Wurk fan wurk

Publisearre op 29 oktober 2014

ARJAN HUT – 

Gedonder om de nije provinsjale Subsydzjeregeling Kultuer en Mienskip. It betingst dat allinne útjeften troch auteurs dy’t by it Nederlands Verbond voor Tolken en Vertalers oansletten binne, oanspraak meitsje kinne op stipe fan de provinsje, late daliks ta protest. En in nuansearjende opmerking fan in Skriuwersbounbestjoerslid sette it spul allinne mar mear op skerp. Meikoarten sille it Skriuwersboun en de provinsje om tafel, mar oft dêrmei de problemen oplost wurde sille? Wylst fanút de skriuwers de rop om it skrassen fan it betingst tige dúdlik liket, hat it Boun in oare ynstek.

“Oant de nije regeling, ha wy in jier as wat gjin jild yn de pot foar it oersetten hân. It subsydzjeplafond wie op nul set, omdat der gjin berop mear dien waard op de âlde regeling.” seit beliedsmeiwurker Tsjerk Bottema. “Wy hawwe de regeling op ‘e nij besjoen omdat dat nedich wie neffens de nije Algemene Verordening Subsidies 2013. Alle provinsjale regelingen moasten dêrop oanpast wurde.”

By it Skriuwersboun waard op inisjatyf fan Jan Schotanus in oersetterswurkgroep opsetten, mei as foarnaamste doel it tal oersettings fan jeugdromans nei it Frysk te stimulearjen. Yn dy hoedanichheid had Schotanus wolris in petear hân mei beliedsmeiwurkers fan de provinsje. Likernôch yn deselde snuorje spile it ûndernimmen Boeken fan Fryslân, in seleksje fan tsien Fryske boeken dy’t oanbean waarden op de Frankfurter Büchmesse. Dat smiet yn 2013, njonken in soad argewaasje, ek frijwat belangstelling op fan bûtenlânske útjouwers. Alle bymekoar hat dat der foar soarge dat it oersetterspotsje mar ris oppoetst en folsmiten wurde moatst.

“As provinsje wolle wy graach helpe om de produksje en de kwaliteit fan oersettings omheech te bringen. Dêrfandinne fûnen wy it ferstannich om de regeling foar oersetters op ‘e nij iepen te stellen. Ek omdat wy de ambysje ha om de Fryske literatuer in ynternasjonaal poadium te bieden. Dan is der wol ferlet fan knappe oersettings.” Om foar te kommen dat der misbrûk fan de regeling makke wurde kin, waard mei in jurist oerlein en is men kommen ta artikel 2.2.7. Dat stelt:

“Voor de activiteiten, bedoeld in artikel 2.2.2, onder a, b en c geldt dat de vertaling wordt uitgevoerd door een bij het Nederlands Genootschap van Vertalers [sic] aangesloten vertaler.”

 

Skriuwers, dichters, oersetters, lykje it ris meiinoar iens.

 

Krityk
Dichter, journalist en fotograaf Abe de Vries wie op syn blog Seefeartsterdyk fan 15 augustus (‘Berufsverbot by provinsje Fryslân’) tige dúdlik yn syn oardiel. Hy stelt fêst de eask dat in oersetter lid wêze moat fan in beropsgropfertsjinwurdigjende organisaasje nij is en neamt it in ‘folslein belachelike eask út de amtlike hege hoed’. It is moaie regeling, mar dat allinne oersettingen fan in by it NGTV oansletten oersetter subsidiearre wurde, is foar him ûnbegryplik.

Ek Eeltsje Hettinga set him yn de kollum ‘De fermonopolisearring fan it oersetten‘ fan 17 augustus ôf tsjin artikel 2.2.7. Hy komt mei in tal konkrete foarbylden dêr’t de regel gewoanwei net praktysk is. “Stel, J.Q. Smink, Hidde Boersma of Grytsje Schaaf wolle harren dichtwurk sels nei it Nederlânsk oerbringe, dan sille se op grûn fan it formeel (!) tinkende provinsjale amtbersnaasje net op stipe tidigje kinne, want Smink, Schaaf en Boersma binne no ienkear gjin beropsmjittige oersetters.”

Oer it generaal krije De Vries en Hettinga in soad byfal. Skriuwers, dichters, oersetters, lykje it ris meiinoar iens. Sa’t Abe de Vries skreau: “… prachtich, dizze nije mooglikheid, mar artikel 2.2.7 kêst 1 moat sa gau mooglik skrast wurde.” Inkeld Anne Popkema, oersetter èn bestjoerslid fan it Skriuwersboun, reagearre mei wat nuânse. Hy joech oan begryp te hawwen foar de drompel dy’t de provinsje besiket oan te bringen. Dat sette de boel lykwols noch mear op skerp.

 

 ‘Is dit no wol handich?’

 

Freontsjepolityk
Hettinga publisearret op 8 oktober in twadde artikel, “Hat It Skriuwersboun noch besteansrjocht?” dêr’t er yn seit dat “Belangeferstringeling, monopolisearring en ûntrochsichtich holden prosedueres” as in “rourâne” om it Skriuwersboun hinne hinget. Ommers, hat in delegaasje fan it Skriuwersboun net belutsen west by it opstellen fan de regeling? Is trijekwart fan it bestjoer net sels oersetter? “Krekt yn in klimaat wêryn’t de Fryske ynstituten en de Fryske taal- en kultuerpolityk sterk mei-inoar ferweve of better, yn inoar begriemd binne, is it saak dat de keunst en polityk net allegeduerigen byinoar op skurte sitte. In organisaasje as It Skriuwersboun soe yn dit stik fan saken de krityske lús yn de pels fan de Fryske kultuerpolityk wêze moatte.”

Bottema fernuveret him net oer de krityk. “Wy konstatearje ek dat minsken dy’t betûft binne op dizze wize bûten de bepaling falle. De regeling is krekt ornearre om de oersetterij út de hobbysfear te heljen. It is net de bedoeling dat der jild lizzen bliuwt. Oan de oare kant, wy wolle it Frysk ek net útsûnderje fan drompels dy’t oars wol jilde soene. Mar in betingst dat krekt in primêr doel fan de regel (it stimulearjen fan it tal oersettings) tsjinwurket, nee, dat is net handich.”

De measte Fryske oersetters ha net in oersettersoplieding dien. Ek net Anne Popkema, dy’t as oersetter wurket, en ek in eigen taalburo hat. Hy is ûnderwilens wol lid fan it NGTV wurden, mar kin him skoan yntinke dat soks foar de measte Fryske skriuwers in drege put wurd. “As net in diploma hast, dan moast per oersetrjochting trije oanbefellings fan opdrachtjouwers oerlangje. Dy oanbefellings moatte ek wer oan beskate betingsten foldwaan, en wurde dan troch in kommisje binnen yn NGTV hifke”.

In hiel oe-heden dus, en wa’t troch de ballotaazje komt, dy mei alle jierren ek nochris 120 euro oan lidmaatskipsjild oermeitsje – ek sa’n grap dêr’t net elkenien om laitsje kin.

Neffens Bottema falt der wol oer de ynhâld fan it betingst te praten, mar is der al in drompel nedich. “It Skriuwersboun hat dizze kwestje ek by ús ûnder de oandacht brocht, sa fan: ‘Is dit no wol handich?’ Wy hawwe oanjûn dat wy dêroer graach mei har yn petear geane. Dêroer hat kontakt west mei de foarsitter fan it Skriuwersboun, Tryntsje van der Veer.”

De skyn fan freontsjepolityk hinget om de hiele proseduere hinne. Hettinga is yn syn artikel fan 8 oktober net al te dûbelsinnich as er skriuwt dat “… al seit it Boun in organisaasje te wêzen dy’t de algemiene belangen fan har leden behertiget, it oerlis oer de nije provinsjale oersetregeling lit sjen dat it bestjoer fan it Boun dêr gjin inkeld boadskip oan (hân) hat, want eigen winkel earst.”

 

‘De regel is in ûnhandichheid fan de provinsje.’

 

Kommisje
Hoewol’t ûnderwilens de kreauwerij om de oersettersregeling wat nei de achtergrûn ferdwûn is troch it trelit om de nije stavering hinne, hat it Skriuwersbounsbesjoer mid-oktober nochris bymekoar sitten, mei as doel in foarstel te formulearjen om mei te nimmen yn in petear mei de provinsje. Wat de Fryske skriuwers oanbelanget, soe dy ynstek dúdlik wêze moatte: artikel 2.2.7 skrasse. It Skriuwersboun, lykwols, hat dat net foar eagen en besiket krekt mei de provinsje mei te tinken. In resept foar noch mear gedonder?

“De regel is in ûnhandichheid fan de provinsje,” begrypt Popkema, “do slútst dêr in hiele boel skriuwers mei ôf. Mar it is wol moai dat de regeling der no is. De wil is der om in geskikte oplossing te finen, dêrfandinne dat wy der net te fûl yngean wolle en skrik de provinsje ôf.”

Yn it nijjiersnûmer fan de Oesdrip jout it bestjoer oan har leden oan dat it artikel 2.2.7 in ‘kontraproduktive bepaling’ fynt en ‘dat de Fryske sitewaasje him domwei net lient foar sokke beheining’.

Ofgeande op it brief fan it Skriuwersboun oan de provinsje, ein septimber, en wat Popkema fertelt oer de gearkomste fan midden oktober, sil der troch it bestjoer net streekrjocht fan de provinsje easke wurde dat it kontroversiële artikel skrast wurdt. Ynstee dêrfan wol men konstruktyf mei de provinsje meitinke oer in oplossing dêrby’t a) in drompel bestean bliuwt en b) Fryske skriuwers net en masse bûten de regeling falle.

“Wy wolle eins útstelle dat skriuwers dy’t net lid binne fan de NGTV of in oare, lykweardige beropsferiening troch in saakkundige kommisje hifke wurde op har betûftens. En as in skriuwer dy’t net lid is fan in oersettersberopsferiening dan ien kear troch sa’n kommisje kommen is, dan hoecht er by in folgende oanfraach net nochris hifke te wurden. Sa wurde gjin tige geskikte, mar net sertifisearre oersetters útsletten, en sa hâldst kwaliteitshifking troch in oare partij as allinne de útjouwer.”

De provinsje wol graach dat oersetters op nivo ek op nivo stipe wurde, dus professioneel oan de slach kinne, it oersetten út de hobbysfear helje en mear Fryske boeken de grins oer. Mar it skriuwerboun makket mei har konstuktyf bedoelde útstel wurk fan wurk. Wa moat der dan yn sa’n kommisje? Noch mear petten om te ferdielen oer in beheind tal hollen, om mar ris ien oan de kym opdoemjende kwestje te neamen.

En net allinne dat. It Skriuwersbounbestjoer wol, sa liket it teminste, in brêge bouwe tusken har leden en de provinsje. Dat men dêrby heal – oplossings oandragend – wat op de stoel fan de provinsjale beliedsmeiwurkers skoot, sil de skyn fan freontsjepolityk en belangeferstringeling earder fûler meitsje as weinimme.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels