• 2 november 2015

    ELSKE SCHOTANUS -  Yn in prachtich dekôr yn de nije grutte teaterseal fan De Lawei fiert Tryater har fyftichjierrich jubileum mei Grûn, in foarstelling dy’t likernôch fjouwer oeren duorret. En dêr sit dan ek daliks de krityk, want fjouwer oeren blike in lange sit as it yn de seal al foar’t de foarstelling begjint om te smoaren sa hyt is. Grûn is in kronyk fan [...]

  • 27 augustus 2015

    ELSKE SCHOTANUS -  Is it iepenloftspul fan Jorwert by definysje in feestje en as it waar meiwierret is it dat noch folle mear. It is op in moaie simmerjûn dat de foarstelling fan 2015, ‘Augustus’ yn premjêre giet. Under in strakblauwe loft tûmelje de sweltsjes boppe de notaristún dêr’t it barren foar de 62e kear plak fynt. It spyljen fan de Harmonie fan Weidum hjit [...]

  • 9 maart 2015

    NIELS LAHUIS - Keunstneres Margaret Keane is yn oktober 1970 te gast yn in lokaal radioprogramma yn San Francisco. De útnoeging fynt plak op basis fan har oankommende eksposysje yn de Cory Art Gallery. It petear feroaret lykwols drastysk fan rjochting nei in ferrassende iepenbiering fan Keane. Jierrenlang is sy de frou west efter de oergryslik populêre keunstner Walter Keane, skilder fan bern mei eigenaardich [...]

  • 14 januari 2015

    TJITSKE VAN DIJK -  Gerke is gek op auto’s. Yn syn plakboek sammelet er fan alle merken de moaiste plaatsjes fan ‘e nijste modellen. En hy plakt se net allinnich yn, hy wit der ek noch alles fan. Kinst sa’n drege fraach net betinke, of Gerke wit it antwurd. As syn mem him jûns op bêd bringt, hat Gerke neat leaver dan dat mem him [...]

  • 14 oktober 2014

    NIENKE JET DE VRIES -  Op it omslach fan it boek Bûtenman en Bûtenfrou fan Willem Verf (1949) falt te lêzen dat it in tendinsroman is. Dêrmei wurdt bedoeld dat it ferhaal in dúdlike strekking hat. Dat is kenmerkjend foar it skriuwen fan Willem Verf, âld fraksjefoarsitter foar GrienLinks yn de Steaten fan Fryslân, dy’t graach wat maatskippijkrityk yn syn wurk nei foaren komme lit. [...]

  • 3 juli 2014

    GERBEN DE VRIES -  Hast elkenien dy't it slik fan de Waadeilannen bydel rint, hopet oait wat fan wearde te finen. In ring, in juwiel, in sulveren of gouden munt. It komt ek noch altiten foar dat der yndie wat wichtichs tusken it seewier, plestik en âlde skuon fûn wurdt. Sa fûn yn 1997 in skoaljonge út Winterswijk op it strân fan Flylân noch in sulveren munt mei [...]

  • 5 maart 2014

    NIENKE JET DE VRIES -  Metten, Lauden, Priem, Terts, Sekst, Noon, Fespers en Kompleten. Dat binne de acht gebeden dy’t op fêste tiden fan de dei yn in kleaster bean of song wurde. In Fryske skriuwster giet acht dagen nei in kleaster yn Seelân. Se sit op keamer acht. Ien fan beide spikerkes dêr’t it sifer acht mei oan de doar befêstige is, is stikken [...]

  • 4 december 2013

    NIENKE JET DE VRIES -  Akky van der Veer (1943) hat as famke fan fjirtjin jier tuberkuloaze krigen en moast kuere yn sanatoarium Sonnevanck yn Hurderwyk. Se hat yn dy tiid in soad belibbe en woe der graach oer skriuwe. Al skriuwende kaam Van der Veer derefter dat it net oer Sonnevanck gie, mar oer de relaasje mei har mem. It is net foar it [...]

  • 2 oktober 2013

    MEINDERT REITSMA -  Yn de nije ferhalebondel, It fûgelgebed, fan Jaap Krol (1970) steane suver altyd personaazjes sintraal dy’t yn harren eigen universum libje. “De ferhalen yn dizze bondel gean oer minsken dy’t sykje wat se fine, mar net altyd fine wat se sykje”, sa’t it skreaun is op de efterflap. Krol hopet troch it beskriuwen fan dy universums tichteby de personaazjes te kommen en [...]