Aed Levwerd skriuwt fierder oan de skiednis

FROUKJE SIJTSMA – 

Skriuwers út it hiele lân joegen gehoar oan de oprop fan de Ljouwerter histoaryske feriening Aed Levwerd om sels ferhalen te betinken by histoaryske gevelstiennen, muorrereklames of opskriften, dy’t yn de binnenstêd te finen binne. De fyftjin meast bysûndere ferhalen fan de yn totaal 52 ynstjoerde ferhalen binne bondele yn it boekje ‘Wat je Saeye, wat je maeye’. Snein 26 oktober wie de feestlike presintaasje fan it boek en waarden de winners yn it sintsje set.

Ien fan de winners waard ynspirearre troch it opskrift dat op de earste etaazje fan wenhûs ‘De Druckerij’ yn de Grutte Tsjerkstrjitte te finen is. Op de eardere patrisiërswenning mei drukkerij binne de folgjende stichtelike wurden te lêzen:

Die door bedroch zyn naaste schent
Die woord en waarheid bits ontkent
En met zyn tong het hert beliegt
Zijn ziel, maar Godt hij niet bedriegt

It dêr by betochte ferhaal giet oer in swalker, dy’t fan in freonlike frou wat jild tastoppe krijt. It is de swalker lykwols net genôch en dêrom stelt er de frou de beurs út har taske. Wannear’t er letter yn ‘e stêd rint en konfrontearre wurdt mei de tekst, kryt er spyt wat er syn neiste oandien hat en beslút dêrom de frou de beurs wer werom te jaan.

Wy wienen hiel benijd hokker tinzen en ferhalen dy histoaryske teksten en ôfbyldings losmeitsje by de minsken. Kreativiteit en skiednis gean yn ús optyk hiel goed tegearre.

Bestjoerslid Saakje Zijlstra fynt it in prachtich ferhaal. “It is grif te efterheljen wat de skiednis efter dat opskrift is, mar dit is in moaie hjoeddeiske ynfolling fan dyselsde tekst.” Eins is it wol in opfallende wedstryd dy’t Aed Levwerd útskreau, want skiednisboeken oer de feitlike ferhalen efter de histoaryske teksten moasten foaral ticht bliuwe. Zijlstra leit út dat it just krekt de bedoeling wie om minsken út te daagjen om ris mei oare eagen nei de stêd te sjen. “Sjoch ris om dy hinne ast troch Ljouwert rinst. Boppe in soad winkels en wenhûzen binne prachtige gevelstiennen en opskriften te finen. In soad minsken witte net hokker ferhalen der efter dy stiennen skûl gean. Je kinne dat fansels yn boeken opsykje, mar wy woenen just krekt dat minsken har fantasy brûkten. Wy wienen hiel benijd hokker tinzen en ferhalen dy histoaryske teksten en ôfbyldings losmeitsje by de minsken. Kreativiteit en skiednis gean yn ús optyk hiel goed tegearre.”

De twa kopkes op de Etos-winkel oan de Nijstêd ynspirearren wer in oare skriuwer. Dy kopkes binne Hygieia, de goadin fan de Sûnens, en Asclepius, de god fan de Genêzing yn tegeltablo’s ôfbylde. Zijlstra: “It ferhaal dat hjir by optocht is, giet oer de boargemaster fan de stêd dy’t besoarge is oer de sûnens fan syn folk as de pest hearsket. Hy wennet oan de Nijstêd en kin net sliepe. Dan sjocht er nei bûten en dêr lûke Hygieia en Asclepius syn oandacht. En dan hat er de oplossing fan syn probleem: minsken moatte folle better om har hygiene tinke troch ek har hannen better te waskjen.”

Jong en âld stjoerden harren ferhaal ta. Aed Levwerd is tefreden mei it tal ynstjoerings. Zijlstra: “Wy krigen net allinnich ferhalen út Fryslân, mar ek út Haarlem, Bilthoven en Amsterdam ensafh.” Alle anonym ynstjoerde ferhalen binne lêzen troch trûbadoer Piter Wilkens, boekfanaat Ronnie Terpstra en skriuwer Mindert Wynstra. Sy hawwe de meast bysûndere ferhalen keazen: 11 yn it Nederlânsk, 3 Fryske en 1 yn it Liwwadders. Zijlstra: “Alle winnende ferhalen binne yn in boekje bondele. Fotografe Eva Maria de Langen hat bysûndere foto’s fan de histoaryske gevelstiennen en teksten makke troch ek de hjoeddeistige wrâld der by fêst te lizzen.”

Alle ferhalen binne op cd foarlêzen troch Tamara Schoppert en Mindert Wynstra. Zijlstra: “Doe’t wy lykwols de lokaasjes fan de winnende ferhalen seagen, bliek dat se – op twa ferhalen nei – allegear earne oars yn de stêd sieten. Wy hawwe dêrom de ferhalebondel útwreide mei in kuierrûte. Op dy wize kinne minsken de ferhalen net allinnich lêze of beharkje , mar ek de gevelstiennen en opskriften sels besjen.”

De ferhalebondel ‘Wat je saeye, wat je maeye’ mei cd is fan hjoed ôf oan te keap yn de boekwinkels yn Ljouwert en by it Historisch Centrum Leeuwarden. Priis € 9,95.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.