Mearsidich byld jaan fan de wrâld

INEKE RIENKS – 

Al as jong famke wie Tatiana Pratley ûnder de yndruk fan Tryater. Foarstellings lykas Ronja de Rôversdochter en Kening Lear ferwûnderen har. “Ik wie ûnder de betovering fan de mooglikheid om sa’n oare wrâld te kreëarjen.” Se gie nei de jeugdteaterskoalle yn Ljouwert en studearre Keunst, Kultuer en Media yn Grins. Yn Grins begûn se it teater te missen en ûnder lieding fan de eardere artistyk lieder fan Tryater Hans Man in ’t Veld folge se in regy-kursus. “Doe wist ik, dit wol ik de rest fan myn libben dwaan.” Se gie nei de regyskoalle yn Amsterdam dêr’t se yn 2012 ôfstudearre. Sûnt dy tiid wurket se ûnder oare by Tryater. Foarstellings as Heimwee nei Hurdegaryp en Never walk alone binne foarstellings fan har hân.

Dy foarstellings binne sels betocht, kommende fanút in idee of in fassinaasje. Sa is Heimwee nei Hurdegaryp basearre op har eigen ûnderfining doe’t se as studint foar har staazje yn München wenne en harsels der op betrape op syk te wêzen nei de ferbining mei thús, mei it plak dêr’t se opgroeide. Tegearre mei de akteurs Lourens van den Akker en Eelco Venema, wurke se dit konsept út. “We giene lâns de berteplakken fan harren en mei-inoar hellen we oantinkens op oan ús bertetiid. It meganisme fan oantinkens, de idealisearing, it gemis en de ûnbetrouberens fan ús geheugen; dat hat de basis west foar de foarstelling.”

Wurkje by Tryater befalt Tatiana tige goed. “It is in mearsidich teaterselskip, dat biedt in soad romte en frijheid. De doelgroep is hiel breed en ik wol dat elk dy’t de foarstelling besiket der wat mei kin.” It Tryater-publyk is neffens Tatiana ek hiel iepen, “Je krije fuort in reaksje fan it publyk werom”. Dit is neffens Tatiana werom te finen yn hoe’t minsken hjir yn Fryslân mei-inoar omgeane. “Hjir yn Ljouwert hawwe minsken op strjitte of yn de winkel in praatsje mei-inoar, der is romte om kontakt te meitsje. Dat kontakt is der ek yn teater.” Ek de reewilligens fan it publyk om mei te wurkjen, meitsje Tryater neffens Tatiana spesjaal. “Minsken jouwe echt om Tryater en dat wurket hiel ynspirearend. Ik wol de foarstelling echt foar de mienskip meitsje.”

Tatiana wurket altyd mei in sintrale fraach, basearre op har minskbyld. “Ik wol sjen litte hoe’t minsken mei-inoar omgeane en dat de taskôger neitinkt oer hoe’t er as minsk is.” Sa wurde taskôgers yn Heimwee nei Hurdegaryp oansprutsen yn harren eigen ûnwennigens nei it ferline en wurdt der yn de foarstelling Never walk alone mei de taskôger socht nei it motyf fan minsken om by in groep te hearren of hearre te wollen. “Ik hoopje dat in foarstelling by it publyk trochwurket. Keunst is nuansearre. It is mearsidich de wrâld belibje.” Dit kin it publyk in gefoel fan frijheid jaan, mar hat ek wat treastliks, sa seit Tatiana. “It lit sjen dat we eins allegearre mar wat oankloaie. It libben is ien grutte oefening. Dy oefening wol ik sa foarmjaan datst de ûnderfining derfan foar altyd mei dy meinimst.”

Tatiana wurket no oan de foarstelling It famke en de twiveler. It is in bewurking fan de Broadwayklassiker “Two for the Seasaw” en giet oer leafde. Mar ek oer pine en earlik wêze. “It is gjin idealisering, mar lit alle kanten dy’t der oan leafde sitte sjen.”

 

Dit artikel is skreaun ta eare fan it 50 jierich jubileum fan Tryater en komt út de spesjale útjefte fan de Moanne: Tryater 50 jier. de Moanne sjocht nei Tryater fan hjoed-de-dei. Hoe wurdt it selsskip skerp holden? Wat binne de driuwen en oanfiterjende dreamen dy’t binnen dit selsskip libje? Dizze Tryater-special is ferstjoerd nei alle abonnees fan de Moanne en de Freonen fan Tryater.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.