Big Eyes

NIELS LAHUIS –

Keunstneres Margaret Keane is yn oktober 1970 te gast yn in lokaal radioprogramma yn San Francisco. De útnoeging fynt plak op basis fan har oankommende eksposysje yn de Cory Art Gallery. It petear feroaret lykwols drastysk fan rjochting nei in ferrassende iepenbiering fan Keane. Jierrenlang is sy de frou west efter de oergryslik populêre keunstner Walter Keane, skilder fan bern mei eigenaardich grutte eagen. Mar Keane ferklapt dat net har (ûnderwilens) eks-man, mar sysels al dy jierren de skilderijen makke hat. In skok giet troch de keunstwrâld en in ferneamde rjochtssaak is it gefolch. Margaret kriget har gelyk. Mar Walter Keane hâldt oant syn dea yn 2000 fol dat hy de opfallende wurken skildere hat.

Tim Burton hat it him maklik makke yn de goed oardel oere duorjende film.

Ein 1993 ferskynt de nuveraardige krystfilm ‘The Nightmare Before Christmas’ yn de bioskopen. Wat falt op oan de karakters yn de animaasjefilm? De eagen. Betinker Tim Burton, dy’t op dat momint populêr is troch films as ‘Beetlejuice’, ‘Batman’ en ‘Edward Scissorhands’, blykt al jierren in entûsjast leafhawwer te wêzen fan de keunst fan Margaret Keane. De film is in stille hommaazje oan de keunstneres. No, goed tweintich jier letter, giet Burton in stap fierder mei de ferfilming fan Keane’s ferhaal. De earste biopic fan Burton sûnt ‘Ed Wood’ (1994) hat tapaslik – mar ek wol in bytsje maklik – de titel ‘Big Eyes’ meikrigen.

De film fertelt it ferhaal folslein fanút it perspektyf fan Margaret Keane, in rol spile troch Amy Adams (‘Doubt’, ‘The Fighter’, ‘American Hustle’). De Eastenrykske akteur Christoph Waltz, dy’t earder twa Oscars yn ûntfangst nimme mocht foar ‘Inglourious Bastards’ en ‘Django Unchained’ fan regisseur Tarantino, fertolkt de rol fan har man Walter. Foar it earst sûnt ‘Mars Attacks!’ (1996) hie Burton gjin rol foar Johnny Depp of Helena Bonham Carter. Mar der is mear dat mist yn dizze film. De hân fan de regisseur is nammentlik net dúdlik sichtber. Allinnich op in pear mominten nimt de film in (koarte) freaky kear of feroaret de posysje fan de kamera drastysk. It liket der op dat Burton it ferhaal fan Keane sa sec mooglik fertelle woe.

De twa haadrolspilers witte wol in draai oan harren rol te jaan. Adams set de wanhoop en ûnfrede dy’t troch it liif fan Keane giselje, treflik del. En Waltz lit syn bêste komyske keunsten sjen. De twa binne sterk opelkoar ynspile en sette de personaazjes fan Margaret en Walter Keane sekuer del. Mar dochs liket it der op dat der folle mear te meitsjen west wie fan it ferhaal. Tim Burton hat it him maklik makke yn de goed oardel oere duorjende film. Hooplik wurdt der mear tiid bestege oan de opfolger fan ‘Beetlejuice’.

Big Eyes is op dit stuit te sjen by Slieker Film yn Ljouwert.

 

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.