• 11 maart 2015

    FREYA ZANDSTRA -  Wy litte ús foarstean op ús hearlike ossobuco of ús geweldige sushi – krekt sa lekker as yn Italië of Japan, mar fan wat der by ús pake en beppe op tafel stie, ha de measten fan ús gjin weet. Dizze tiden fan oerfloed freegje om kunde fan de Fryske keuken fan eartiids en dêrom ruilet Engrienetsiis itensferhalen foar nostalgyske kost. It [...]

  • 10 maart 2015

    FROUKJE SIJTSMA -  ‘Ik wil de eerste in Nederland zijn die Meester in het Schildersambacht én Meester in de Klassieke Kunst is.’ Fiifentweintich jier restaurearret Randolph Algera fan It Hearrenfean al tsjerken, histoaryske gebouwen, kantoaren en wenhûzen. Yn Nederlân, Europa, mar ek yn Amearika hat er ferskate projekten útfierd. Sûnt 1994 hat er syn eigen restauraasjebedriuw, Art Decor. Alle kearen is it wer in útdaging [...]

  • 9 maart 2015

    NIELS LAHUIS - Keunstneres Margaret Keane is yn oktober 1970 te gast yn in lokaal radioprogramma yn San Francisco. De útnoeging fynt plak op basis fan har oankommende eksposysje yn de Cory Art Gallery. It petear feroaret lykwols drastysk fan rjochting nei in ferrassende iepenbiering fan Keane. Jierrenlang is sy de frou west efter de oergryslik populêre keunstner Walter Keane, skilder fan bern mei eigenaardich [...]

  • 8 maart 2015

    Bêste Lieuwe, Wat wie it wer moai net, foarige wike. Ik fyn de Omloop Het Nieuwsblad alle jierren wer in feest. It fielt as it kadootsje datst in pear wiken foar dyn jierdei alfêst krijst. It ís noch hielendal gjin maitiid, de machtige aprilklassikers moatte noch komme, it fjild is noch griis en grau, yn har lange broeken binne de hurdfytsers kwalik te ûnderskieden fan [...]

  • 6 maart 2015

    FROUKJE SIJTSMA - In heal jier lyn is de Ljouwerter Amarins Geveke oansteld as nije direkteur fan de Folkshegeskoalle Schylgeralân op waadeilan Skylge. De ôfrûne moannen hat se benammen de fokus lein op it oanheljen fan Fryske kontakten en it mear bekendheid krijen fan de Folkshegeskoalle. Folkshegeskoalle Schylgeralân stiet midden yn de bosk fan Hoorn, op fytsôfstan fan strân en see. De skoalle waard yn [...]

  • 6 maart 2015

    REMCO DE VRIES -  It kontrast kin suver net grutter wêze wannear’t ik Arjan Hut fan syn wente tsjinoer de Cambuurfjilden ophelje: de stêd Ljouwert fan stien en asfalt en de Burgumer Mar, dêr’t in lulke wyn weach nei weach de reiden ynstjoert oan legerwâl. En fan dy legerwâl by Jistrum moatte wy sjen tsjin de westewyn yn oan de oare kant fan de mar [...]

  • 5 maart 2015

    ELSKE SCHOTANUS - Ha, de Omrop is der ek. Foar it Deelshûs yn Haskerdiken stiet it autootsje mei dêrop de wurden ‘Dreamen foar Fryslân’. Binnendoar klinkt in in rûzemûzjen fan stimmen op, de kapstok is oerladen fol. Keunst, sa seit de útnoeging, moat in gruttere rol krije yn de hurd feroarjende mienskip. Dat soks gjin nijs is, falt te sjen op it skerm yn de [...]

  • 5 maart 2015

    Yn opdracht fan de Marrekrite lansearre de Moanne ferline jier it projekt ‘De Marboei’. In marboei is in poëtysk ankerplak op it Fryske wetter. Earder skreaunen Maarten Inghels, Elmar Kuiper, Ellen Deckwitz, Jaap Krol, Arjan Hut en Elske Kampen al in gedicht op ’e Fryske marren. Oant en mei 2018 sille alle jierren fjouwer dichters de mar op om in gedicht by harren marboei te skriuwen. De gedichten en ferhalen binne [...]

  • 4 maart 2015

    De lêzende mins, Bouwe Brouwer redaksjoneel, Wêr is de nije Fryske roman? ynhâldsopjefte Karen Bies, Arend Martin Reints, Taal It bêste fan demoanne.nl Elske Schotanus, Lotte Middendorp, Ik wol dat hynder wêze! Portfolio, Lotte Middendorp Erik Betten, Gerbrandy, een boeiend portret Dirk van Ginkel, Willem Zoetendaal, Schenking 'Rietveldfotografie' aan Fries Museum Eppie Dam, Ecce Homo Sytske Veltman en Albert van der Meer, Dreyfus-hulde yn Fryslân [...]

  • 3 maart 2015

    INEKE RIENKS -  Al as jong famke wie Tatiana Pratley ûnder de yndruk fan Tryater. Foarstellings lykas Ronja de Rôversdochter en Kening Lear ferwûnderen har. “Ik wie ûnder de betovering fan de mooglikheid om sa’n oare wrâld te kreëarjen.” Se gie nei de jeugdteaterskoalle yn Ljouwert en studearre Keunst, Kultuer en Media yn Grins. Yn Grins begûn se it teater te missen en ûnder lieding [...]