Yn it pak

Bêste Lieuwe,

Wat wie it wer moai net, foarige wike. Ik fyn de Omloop Het Nieuwsblad alle jierren wer in feest. It fielt as it kadootsje datst in pear wiken foar dyn jierdei alfêst krijst. It ís noch hielendal gjin maitiid, de machtige aprilklassikers moatte noch komme, it fjild is noch griis en grau, yn har lange broeken binne de hurdfytsers kwalik te ûnderskieden fan de kolonne reedriders dy’t it byldskerm fierstente lang teistere ha. Mar toch alwer sa’n prachtige koers, mei de lêste jierren hieltyd spannende finales.

No ek wer: dy Ian Stannard, as iennichste yn in kopgroep tsjin trije man út ien ploech. Kompleet yn it pak naaid sitte, kânsleas tsjin sa’n oerwicht. Mar dan dochs troch in slûchslimme list en briljante timing dêrút witte te kommen – en winne.

Hoe hasto dêr nei sjoen? Do soest dat ek kinne, sa’n koers winne. Mei dyn hurde kop en sterke wil. Mar do wiest der net. En hjoed bist der ek net, as dyn favorite wedstryd Parijs-Nice fan start giet. Dyn bazen fine datst dyn Italiaanske kopman helpe moatst, nije wike yn de Tirreno.

Dy bazen. Hasto dy wol goed útsocht, Lieuwe? Ik bedoel, nimmen ken de eksakte werklikheid achter de wrâld fan trainers, ploegedokters en soigneurs, dus bûtensteanders as ik kinne noait sizze dat it net doocht yn dyn ploech. Mar de rook is net fris. Yn in tiid dat dyn prachtige sport him drok oan it ferskjinjen en fernijen is, komt de rennaissance foaral út it westen wei, út de angelsaksyske lannen. En do sitst krekt oan de oare útein, yn de meast eastlike ploech fan dat spektrum, letterlik en figuerlik.

Ik pak dyn erelist der eefkes by. Foarich jier, dyn earste jier by de Astana-ploech, twa etappewinsten. Catalunya en Dauphiné. Minder yndrukwekkend as de jierren dêrfoar. En fierder foaral knechtewurk foar Nibali. Goed, kreas, knap knechtewurk. Dyn bazen binne tefreden.

Mar ik mis dy. Ik mis dy idioate solo’s, dy domdryste oanfallen, dy prachtige úthalen fan in fytser dy’t it net fan taktysk heechspul, fernijende technyk of sneaky hanneltsjes yn it peloton ha moat, mar fan it simpele mar ymposante stoempen, stampen en beuken op it smelle meunster. In cowboy op tubes.

Op krêft en karakter troch grinzen hinne traapje. Ik kin my foarstelle dat se dêr yn Kazachstan wol sa’nien fan ha woenen. Ien dy’t alles docht foar syn kopman, dy’t trochgean kin as in oar stikken sit; miskien ek wol ien dy’t net tefolle fragen steld, maklik mei opdrachten en in pûdsje sinten te ploaien is.

Hasto dy net yn it pak naaie litten? Sitsto dêr net hartstikke ferkeard? Wurdt it fjoer dy net te hyt ûnder de fuotten? Pissest net yn alle kleuren, dizze dagen? Ik bedoel fan eangst. Wurdt it net heech tiid om dêrwei, foardat it te let is? De gefaren binne grut. Dyn ploech leit ûnder fjoer, it soe wolris dramatysk ôfrinne kinne. En ás it goed komt en dyn team kin fierder, dan bliuwt oan alles watst dochst de smaak fan ferbearne fruchten hingjen.

Nee, ik sil dy nerges fan beskuldigje, mar ik fertrou it saakje foar gjin meter. En soks giet oan dy kleven, Lieuwe. Dêr komst mar min fanôf. Ast ienkear op it strafbankje sitst sil der net folle begrutsjen wêze.

Kinst net in sebeare groanyske blessuere betinke? En dan fan’t simmer fluch oer nei in oare ploech. Betink wat! It kin noch krekt. Dat is fytsen. Sels Ian Stannard kaam ommers út in kânsleaze sitewaasje yn de Omloop.

En wûn de koers. It kin!

 

Bart Kingma

 

 

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.