it Marboei-projekt

Publisearre op 5 maart 2015

Yn opdracht fan de Marrekrite lansearre de Moanne ferline jier it projekt ‘De Marboei’. In marboei is in poëtysk ankerplak op it Fryske wetter. Earder skreaunen Maarten Inghels, Elmar Kuiper, Ellen Deckwitz, Jaap Krol, Arjan Hut en Elske Kampen al in gedicht op ’e Fryske marren. Oant en mei 2018 sille alle jierren fjouwer dichters de mar op om in gedicht by harren marboei te skriuwen.

De gedichten en ferhalen binne mei GPS-lokaasje werom te finen fia de mobile Marboei-webside dy’t bûn is oan in boei op de mar. Oant no ta binne der gedichten te finen op de Hegemer Mar, de Alde Feanen, de Swarte Brekken, de Sleattemer Mar, de Burgumer Mar en de Sitebuorster Ie. Mear witte oer it projekt? Besjoch alle fideo’s en ynterviews dy’t Remco de Vries foar it projekt makke yn it Marboei-dossier.

 

 

 

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels