Oarloch

Publisearre op 21 oktober 2014

KAREN BIES –  

Foar myn beppe haw ik eigenmakke appelsmots meinommen, fan appels út in oar syn tún. Se is der bliid mei en fertelt hoe’t se yn de oarloch ek ris appels ruile hie. Grinslanner Sedelingen. Dy lei se foarsichtich yn in laad, los njonken elkoar, yn twa lagen mei papier dertusken, sadat se net rotsje soene. De hiele winter koene se derfan ite.

We prate oer it nijs dat Ljouwerter strieljagers, en dus wy, meidogge yn in oarloch. De eangst foar oarlochsfleantugen sit djip by har. Se hearde dy al oankommen as se yn Ingelân de loft yn gongen, beweart se. Se praat graach oer eartiids, want dat stiet har helderder foar de geast as alles wat se no meimakket op har fiifennjoggentichste, yn in fersoargingshûs.

Ynienen hearden se it helsk kabaal fan in fleantúch en mitrailleurs, it razen fan minsken.

Myn pake en beppe wiene skippers en foar lading moasten se nei de beurs ta. Yn de oarloch foel der net te kiezen tusken fracht; jo moasten nimme wat der bean waard. It guod gong dan nei Dútslân oer it nije kanaal, it Van Starkenborghkanaal. In laden frachtskip op it nije kanaal rûn grutte kâns besketten te wurden troch Ingelske fleantugen. Dus leaver gongen myn pake en beppe mar net nei de beurs. Se leine it skûtsje earne achterôf del, dêr’t it net opfoel. Ut en troch in hanneltsje yn Fryslân en Grinslân, mar oars fierhinne stil lizze en niks sizze. Sa bleauwen se bûten skot.

In kear seagen se fan tichtby hoe’t it misgie. Harren skip lei yn it Aduarderdiep, dat útkomt op it Van Starkenborghkanaal. Ynienen hearden se it helsk kabaal fan in fleantúch en mitrailleurs, it razen fan minsken. Dat kaam fan in skip op it nije kanaal. Myn pake en syn broer gongen der gau hinne, beppe bleau mei twa lytse bern ûnder yn de roef.

Op it oare skip wie it in drama. In jonge fan in jier as sechstjin dy’t oan it roer stien hie, lei dea op it dek. De skipper en syn frou stiene der hopeleas en gûlend by. It houten dek wie fersplintere troch kûgels.

It moat begjin 1944 west ha, tinkt beppe, want har dochter wie in lytse poppe en har soan, myn heit, in jonkje fan fjouwer. Salang as de oarloch duorre koe se amper mear sliepe. Nachts, by it minste lûd út de fierte, rôp se: ‘De Tommy’s komme deroan!’ En as it echt sa wie, moasten se as de soademiter fan it skip ôf. In eintsje fierderop leine se dan mei de twa bern yn ‘e ûnderwâl, te sjen nei harren skip, te wachtsjen.

 

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM -   In pear dagen nei it ôfslachtsjen fan Theo van Gogh waard dit my thús yn breedbyld skildere: J.P. Balkenende ûnferwachts [...]

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM  Yn ’e wrâldfan de organisaasje-adviseurs jildt it adagium: wat goedkeap is, kin net goed wêze. Priuw ik dat yn fakblêden noch [...]

  • Kategory: Kollum

    MINDERT WIJNSTRA -  Ik sil in jier of tsien west ha, doe’t ik in ienfâldich toverlantearntsje krige, sa’nien dêr’t ljochtbylden mei fertoand wurde kinne. Ik [...]