Kunst Versterkt

Publisearre op 5 maart 2015

ELSKE SCHOTANUS –

Ha, de Omrop is der ek. Foar it Deelshûs yn Haskerdiken stiet it autootsje mei dêrop de wurden ‘Dreamen foar Fryslân’. Binnendoar klinkt in in rûzemûzjen fan stimmen op, de kapstok is oerladen fol. Keunst, sa seit de útnoeging, moat in gruttere rol krije yn de hurd feroarjende mienskip. Dat soks gjin nijs is, falt te sjen op it skerm yn de noch lege seal dêr’t tal fan foarbylden op te sjen binne, fan bûten en fan binnen Fryslân: de ferneamde bank fan Machiel Braaksma, wurk fan Sibe Jan Kramer yn it ramt fan Kunst bij de boer, alderhande projekten dy’t de leefberens fan stêd en plattelân fergrutsje.

Op de ynspiraasjedei Kunst Versterkt, trije maart holden troch Keunstwurk tegearre mei it Landelijk Kennisinstituut Cultuureducatie en Amateurkunst (LKCA), is in smite folk ôfkommen. It giet om in bûnt ferskaat oan minsken út de muzyk- en de toanielwrâld, de soarchsektor, studinten, keunstners, provinsjale amtners, in meiwurkster fan Partoer. De sprekkers binne soarchfâldich útkeazen: earst in wittenskipper, dan it bedriuwslibben en as lêste, ‘back to earth’, Pieter Stellingwerf en Kees Botman fan BUOG dy’t, tegearre mei de bewenners fan Haskerdiken, it even fierderop lizzende Dodo-paad oanlein ha.

De wittenskipper, dr. Anke Coumans, lector Image in Context, hat it oer de rol fan keunstners en ûntwerpers yn de sosjaal-politike kontekst. Binne powerpoint-presintaasjes op harsels net botte ynspirearjend, de praktykfoarbylden dêr’t sy mei komt, soenen dat wêze kinne as der mear tiid west hie foar ferdjipping en it allegear net justjes te opneamerich west hie. As it oer bygelyks Bart Lodewijks giet, dy’t as keunstner yn Rio de Janeiro in ‘speler in de buurt’ is, of oer Tinkebell dy’t mei mediagenieke projekten geregeld yn it nijs is (‘zij is helemaal geraakt door wat er gebeurt, zij verbindt’), dan hie ik leaver ien fan dy twa foar de seal stean sjoen as in lektor dy’t mei begripen as handelingsonderzoek, katalysator en dialogisch prinsipe struit: wurdtst der net waarm of kâld fan.

André Schaminée, wurksum foar in ôfdieling fan organisaasje-adviesburo Twynstra Gudde dy’t de kennis en kunde fan ûntwerpers en keunstners ferbynt oan dy oer gearwurkings- en feroaringsprosessen. It buro wurket foar bedriuwslibben en oerheden. ‘Veel van mijn projecten gaan over ingewikkelde vraagstukken (wicked problems).’ Sokke problemen binne bygelyks de krimp of de swarte pitediskusje: der is nimmen dy’t der oer giet. Schaminée fertelt oer in projekt oer de partisipaasjemaatskippij en lit in ôfbylding sjen mei dêrop in plaknamboerd ‘Mag Stad?’. Stel, sa leit hy it publyk de fraach foar, do sitst op in bankje oan it wetter, yn ‘Mag Stad?’, mar de hage is al skoften net snoeid. Kinst dan de hageknipper krije en derfoar soargje datst wer sicht op de foarby glydzjende skippen hast? Of meist, as wurksumheden oan de iepenbiere dyk healwei stop set wurde en it ûnbegeanber modderpaad wurdt, de strjitte sels fluorje? Sjoen it stribjen nei de partisipaasjemaatskippij soe it antwurd planút ‘ja’ wêze moatte, mar altyd is der in ‘mar’, in ‘dat kin samar net’, want wurdt aanst de hiele hage net fuorthelle? En stjitst in oar it brea net út ’e mûle? Toch, al is ‘Mag Stad?’ in oansprekkend foarbyld fan hoe’t keunstners ynset wurde kinne om minsken neitinke te litten oer de knipepunten dêr’t de saneamde partisipaasjemaatskippij mei tangelet, as der termen falle as veranderparadoks, ko-kreaasje, de dubbele immuunreaksje, dan krijt de ynspiraasje in knau.

Ien fan de workshops, dy oer Zorg en Welzijn, dy’t, nei it oerhearlike stamppotmiel, te folgjen is rint wat tefolle út op in leske. Dat leit net oan it Drintske projekt ‘Gekleurd Grijs’, rjochte op keunstbeoefening troch senioaren, sa’t dat taljochte wurdt, mar as der ûnder it kopke ‘uitvoering’ fiif punten bydel rûn wurde fertink ik dy iene dielnimmer, dy’t de eagen ticht docht, derfan dat er yn ’e slomme rekke is.

Om nei ôfrin fan de dei de ynspiraasje fêst te hâlden, wurket it ferhaal fan Pieter Stellingwerf en Kees Botman oer de oanlis fan it Dodo-paad, oare kant de dyk, tichtby it Deelshûs, it bêste. As BUOG, ‘bedenkers en uitvoerders van ongewone gebeurtenissen’ krigen sy in pear jier in listke mei fiif doarpen om, yn it ramt fan it projekt De Reis (dy nei KH2018), út te kiezen foar in projekt. Sy keazen net foar ien fan de foarleine fiif, mar Haskerdiken dat yn it nijs wie om’t der, om reden fan de gemeentlike werynyndieling, reboelje wie. ‘Wy waarden oan It Hearrenfean, dat finansjeel oan de râne fan de ôfgrûn stie, ferskiten’, sa’t in bewenner it, no’t de weryndieling in feit is, noch altyd grimmitich, ferwurdet.

Oars as by oare BUOG-projekten, kamen Pieter en Kees sûnder har ta te rieden nei it doarp ta. Haskerdiken, ynklamme tusken de A32 oan de iene kant en it spoar en it Hearrenfeanster Kanaal oan de oare kant, wie stil en saai en neffens Pieter Stellingwerf hienen de bewenners mar in bytsje kontakt mei elkoar. Hienen sy reboelje ferwachte, der hearske earder in sfear fan letargy. Ut petearen die bliken: yn Haskerdiken koest gjin kant op, sels in kuier mei de hûn yn it stikje ‘schaambos’ wie ûnmooglik, it wie der fierstente drekkich. Sa kamen se op it idee om dêr in paad oan te lizzen, it Dodo-paad, neamd nei de mûnts Dodo fan Haske dy’t yn de iere midsieuwen yn de omkriten om en ta holden hie. Se fertelle hoe’t sy sawat alle bewenners meikrigen om it paad oan te lizzen. Fan de pleatslike keunstner oant en mei skoalbern en jongeren út in ferslavingsprojekt, elk die mei. Mar foar’t sy harren safier krigen, gienen de mannen fan BUOG mei de kamera by de doarren lâns mei de fraach ‘Wa, tinke jo, is de belangrykste man of frou yn it doarp?’ en sa ferwiisden de bewenners nei elkoar, want nimmen woe it sels wêze. It hiele doarp kaam op de filmfertoaning ôf en elk dy’t der wie krige in blomke, want elk wie de belangrykste en ek bliek elk nei ôfrin ree om te helpen houthakken om yn it skambosk in paad oan te lizzen, mei in fiver en in moetingsplak dêr’t in hânwizer stiet en dan sá dat op google, fan boppe-ôf sjoen de namme ‘dodo’ waar te nimmen is. Pieter en Kees nimme de dielnimmers oan de ynspiraasjedei mei nei bûten foar in kuier it dodo-paad del dat oer in pear dagen, yn it ramt fan Nederland Doet, troch de doarpsbewenners opkreaze wurde sil. Sûnder djoerdwanerij en teoretisearjen binne it de keunstners sels, dy’t fol gloede fertelle hoe’t harren wurk fan betsjutting is as it derom giet de mienskip by elkoar te bringen en te fersterken.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels