Kaïn en Abel
ELSKE SCHOTANUS – ‘Dat. Noait. Wer.’ As dat it doel fan alle betinken en fieren is, soe krekt dat aspekt net folle mear foar it fuotljocht komme moatte? Beleving Boksum, dêr’t yn 1586 de Slach by Boksum wie, hie – oant der in pear jier ferlyn te min learlingen wiene om de skoalle iepenhâlde te kinnen – […]
Wittenskip yn Fryslân
Op 29 maart wie der op de Fryske Akademy in sympoasium oer de takomst fan de frisistyk yn Nederlân. Ernst Bruinsma hold op it sympoasium in ferhaal oer de bestudearring fan de Fryske letterkunde. de Moanne publisearret hjir syn lêzing. It sympoasium waard organisearre troch de Stifting Freonen fan it Frysk Ynstitút oan de Ryksuniversiteit […]
In ‘Happy Valentine’ foar de Fryske literatuer?!
ELSKE SCHOTANUS – As net-lid bin ik ferbjustere as ik in mail fan It Skriuwersboun krij. It blykt in útnûging foar in jûn dêr’t fiif listlûkers foar útnûge binne om har ‘de skientme fan ’e literatuer mei te jaan en harren te fergjen om dat mei te nimmen yn harren beliedsplannen.’ Hm, nijsgjirrich programma en […]
There is a dark side to mienskip
ELSKE SCHOTANUS – De ôfrûne dagen wie der in soad omtinken foar it slotstik fan LF2018, it jier dat Ljouwert/Fryslân kulturele haadstêd fan Europa wie. Yn in frijwat nuete talkshow, 25 novimber opnaam yn it stedskantoar, krigen in tal makkers de gelegenheid om werom en foarút te sjen. Dêr en ek bûten op it plein […]
De Fryske Dream
WILJO BAKKER – “Friezen dogge alles krekt eefkes oars. Krekt eefkes wat relaxter. Krekt eefkes wat logischer. Krekt eefkes wat gemoedliker, wat iensinniger, wat stadiger miskien, mar ek wat frijer … We dogge sa’n bytsje alles bijna itselfde as yn de rest van Nederlân, mar al dy lytse ‘krekt-oarsen’ by mekoar opteld meitsje Fryslân dochs […]
Fryske Letterkunde op de Akademy?
ERIC HOEKSTRA – Speech after long silence. It is right that we descant and yet again descant upon the supreme theme of art and song Letterkunde is de wittenskiplike stúdzje fan literatuer. Literatuer is de meast komplekse utering fan de minske, mear spesifyk, fan de minsklike geast. Literatuer lit ús sjen hoe’t de minske […]
‘Us’ museum?
BERTUS MULDER – De nije direkteur fan it Fries Museum is helder: “Zijn er mooie plannen rondom Popma? Doen! Hij is van ons allemaal.” Mar neffens de nije direkteur foldocht it wurk fan Popma net oan de kriteria dy’t it museum him stelt: is it relevant, is it ynternasjonaal fan belang? Fernijend? Sa net, wêrom […]
Premios literarios kutxa Ciudad de Irun
JOSSE DE HAAN – It is healwei achten de jûns. We sitte mei in goeie twa hûndert minsken yn de teaterseal fan it kultureel sintrum fan Irun – Ficoba – op ‘e grins fan Spanje en Frankryk. Om de rotonde hinne foar it sintrum reest it ferkear oer de brêge dy’t de twa lannen ferbynt. […]