Fryske skiedskriuwing

GERBEN DE VRIES – 

De skiedskriuwing oer Fryslan en oer Fryske saken en ûntjowingen is eins noch mar koartlyn professionalisearre. Alteast, dat beweare in tal gelearde mannen yn de bondel Geschiedschrijving 1900-1940, in het bijzonder over Friesland, en ik tink dat hja dêr wol yn gelyk yn hawwe. Oan de oare kant is it ek wer net sa’n wûnderlike stelling. De yn it twadde part fan de 19e ieuw ynsette professionalisearring fûn benammen plak op de universiteiten en dy fan Frjentsjer hie earder yn dy ieu definityf de poarten slúte moatten. Dat betsjutte yn de praktyk dat de skiedskriuwing noch lange tiid yn hannen bleau fan bygelyks de mannen fan it Frysk Genoatskip en oare ‘dilettant-histoarisi’, sa’t yn dit boek de amateur-histoarisy elegant beneamd wurde.

Yn de bondel demonstrearje Marnix Beyen en Maarten Duijvendak de algemiene Nederlânske skiedskriuwing en de stadige opkomst fan de regionale skiednis yn de earste helte fan de 20ste ieu. It nasjonale perspektyf wie noch lange tiid it liedende beginsel en mei om dy redenen waard de regionale skiednis oerlitten oan dilettanten. Yn de 19e ieu waarden sa in stikmannich skiednissen fan Fryslân skreaun dy’t de akademyske ’toets der kritiek’ amperoan trochstean koene. Dêr stiet oars wol tsjinoer dat it fak skiednis yn dit tiidrak syn foarm en ynhâld noch fine moast en dat der sawat noch gjin theoretyske ûnderbouwing wie.

Trije oare skriuwers behannelje trije mannen dy’t yn dit spanningsfjild tusken hobbyistyske sneuperij en professionale skiedskriuwing har wei besochten te finen. It is jammer dat echte sneupers as bygelyks Jan Teakes de Jager of de jonge Sytze Jan van der Molen net oan bod komme, want dat soe it ûnderskied neffens my folle helderder makke hawwe. Hanno Brand set útein mei it wurk fan Izaäk Gosses. Gosses ynteressearre him benammen foar steatkundige ûntwikkelingen yn wat wy no Frisia neame. Hy seach de Fryske lannen by de yn syn eagen steurende ôfwezigens fan in sintraal gesach as boererepublieken en de haadlingen as ‘staatsrechtelijk onkruid’. Syn wat al te romantyske fisy op de haadling en de Fryske frijheid is de lêste desennia op hast alle fronten korrigearre, skriuwt Brand terjochte. Gosses’ byldzjende en ynspirearjende styl makket him noch altiten tige lêsber, mar it is wol wat wrang dat der krekt mei dizze fertsjintwurdiger fan de nije professionale want akademyske skiedskriuwing ynhâldelik sa ôfweefd is.

Geert Ailco Wumkes wie in hiel oar man, fernimme wy fan Johan Frieswijk. In merkwurdige man, soan fan in heit dy’t stedsfrysk prate en in men út Grinslân en dochs sels in bodder yn de Fryske (taal)striid. In man dy’t sa’n tûzen biografyske sketsen skreaun hat oer al dy oare lytse en grutte bodders. In dominy dy’t benammen oaren op boarneûndersyk wiisde en sa in ‘paadwizer’ waard. In ûndersiker dy’t útsein syn dissertaasje – oer De Gereformeerde kerk in de Ommelanden tusschen Eems en Lauwers (1595-1796), oer Grinslân dus – eins amperoan wittenskiplik-histoarysk wurk skreaun hat. Ien fan de founding fathers fan de Fryske Akademy, al koe er net foarsjen dat der anno 2014 net safolle mear oer is dan dy winske mienskip fan ûndersikers en frijwilligers. In man ek dy’t in folwoeksen biografy ferstjinnet. Te tinken falt oan in biografy fan G.A. Wumkes, J.J. Kalma en S.J. van der Molen, alle trije manlju dy’t earder yn de breedte as yn de djipte wurken en dochs grutte ferstjinsten hân hawwe foar de skiedskriuwing fan Fryslân. In triografy dus.

As lêste komt Obe Postma oan bod. Dizze learaar wiskunde yn de stêd Grins ferhuze yn 1934 werom nei Fryslân en hold him benammen dwaande mei lânbou- en plattelânskiednis. Dizze dichter, sa makket Philippus Breuker dúdlik, ûndersike sawat alle beskikbere boarnen en dat makket syn wurk oant de dei fan hjoed fan belang. It is ek net om ‘e nocht dat syn lânbouhistoaryske stikken yn 2010, hast fyftich jier nei syn dea, nochris bondele en werprinte binne. Fansels, Postma hie in wat statyske opfetting fan it plattelân en it mankeart dizze detailman fan it fjild wolris wat oan in bird’s-eye view. Mar syn wearde sil bliuwe.

Yn dizze skiedskriuwing fan Fryslân yn it foarste part fan de 20ste ieu wolle de auteurs de begjinnende professionalisearring fan it fak troch trije bodders sjen litte. Oft dat yn alle gefallen slagge is, wit ik net krekt. Yn provinsjes as Grinslân of Drinte kaam dy professionalisearring ek let op ging, mei omdat de regionale skiedskriuwing noch lang troch romantyske, dilettantiyske auteurs beskreaun waard. Yn Fryslân – en dat komt yn dit boek eins fansels net oan ´e oarder –  gie de oandacht ek nei 1940 noch in skoft mear út nei geakunde as nei saakkundige skiedskruwing. Hoe dan ek, dit boek jout in nij ynsjoch yn de ûntjouwing fan it fak skiednis en dêrfoar fertsjinje de ynlieders en de biografen alle lof.

 

Ph.H. Breuker , G.Th. Jensma en H. de Jong, Geschiedschrijving 1900-1940, in het bijzonder over Friesland. Verloren, Hilversum 2013. 116 pagina’s, € 16,00.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.