Columbus

Publisearre op 12 oktober 2014

Achte hear Konst,

Witte jo dat it hjoed ynternasjonale Columbusdei is? Día de la Hispanidad. Yn hiel Súd-Amerika wurdt betocht dat har kontinent op 12 oktober 1492 ûntdutsen waard troch de Portugese globetrotter. En sa’t je ferwachtsje meie is dat foar de Spaanske winners in echte feestdei, en hawwe se it yn Súd-Amerika geandewei  omturne ta in keurich ferantwurde Día de la raza, de dei fan de fermongen rassen. Sa giet soks, winners en ferliezers jouw elk har eigen draai oan in belangryk barren.

En sa modderfokkerje we troch, al dy gelearden en frijtinkers negearjend dy’t der hieltyd mar wer op wize dat it allegear folle better, folle moaier kin, as jo mar bûten de fêste struktueren doare te sjen – en te besluten.

It sil jo dus net ferrast ha dat elkenien fannewike syn eigen útlis joech oan it rapport fan de kommisje-Winsemius. Ferliezers hoopje it tij noch keare te kinnen, winners kraaie alfêst fiktoarje. Dat wie krekt likegoed te foarsizzen as it rapport sels. In rapport dat gjin inkelde ferrassing, gjin inkelde fynst of nij ynsjoch sjen liet. Gewoan wat pluskes en mintsjes achter al dy plannen sette. Sadat it drege beslút aanst neat oars hoecht te wêzen as in boekhâlderssomke. As dy rotterige FNP-ers tenminsten op tiid yn de stringen te krijen binne.

En sa kin it samar wer útdraaie op in ordinair stikje hantsjeklap. Links in plantsje minder, rjochts mei it in mûntsje mear wêze. Wat kompinsaasje foar de natuerklups, wat beloftes om de grutste wjerstân lytsman te krijen, en mar net tefolle neitinke oer al dy fraachtekens by dit enerzjyakkoart of oer alle oare rapporten dy’t sizze dat wynenerzjy uteinlik neat opsmite sil, útsein foar de ynvestearders en eigners, dy’t fette finansjele bydragen fan it ryk opstrike.

Noch eefkes, dan is ús lânskip definityf ruïnearre troch alles wat we op ’t stuit by d’ ein ha: dy Babelske wyntuorren, de skaalfergrutting en yndustrialisaasje fan de feehâlderij, kilometers nij asfalt. Allegear rjochtse hobby’s, dêr’t trouwens mear subsydzjejild hinne giet as in linkse hobbyist ea fan doart te dreamen. Allegear ûntwikkelingen dêr’t de maatskippij hielendal niks mei opsjit, dy’t neat te meitsjen hawwe mei foarútgong of ferbettering.

En sa modderfokkerje we troch, al dy gelearden en frijtinkers negearjend dy’t der hieltyd mar wer op wize dat it allegear folle better, folle moaier kin, as jo mar bûten de fêste struktueren doare te sjen – en te besluten.

Tink nochris nei oer dy wynmûnen: in enerzjymarkt dy’t aansen bestiet út partikuliere ynvestearders en boeren dy’t grau jild fertsjinje oan wat de goegemeente oan ekstra enerzjylêsten betelje moat, mei mûnen dy’t it oansjoch fan de wrâld folslein behearskje sille wêrtroch’t der foar toeristen, fotografen, skilders en elts dy’t in lânskip wurdearje kin hielendal neat mear te finen is en dy’t alle fierdere groei yn ’t paad stiet omdat nimmen him hjir noch ta wenjen sette wol, wylst allang bekend is dat wynenerzjy kwalik bydraacht oan in better milieu… dêr wol in goed bestjoerder dochs net syn hantekening ûnder stean ha?

Ja, oan de sydline is it maklik praten. Je sille der mar foar stean, foar sa’n dreech beslút. Mei sa’n rapport fan tsien kear niks as fûnemint. Fyn dan marris út hoe’t it wol moat.

Miskien kinne jo by Columbus te rie. Dy hie wat mei in aai.

 

Bart Kingma       

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM -   In pear dagen nei it ôfslachtsjen fan Theo van Gogh waard dit my thús yn breedbyld skildere: J.P. Balkenende ûnferwachts [...]

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM  Yn ’e wrâldfan de organisaasje-adviseurs jildt it adagium: wat goedkeap is, kin net goed wêze. Priuw ik dat yn fakblêden noch [...]

  • Kategory: Kollum

    MINDERT WIJNSTRA -  Ik sil in jier of tsien west ha, doe’t ik in ienfâldich toverlantearntsje krige, sa’nien dêr’t ljochtbylden mei fertoand wurde kinne. Ik [...]