• 27 februari 2015

    ARJAN HUT -  “Do dochst alles op entûsjasme en sa giest troch en troch oant it net mear kin”, sei Grytsje Klijnstra op in gegeven stuit. It petear, dat net al te flot losbrekke woe, gie oer Kulturele Haadsted 2018 en de (ûntbrekkende) kulturele fyzje en it (noch ûndúdlike) belied foar nei 2018. Klijnstra wie de jongste oan tafel, dêr't ek Academie voor Popcultuur-directeur Albert van der [...]

  • 26 februari 2015

    INGE NICOLAIJ -   Wat ferwachtsje jo te krijen as men seit dat hja neat hawwe wolle? 

Wat wolsto op dyn jierdei ha? 

Neat. Myn gefoel seit dat dizze fraach ek oan de man op de foto steld is. Lykas in soad mannen hoecht hy neat. Mannen hawwe gjin ferlet fan snypsnaarkes. Mannen wolle sokken, rûkersguod of wat oars dat se sels al keapje soenen. En dochs hearst dan wer it faaks iuwenâlde 'neat'. 

Om dan [...]

  • 24 februari 2015

    ELSKE SCHOTANUS -  Op it spylflak in man dy’t op en del panderet, op bleate fuotten, as it publyk nei binnen ta streamt. Mar is ‘streame’ wol it goede wurd? In soad folk blykt it Festival van de Toneelsolo, fiif foarstellings ôfrûne wykein yn de Harmonie, net te lûken. En dat is spitich want de tonielsolo is de meast suvere en meast ynkringende foarm fan [...]

  • 23 februari 2015

    MARINTHE DE HEK -  Birdman is in film dy’t net troch special effects of hostage dialogen oan dy optreaun wurdt, it is krekt in film dy’t op 'e eftergrûn meisûst. Yn it skynber yn ien take filme ferhaal folgje wy akteur Riggan Thompson (Michael Keaton), dy’t mei syn bewurking fan Raymond Carver’s What We Talk About When We Talk About Love oan 'e wrâld sjen litte wol dat [...]

  • 21 februari 2015

    Ecce Homo   Whose is this horrifying face, This putrid flesh, discouloured, flayed, Fed on by flies, scorched by the sun? Whose are these hollow red-filmed eyes And thorn-spiked head and spear-stuck side? Behold the Man: He is Man’s Son. Forget the legend, tear the decent veil That cowardice or interest devised To make their mortal enemy a friend, To hide the bitter truth all [...]

  • 19 februari 2015

    BENNIE HUISMAN -  Job Degenaar besoarge begjin 2014 by útjouwerij Liverse in lytse blomlêzing út it wurk fan dizze Dútse dichter, berne yn 1933 yn it Ertzgebirge as soan fan in Bergarbeiter. Yn ‘e jierren nei de oarloch it befoarrjochte ferrin foar in jonge ‘mei in fin mear’: studearje oan de universiteit yn Leipzig, dêr ek wurkje kinne en de ûntjouwing as skriuwer. Dy’t al [...]

  • 18 februari 2015

    ARJAN HUT -  It is ien fan de films dêr't yn de tsjustere krochten fan it ynternet it botst om socht wurdt. Guon minsken beweare dat se him sjoen ha, op in âlde FBI-ynstruksjebân, of dat se de identiteit fan de filmster kenne. It giet om de Babushka-film, in amateurfilmke sketten op 22 novimber 1963 yn Dallas. It lit de moard op president Kennedy sjen, [...]

  • 17 februari 2015

    Achte hear Van Dieren, Yn de fjirde klas wie it, of miskien de fyfde, dat wy op skoalle yn de kunde brocht waarden mei it 'Proletarier aller Länder, vereinigt Euch!' Troch sa'n passionearre skiednisleraar dêr't ik spitigernôch allinnich de achternamme noch fan wit: Bok. Menear Bok ferflocht de histoarje graach mei prachtige beskôgings oer sosjology, polityk en filosofy. Logysk dus dat Marx in favoryt ûnderwerp [...]

  • 12 februari 2015

    TSJOMME DIJKSTRA - Skanomodu bringt digitaal tydskrift út Sâneninheal jier hat Skanomodu as stúdzjeferiening bestien, de feriening foar studinten Fryske taal en kultuer oan de universiteit yn rrins. As stúdzjeferiening hie Skanomodu mar koarte tiid noadich om ek de ferbylding foar de bûtenwrâld te wurden fan de aktive en entûsjaste lichting studinten fan de stúdzje Frysk yn de resinte jierren. Mar Skanomodu stiet foar in [...]

  • 6 februari 2015

    ABE DE VRIES -  Stimd slik hjit de bondel gedichten, skilderijen en foto’s dy’t dichter Hein Jaap Hilarides en byldzjend keunstner Hendrik Elings ferline jier yn it noardlike waadljocht útjûn hawwe. In Biltse titel foar in boek dat de noard-Fryske kust besjongt: de swiere klaai, it bûtendykse lân, de fiere útsjoggen, de leechte, it neat. ‘Stimd’ kin hjir betsjutte ‘op klank brocht’, mar ek: ‘in stim [...]