Jephta de Visser: ‘Ik mei in jier lang dichtsje foar de Ryksuniversiteit Grins’

Publisearre op 8 oktober 2014

FROUKJE SIJTSMA – 

In grutte ferrassing is it foar de 21-jierrige Jephta de Visser út Warten at se heart dat se útroppen is ta húsdichter fan de Ryksuniversiteit fan Grins. ‘ Ik hie al in pear jier gjin gedichten mear skreaun, doe’t ik hearde oer de oprop dat der in nije húsdichter socht waard. ’ De falbile wie doe al hiel tichtby, dat Jephta moast hurd oan it wurk om fiif nije gedichten op papier te krijen foar de sollisitaasjekommisje.

Op de iepening fan it Akademysk Jier mocht se har gedicht ‘Universiteit’ foarlêze, mar fan in húsdichter wurdt mear ferwachte. ‘Foar de Universiteitskrante mei ik alle moannen in gedicht skriuwe en ek mei ik dit stúdzjejier in poëzy-evenmint organisearje.’ Wat se krekt dwaan sil wit se noch net. ‘In eardere húsdichter hie bygelyks stoepkryt kocht en dat yn de stêd útdield. Minsken krigen de opdracht mei om dy dei yn allegear moaie kleuren gedichten op strjitte del te setten.’

Dochs is it net de earste kear dat Jephta har dichterstalint opfalt, want har poëzy waard al ferskate kearen beleane mei in priis.

Jephta, dy’t yn it tredde jier fan de oplieding Keunstskiednis sit, wol it húsdichterskip ek wer net te bysûnder meitsje en skoot de kompliminten gau fan tafel. ‘Safolle minsken hienen leau’k ik ek net sollisitearre hear.’ Dochs is it net de earste kear dat Jephta har dichterstalint opfalt, want har poëzy waard al ferskate kearen beleane mei in priis. ‘Op de middelbere skoalle haw ik in pear kear meidien mei dichterswedstriden.’

Doe’t Jephta 15 jier wie stie se yn de finale fan de Doe Maar Dicht Maar wedstriid en wûn se de Slauerhoff Poëzypriis mei har gedicht ‘Voor Fardau’. Dat gedicht giet oer it hawwen wolle fan eat dat der op dat momint net is. Langstme hawwe nei de simmer at it winter is en útsjen nei de winter at it simmer is. Twa jier letter wûn Jephta de Doe Maar Dicht Maar wedstriid yn de kategory 15 oant mei 19 jier mei har gedicht ‘Appel’.

It is in skeptysk gedicht wurden oer it lijen fan in goudfisk.

Foar har stúdzje wennet Jephta yn Grins, mar se groeide op yn Warten en Goutum. ‘It dichtsjen sit by ús yn de famylje’, fertelt Jephta. ‘Us heit dichtet, mar ek myn beppe mocht graach gedichten op papier sette. Sy dichte ek yn it Frysk, mar sels fiel ik my net sa fertroud yn de Fryske taal.’ De ynspiraasje foar har gedichten hellet Jephta út hiele gewoane dingen. ‘Saken dy’t my opfalle at ik oer strjitte rin. Of ferhalen dy’t ik lês yn it nijs. Lêst haw ik in gedicht skreaun oer in ûnderwerp út ‘e krante dat my opfoel.’ It is in skeptysk gedicht wurden oer it lijen fan in goudfisk. ‘Der stie in ferhaal oer in goudfiskje dat in tumor hie. De frou fan wa’t it bistke wie hie der alles foar oer om har húsbist te rêden en skeakele in bistedokter yn dy’t de tumor fuorthelle. Sa’n ferhaal, dat fassinearret my. In goudfisk operearje, wylst der safolle minsken yn ‘e wrâld binne foar wa’t dat jild ek brûkt wurden kinnen hie. ’

Hoewol’t Jephta har nije funksje noch mar krekt útein set is, dreamt se no ek al fan nije útdagings. ‘Ik soe sa graach stêdsdichter wurde wolle. Dat liket my echt fantastysk.’ Ungmooglik hoecht dat net te wêzen. ‘In eardere húsdichter fan de universiteit is no stêdsdichter fan Grins. Dat wa wit!’

 

 

Universiteit

Nog warm van de slaap  snurken we zachtjes door
in de collegebanken,
schrijven de spreker letterlijk na en halen één, twee,
drie,
nee vier kopjes koffie.
Maandagmorgen is de desillusie na de ruimtereis.
Major Tom to ground control.

Tot de zon door de luiken piept en een powerpoint
zich uitstrekt en ons wakker schudt.
Cijfers, tabellen, levende cellen,
dode talen, de structuur van verhalen,
kunstwerken, handelsmerken,
godsdienstwetenswaardigheden.
Zo zoeven de pennen over papier.

Het is nu in de collegebanken alsof de trein
op gare de la Ciotat arriveert
We kijken naar het scherm van de Lumières
En zijn verbijsterd, buiten zinnen
Want de wereld dendert binnen

En na een tiental pauzes
als we ’s nachts gaan slapen,
Suizen de verbijsteringen door elkaar
Onze gevulde geesten nemen ons mee
Voorbij de grenzen van de ov-chipkaart
And I’m floating
In a most peculiar way

 

HSMC wedstriid 2009, winner Jeptha deVisser (15 jier)

Voor Fardau,

De rokjes en wat hemdjes liggen vooraan in de kast
In een dik pak sneeuw lig ik van bloemetjes te dromen
Mijn muts die was ik net zolang tot hij niet meer past
en ‘s nachts als ik in bed lig slaap ik blaadjes aan de bomen.

Op mijn koude kamer staat de ventilator aan.
Mijn favoriete geur is die van gemaaid gras.
Op het journaal kondigt de weerman regen aan.
En ik, ik loop naar buiten met een mand vol was.

De zomer is gekomen ik houd een madeliefje vast.
In een bloemenveld, lig ik van sneeuw te dromen.
Mijn jurk die was ik net zolang tot hij niet meer past.
En ‘s nachts als ik in bed lig slaap ik blaadjes van de bomen.

Jephta de Visser

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels