• 31 maart 2015

    ARJAN HUT -  In smûke sneontemiddei yn de Prinsetún, mar it waaide en reinde allegeduerigen. De polulieren en platanen hollebatsten hoeden op it grize ritme fan in foarjiersstoarm, de moaie wylgebeam by de fiver die lykwols net mei: hielendal koartfike. It paviljoen fan restaurant De Koperen Tuin siet goed fol mei besikers foar de 5e edysje fan it Sirkwy Sympoasium, mei as tema 'Fryslân en [...]

  • 12 februari 2015

    TSJOMME DIJKSTRA - Skanomodu bringt digitaal tydskrift út Sâneninheal jier hat Skanomodu as stúdzjeferiening bestien, de feriening foar studinten Fryske taal en kultuer oan de universiteit yn rrins. As stúdzjeferiening hie Skanomodu mar koarte tiid noadich om ek de ferbylding foar de bûtenwrâld te wurden fan de aktive en entûsjaste lichting studinten fan de stúdzje Frysk yn de resinte jierren. Mar Skanomodu stiet foar in [...]

  • 2 april 2014

    MEINDERT REITSMA -  Nei sân jier is it ferfolch op it berneboek Skoare by FC Top fan Jelle Bangma (1955) útkommen: Kampioenen fan FC TOP. It earste boek oer de fuotbalferiening FC TOP wie populêr by de bern: it krige de Sulveren Spjeld 2008 fan de Fryske Berneboekesjuery. Beide boeken meitsje diel út fan in rige berneboeken, dêr’t ûnder oaren Willem Tjerkstra en Itty Sluis [...]

  • 20 december 2013

    MEINDERT REITSMA -  Net faak ferskynt der sa’n tsjok debút as de roman Littenser merke fan Ale S. van Zandbergen (1956). Neffens eigen sizzen hat de skriuwer it ferhaal de ôfrûne fjouwer jier op ’e fyts betocht en jûns opskreaun. It resultaat fan dy fjouwer jier is in debút dat net allinne yn omfang (405 siden), mar ek yn struktuer en ynhâld der wêze mei. [...]

  • 2 oktober 2013

    MEINDERT REITSMA -  Yn de nije ferhalebondel, It fûgelgebed, fan Jaap Krol (1970) steane suver altyd personaazjes sintraal dy’t yn harren eigen universum libje. “De ferhalen yn dizze bondel gean oer minsken dy’t sykje wat se fine, mar net altyd fine wat se sykje”, sa’t it skreaun is op de efterflap. Krol hopet troch it beskriuwen fan dy universums tichteby de personaazjes te kommen en [...]

  • 15 augustus 2013

    MEINDERT REITSMA -   Wy binne it beërf fan in oare tiid Doe’t farren wrotten wie en it libben striid   De earste twa rigels fan it ferske Oeral thús fan de Fryske trûbadoer Piter Wilkens binne goed fan tapassing op it nijste boek fan Elske Hindriks (1957), In kop as in almenak. De skriuwster, dy’t in skûlnamme brûkt hat, komt út in skipperslaach en [...]

  • 4 juli 2013

    MEINDERT REITSMA -  De nijste oersetting fan Geart fan der Mear (1944) telt mar leafst 835 siden: it giet om Green Earth oerset as De griene ierde. Dat boek boek wurdt beskôge as it masterwurk fan de Amerikaanske skriuwer Frederick Manfred (1912-1994) en is foar it earst útbrocht yn 1977. It is it twadde boek fan Manfred dat yn it Frysk ferskynd is: earder kaam [...]

  • 22 mei 2013

    MEINDERT REITSMA -  Ljouwens, de stêd dêr’t De krêftproef  fan Piter Boersma (1947) him ôfspilet, is in nuveraardich plakje. Minsken dy’t in skoft troch de loft fleane? Immen efter it behang plakt? De ynwenners fan Ljouwens sjogge der net raar fan op. Boersma skriuwt de lêste tweintich jier oan in opfallend konsistint oeuvre, yn it earste nûmer fan literêr tydskrift Ensafh fan dit jier hat [...]