• 29 oktober 2014

    ARJAN HUT -  Gedonder om de nije provinsjale Subsydzjeregeling Kultuer en Mienskip. It betingst dat allinne útjeften troch auteurs dy't by it Nederlands Verbond voor Tolken en Vertalers oansletten binne, oanspraak meitsje kinne op stipe fan de provinsje, late daliks ta protest. En in nuansearjende opmerking fan in Skriuwersbounbestjoerslid sette it spul allinne mar mear op skerp. Meikoarten sille it Skriuwersboun en de provinsje om [...]

  • 27 oktober 2014

    FROUKJE SIJTSMA -  Skriuwers út it hiele lân joegen gehoar oan de oprop fan de Ljouwerter histoaryske feriening Aed Levwerd om sels ferhalen te betinken by histoaryske gevelstiennen, muorrereklames of opskriften, dy’t yn de binnenstêd te finen binne. De fyftjin meast bysûndere ferhalen fan de yn totaal 52 ynstjoerde ferhalen binne bondele yn it boekje ‘Wat je Saeye, wat je maeye’. Snein 26 oktober wie de [...]

  • 24 oktober 2014

    WILLEM VERF -  Fryslân is yn 2018 nei alle gedachten in regio dêr’t ûnskuldige keunst fertoand wurdt, in provinsje mei in haadstêd dêr’t foaral ûngefaarlike ‘events’ te genietsjen falle. Dy realiteit twingt him oan my op, ek al kin ik dêr mar min oer. De Provinsje kaam mei it idee om as Kulturele Haadstêd Fryslân yn Europa bekendheid te jaan. De gemeente Ljouwert moast de [...]

  • 23 oktober 2014

    SJOUKJE WERKMAN -  Hot news wie it, doe’t Podium Asteriks de komst fan Thomas Azier oankundige. Binnen de koartste kearen wie de show útferkocht. Oan ien kant fanselssprekken, want it optreden op Welcome to the Village wie yndrukwekkend. Unmooglik om sa’n show yn Asteriks del te setten sûnder de sfeer fan in waarme simmerdei op in relaxed festival. En dochs, komt Thomas Azier in hiel [...]

  • 22 oktober 2014

    SJOERD BOTTEMA -  Yn 1995 ferskynden de Frysktalige edysjes fan seis dieltsjes út de Kameleonrige. De teller stie doe op 61 dielen en 12.5 miljoen ferkochte eksimplaren. Yn de jierren dêrnei binne der noch fiif Nederlânsktale edysjes ferskynd en fjouwer Frysktalige. Yn 2003 waard it earste diel, De schippers van de Kameleon ferfilme en yn 2005 kaam der in twadde Kameleonfilm. Fan 2005 ôf ferskynden [...]

  • 21 oktober 2014

    KAREN BIES -   Foar myn beppe haw ik eigenmakke appelsmots meinommen, fan appels út in oar syn tún. Se is der bliid mei en fertelt hoe’t se yn de oarloch ek ris appels ruile hie. Grinslanner Sedelingen. Dy lei se foarsichtich yn in laad, los njonken elkoar, yn twa lagen mei papier dertusken, sadat se net rotsje soene. De hiele winter koene se derfan ite. [...]

  • 20 oktober 2014

    GERBEN DE VRIES -  De skiedskriuwing oer Fryslan en oer Fryske saken en ûntjowingen is eins noch mar koartlyn professionalisearre. Alteast, dat beweare in tal gelearde mannen yn de bondel Geschiedschrijving 1900-1940, in het bijzonder over Friesland, en ik tink dat hja dêr wol yn gelyk yn hawwe. Oan de oare kant is it ek wer net sa'n wûnderlike stelling. De yn it twadde part fan [...]

  • 12 oktober 2014

    Achte hear Konst, Witte jo dat it hjoed ynternasjonale Columbusdei is? Día de la Hispanidad. Yn hiel Súd-Amerika wurdt betocht dat har kontinent op 12 oktober 1492 ûntdutsen waard troch de Portugese globetrotter. En sa't je ferwachtsje meie is dat foar de Spaanske winners in echte feestdei, en hawwe se it yn Súd-Amerika geandewei  omturne ta in keurich ferantwurde Día de la raza, de dei [...]

  • 10 oktober 2014

    SJOERD VAN METEREN -   E.M. Galerie bestiet 15 jier en Elzbiéta Middel frege 15 skriuwers en keunstners út Fryslân om harren fisy op de Fryske myte te ferbyldzjen. Ien fan de dielnimmers is Sjoerd van Meteren en de Moanne publisearret in útwreide fersy fan syn bydrage oan dizze útstalling dy't noch oant 22 novimber te sjen is.    Het plaatselijke is het enige universele [...]

  • 8 oktober 2014

    FROUKJE SIJTSMA -  In grutte ferrassing is it foar de 21-jierrige Jephta de Visser út Warten at se heart dat se útroppen is ta húsdichter fan de Ryksuniversiteit fan Grins. ‘ Ik hie al in pear jier gjin gedichten mear skreaun, doe’t ik hearde oer de oprop dat der in nije húsdichter socht waard. ’ De falbile wie doe al hiel tichtby, dat Jephta moast [...]