Thomas Azier yn Podium Asteriks

SJOUKJE WERKMAN – 

Hot news wie it, doe’t Podium Asteriks de komst fan Thomas Azier oankundige. Binnen de koartste kearen wie de show útferkocht. Oan ien kant fanselssprekken, want it optreden op Welcome to the Village wie yndrukwekkend. Unmooglik om sa’n show yn Asteriks del te setten sûnder de sfeer fan in waarme simmerdei op in relaxed festival. En dochs, komt Thomas Azier in hiel ein yn ‘e buert.

Thomas Azier, de jonge út Leiderdorp dy’t in grut part fan syn jeugd troch brocht yn Nijeberkeap, is ynmiddels ek bûten Fryslân bekend. ‘Hylas’, syn meast resinte album, is inspireert op syn libben yn Berlyn dêr’t er fiif jier wenne hat. It ôfrúne jier tourde hy troch Frankryk der’t er spile yn it skaad fan grutte jongens as Woodkid en Stromae.

De opswypjende yntro’s, yndrukwekkende lûdseffekten en de opfallende fertoaning fan Thomas sels, litte it publyk efkes ferjitte dat se yn ‘n relatief lytse seal stean mei noch gjin 200 man.

Op it stuit is de jonge út Nijeberkeap drok dwaande mei syn twadde album, mar foar’t dy de wrâld yn giet, slút hy de Hylas-periode ôf mei noch ‘n hantsjefol optredens yn Nederlân. Podium Asteriks liket wat in frjemde fûgel tusken sealen as Effenaar, Maassilo en Tivoli Vredenburg, mar it fielt foar him as thúskommen, sa fertelt er.

De seal is om acht oere iepen. It falt fuortendaliks op hoefolle minsken der sa betiid op de jún al binne. Gosto út Amsterdam, spilet yn it foarprogramma. Nei in rommelich en tsjuster begjin, witte de Amsterdammers it publyk úteins dochs te reitsjen. De mannen ha krekt harren earste single út en mei de Freaknacht fan 3FM en tal fan oare optredens yn it foarútsjoch, binne wy foarearst noch net fan de hearen ôf.

Om healwei tsienen is it tiid foar de haadact; Thomas Azier. De seal is ynnmiddels goed fol, de ljochten gean út en de reekmasine docht syn wurk. Mei in ynkringjend lûd, opvallend better en swierder as by de foarige act, en spektakulaire visuals op de skermen set de jonge út Nijerberkeap yn. Al gau is dúdlik dat it album ‘Hylas’ dizze show sintraal stiet. Hits as ‘Red Eyes’ en ‘Futuresound’ ûntbrekke dan ek net, mar ek minder bekende númers as ‘Sirens of the Citylight’ en ‘Shadow of the Sun’ wurde as hast fansels net fergetten.

De opswypjende yntro’s, yndrukwekkende lûdseffekten en de opfallende fertoaning fan Thomas sels, litte it publyk efkes ferjitte dat se yn ‘n relatief lytse seal stean mei noch gjin 200 man. It Azier-lûd docht tinken oan dat fan Daft Punk, Kraftwerk, Depeche Mode. Mar ek de looks fan de artyst bliuwe net frij fan gelykennissen; David Bowie, benammen troch de lange jas mei opsteande kraag, in blonde Bono en mear soks giet troch de seal. Syn teatrale gebaren jouwe it publyk it gefoel dat der wat enoarms oan `e gong is. En ergens is dat ek wol sa. Stadich oan kriget Azier it publyk yn ‘e besnijing.

Azier slút it optreden ôf mei toch noch wat nij wurk, in nûmer dat er pas ferline wike skreau. As tajefte wurdt ‘t publyk traktearre op in cover van Chris Isaak, ‘Wicked Games’, sa er dat begjin dit jier yn de radioshow fan Giel Beelen fan 3FM spile.

Foar in tiisdeitejûn hat Thomas Azier der yn de seal fan Asteriks alles úthelle wat der yn siet. In show dy’t net fan itselfde kaliber is as de rûnút perfekte show op Welcome to the Village dit jier, mar wol in show wêrmei’t Azier sjen lit dat er ek yn Asteriks grut is.

Fotografy: Coen Waltmans

Thomas Azier spilet de kommende trije dagen noch yn Nederlân, wêrnei’t er fierder giet mei in lytse Europeeske toernee.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.