimt dêr fiif fan op, neist fiif út ’e kamptiid (‘Sinne op ‘e striesek’) dy’t sjen litte dat Kiestra net as in blêd oan ’e beam omdraaid is nei de oarloch, en yntiid fiert er, mear as immen foar him dien hat, it pleit foar rehabilitaasje.

De Vries typearret him as ‘de wichtichste dichter fan de Jongfryske generaasje; in dichter dy’t, mei troch it persoanlike drama dat er ferwurdet, dúdlik heger oanslein wurde mei as syn generaasjegenoat Fedde Schurer. Mei Obe Postma heart er ta de nijsgjirrichste poëten fan foar de fernijingsweach fan de jierren fyftich en sechstich, en syn dichterlik oeuvre makket mei dat fan Postma de kearn út fan de foarnaamste Fryske poëtyske tradysje: it dichtsjen dat (…) spiritualiteit yn en troch de natuer fynt.’

Dat is nochal wat! Grutter as Fedde Schurer, neist Obe Postma, ‘kearnfertsjintwurdiger’ fan de Fryske poëzy.

Sa’n miening is slim hurd te meitsjen. ‘It ferwurdzjen fan in persoanlik drama’ (de omskriuwing docht tefolle oan de Achterberg-leafdemantel tinken) bgl. is op himsels gjin fertsjinste. It giet der alhiel om hoe’t dat poëtysk stal jûn wurdt. De Vries makket in biografyske fergeliking tusken Postma en Kiestra dy’t heechút nijsgjirrich is, mar komt op Schurer (oer wa’t Kiestra yn it ‘ferhoar’ syn bewûndering útsprekt as ‘de brêgebouwer’) net werom. Sa bliuwt syn kwalifikaasje my dochs tefolle in slach yn ’e loft.

Wiidweidich wurdt yngien op oerienkomsten mei Guido Gezelle, de ‘kristlike natuermystyk’ en syn ynfloed op oaren (Tamminga, Spanninga). It is my wolris wat te oerdiedich, mar it moat sein wurde: de gearstaller makket him der net fan ôf. It wurdt dúdlik hoe heech er dizze dichter hat.

 

5. De poëzykar
Nei de poëzy dus. De 82 fersen dy’t it dichterlike wurk fertsjintwurdigje. It is gronologysk, yn fjouwer skiften, ferdield. Wat, by it lêzen fan part I, ‘De kuozzen raze’, foar in moderne poëzylêzer opfalt is de foarm. Strak metrum (meast fiif-fuottige jambe), rym (meast krúst) en strofefoarm (meast kwatrinen). Koartsein: dichtwurk dat past yn de tiid fan foar de oarloch. Tradisjonele poëzy. Al hiel gau oerstimt, as je net oppasse, it wyske de wurden.

Wat tilt it boppe de midsmjitte út? Neffens my in tal aspekten: oandacht foar de eigen emoasje (sis mar: it ik-fielen), relativearring en (sels)irony, it frije fers (De swellestoarm, It hynsder), de hast obsessive, bewûnderjende oandacht foar it detail en grutte sintúchlikens, sunder dat it al te foarsisber byld wurdt foar it ‘hegere’, de rynske wurdkar, en it suggestyf en boartlik taalgebrûk.

Yn part II, ‘In ôfslein strider’, stean fersen út ’e oarloch en it kamp. Oantrunende fersen, soms tsjin de propaganda oan, oproppen om ‘de nije tiid’ te oanfurdigjen. Faak is de twastriid dy’t Kiestra sels fielt ûnderwurp, mar syn kar is dúdlik: it heil komt út it easten. En it is ‘lyts’ tinken om yn de tsjinstelling Dútslân-Nederlân (of Fryslân) stykjen te bliuwen. Dy oertsjûging bliuwt, neffens my, dwers troch de teloarstelling en skamte (it hat him oars ûntjûn as ik hope hie).

Yn part III en IV stean yn haadsaak fersen oer de natuer en de nocht fan it húslike bestean. Der binne prachtige, boartlike skilderijkes by. ‘Skuld en boete’ komt amper foar. Wol de ynkear en mankelikens fan de âlde dei. Soms brekt er dan wer út it harnas fan de fêste foarm en komt, bgl. yn ‘Treastfolle ôftocht’(196), ta it typyske frije fers, dêrt er syn gefoeligens yn in eigen byldzjende retoryk mei stal jout. It Kiestrafers. En yndie klinkt yn in protte gedichten it lûd fan Guido Gezelle mei. Mar dy ûnderskate him dêrmei wól sels, en santich jier earder…

 

6. Beheindens
Dat Kiestra syn wurk heart ta ‘de kearn fan de Fryske poëtyske tradysje’ wol ik Abe de Vries wol neisizze. Mar foar my fertsjintwurdiget er ék de beheindens fan dy poëzy: de romantyske tematyk fan it boerelân en it boerelibben yn tradisjonele foarm, ek nei de oarloch. Dat er op hichtepunten in mystyk oandwaande eigen útdrukkingskrêft fynt dy’t him dan even neist Obe Postma bringt, is wier. Allinne dy fersen rjochtfeardigje dizze kreaze blomlêzing al, mar yn de trochsneed lit er foar myn gefoel Fedde Schurer net efter him. (En dan sjoch ik noch ôf fan it kontrastearjende engaazjemint.) It docht yn dat ljocht trouwens nuver oan dat hjir (nei de útjefte fan 1982!) keazen is foar ‘in samling dy’t de kearn sjen litte soe’ (82 fan de 300). Set dêr Schurer foaroer mei syn ‘Samle fersen’ (650), dan fertekenet dat de boel. Ik wol fan in wichtich dichter it folsleine wurk sjen. Dy ‘kearn’ helje ik der sels wol út.

De belutsenens fan Abe de Vries by Herman Douwe Kiestra is grut. De ‘nije wurdearring’ dêr’t dizze ‘út ’e wei romme’ dichter rjocht op ha soe, hat er ta syn missy makke. De ynlieding is tige persoanlik en hjir en dêr iensidich en polemysk. Nijsgjirrige lêsstof, mar ek in minefjild. De ‘lytse oarloch’ om dizze boeredichter is noch net besljochte.

 

‘Skielk beart de hjerst’- blomlêzing út de poëzy fan Douwe Hermans Kiestra – Gearstalling en ynlieding Abe de Vries

 

Earder publiseard yn de Moanne, 5 (2006), 2 (maart), s. 51-53.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.