fotografy: Meindert Reitsma

Oersette is lykas buorkjen

MEINDERT REITSMA – 

De nijste oersetting fan Geart fan der Mear (1944) telt mar leafst 835 siden: it giet om Green Earth oerset as De griene ierde. Dat boek boek wurdt beskôge as it masterwurk fan de Amerikaanske skriuwer Frederick Manfred (1912-1994) en is foar it earst útbrocht yn 1977. It is it twadde boek fan Manfred dat yn it Frysk ferskynd is: earder kaam Klaes Dykstra yn 1966 al mei de oersetting fan This is the year as Dit is it jier.

Feike Feikema VII: niget oan Fryslân
Krekt troch dy oersetting kaam Fan der Mear yn kontakt mei Manfred. Sa’n twa, trije jier lyn kaam it boek ris út de kast: “Doe bin ik achter dy namme oangongen: wa is Frederick Manfred eins? Doe fûn ik it wol nijsgjirrich om in artikel oer him te skriuwen, dus ik haw wat oer him lêzen en opsocht en kontakt opnommen mei Amearika úteinlik: mei syn dochter en ien fan de Universiteit fan Minnesota.”

Doe’t er De val van Camelot (fan Alfred Tennyson) útbrocht hie, kaam er sadwaande op it idee om in boek fan Manfred oer te setten. At it ien wêze moast, dan Green Earth: “It spilet min of mear yn in Fryske húshâlding, hy is ek wol grutsk op syn Fryske en Europeeske komôf.” Manfred is nammentlik in pakesizzer fan de Fryske lânferhuzer Feike Feikema V út Tsjom, de skriuwer hiet offisjeel Frederick Feikema, wylst syn omkes eins wol woene dat er Feike Feikema VII hite soe. “Mar omdat er yn Amearika geboaren is, hawwe se him toch mar Frederick neamd. Syn earste seis boeken hat er ûnder de namme Feike Feikema publiseard, mar yn Amearika wurdt dat natuerlik Fiike Fiikema, dat is net sa noflik. Doe hat er letter syn namme feroarje litten.” Feike betsjut ‘frede-man’ en Manfred ‘man fan frede’, dat sadwaande hat er foar dy namme keazen.

Fan der Mear: “Ik leau dat syn pake sward hat dat er nea wer Frysk prate soe, mar dat kin fansels net. Blykber hat er genôch Frysk trochjûn oan syn soan en dy hat it wer trochjûn oan syn soan Frederick. Hy hat him bewust west fan syn Fryske komôf; hy hat ek wol wat lêzen, mar net alles oer Fryslân doocht, neffens my.” Fryslân komt aardich faak nei foarren, sa wurdt bygelyks troch ien fan de persoanen yn De griene ierde it wurk fan Gysbert Japicx lêzen.

Werkbenber
Fan der Mear fynt it boek ek nijsgjirrich om’t it him yn in boerefermidden, op it plattelân fan Iowa, ôfspilet, wat tige werkenber is. Ek it kalvinistyske fan dy kontreien is foar him werkenber: “Oan ’e iene kant it waarme nêst fan de kristlike húshâlding en oan ’e oare kant it proses fan it losmeitsjen dêrfan.”

De oersetter giet der fan út dat De griene ierde hast folslein autobiografysk is: “Miskien hjir en dêr wat moai makke, der binne sokke tekenjende ferhalen by: dat moat wol persoanlik erfaren wêze.” It boek beskriuwt it houlik fan Manfred syn heit, yn it boek Alfred Alfredson neamd, syn âlden en syn jeugd. Neffens de dochter fan de skriuwer hat er fan it begjin ôf oan oantekenings makke foar in boek dat er ea skriuwe woe oer syn libben. Wylst de relaasje mei syn mem leafdefol beskreaun wurdt, is de relaasje mei syn heit net altyd goed: dy begriep net wêrom’t in boeresoan skriuwer wurde moast.

Fan der Mear: “Ik tink dat it foar de Frysklêzers wol aardich wêze sil omdat it in nijsgjirrich byld jout fan Amearika dat wy net altyd kenne. Dat is in byld dat ik ek fan Fryslân út ’e fyftiger jierren ken, mei al dat swiere boerewurk en suver noch sûnder meganisaasje.”

‘Bloed, zweet en tranen’
Under it oersetten rekke Fan der Mear stadichoan yn ’e besnijing fan it boek: it is alle kearen wer in hiele syktocht om in goede oersetting te meitsjen, der moat in goed spegelbyld fan it Ingelsk komme. Der is dúdlik ferskil tusken it oersetten fan poëzij en proaza, lykwols binne de problemen suver like grut, al binne se fan in oare aard. By eardere poëzijoersettings waard bygelyks wraksele mei it tal wurdlidden en it metrum, eat dat frjemdernôch ek wol wer frijheid jaan kin: “Je wurde twongen om kreatyf te wêzen: je moatte.” By it oersetten fan proaza rint er faak op tsjin de spesifike termen dy’t bytiden brûkt wurde. Yn De griene ierde giet dat benammen om it honkbal en it Amerikaanske boere-ark, dêr hat Fan der Mear in soad oer opsykje moatten.

It oersetten soe omskreaun wurde kinne as ‘Bloed, zweet en tranen’, mar dat giet him te fier: “It is tagelyk prachtich wurk. It is in hele aardichheid, ik mei graach mei taal boartsje.”

Yn in blêd fan de Amerikaanske ûnderwiisynstelling Calvin College út 2006 wurdt skreaun dat Frederick Manfred ea sein hat dat it skriuwen foar him lykas buorkjen is: wannear’tst fan ’t bêd komst, moatst dyn wurk dwaan: de kij moatte molken wurde. Sa is it mei it skriuwen ek. Fan der Mear: “De dissipline fan elke dei oan it wurk. Hy skreau moarns leau ’k, yn in hokje yn syn tún en middeis die er wat oare dingen. Je moatte dy dissipline ek hawwe at je sokke pillen skriuwe wolle.”

De oersetter hâlde soksoarte fan dissipline ek oan: alle dagen in stikje: moarns in pear oeren, middeis altyd wat oars: fytse, yn ’e tún wurkje of lêze. Sa wachtet alle moarnen it wurk wer en komme je úteinlik ta de konklúzje dat it oersetten ek lykas buorkjen is.

 

Frederick Feikema Manfred (Oersetter: Geart fan der Mear), De griene ierde, Elikser, Ljouwert 2013, Papieren útjefte: € 39,95, e-boek: € 17,50, ISBN: 978-90-8954-535-0

 

 

Comments
Ien reaksje oan “Oersette is lykas buorkjen”
Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.