• 3 september 2015

    So you want to be a writer? Charles Bukowski, Fryske oersetting Arjan Hut. Foardroegen op it UITfestival Ljouwert, 31 augustus 2015   if it doesn't come bursting out of you in spite of everything, don't do it. unless it comes unasked out of your heart and your mind and your mouth and your gut, don't do it. if you have to sit for hours staring [...]

  • 25 augustus 2015

    GERBEN DE VRIES -  In stik as wat jierren lyn sieten wy yn it fleantúch nei Medan-Sumatra. Earne achter ús sieten in pear minsken oer de oorlochstiid te praten, ientsje mei in sterk Frysk aksint. Hja waarden ûnderbrutsen troch de noartske stim fan in man deun achter my, dy't sei dat hja doedestiids yn de ferkearde oarloch fochten hienen. Dy oare oarloch dus. Hat it [...]

  • 24 augustus 2015

    SYTSE JANSMA -     lâns risseljend reid steapelet de sleat oktaven as weagen werheljend de nacht draait himsels yn   in frisling fan roppende frosken it sliepkeamersrút op in kier in simmer fan swit wachtet boppe de   knoop yn 'e klamboe it pantomime beweegjen fan sleatswetter noeget in skoalle reidjuffers om   as djoeiske kabûkidûnsers te sweevjen oerdei stienen de efterliven as obelisken [...]

  • 18 augustus 2015

    Op 29 augustus iepenet 'HAUSER, In multimediaal epos' troch Annemarie Estor en Lies van Gasse. Tresoar en de Moanne noadigje jo fan herten út om hjirby oanwêzich te wêzen. De njoggentjinde-iuwske figuer Kaspar Hauser (1812-1833) ynspirearret al hast twahûndert jier ferskate keunstners en skriuwers. Meast resint lieten Annemarie Estor en Lies van Gasse út Flaanderen harren ynspirearje troch Hauser yn ‘Het boek Hauser’. Beide dichters/keunstners ferrasten elkoar mear as [...]

  • 17 augustus 2015

    TSJOMME DIJKSTRA -  Fan sneon 29 augustus ôf is de eksposysje HAUSER te sjen yn Tresoar. Dizze eksposysje toant it resultaat fan it artistike gearwurkingsprojekt fan keunstners en dichteressen Annemarie Estor en Lies van Gasse oer de mysterieuze figuer Kaspar Hauser dy’t yn 1828 opdoek yn Neurenberch en de wrâld - ynklusyf wittenskip - troch syn ûnbekende komôf oant hjoed-de-dei ta foar in riedsel stelt. [...]

  • 14 augustus 2015

    ARJAN HUT -  Net voor het programma begon, liep een mysterieuze meneer met zilveren haar het kleine stadstheater binnen. Aan zijn zijde een mevrouw met pretogen. In het schemerdonker herkende ik hen eerst niet. Later kwam hij met uitgestoken hand op mij af. Het was Rienk Kruiderink, die samen met zijn vrouw Roos naar de voordrachten kwam luisteren. In geen tien jaar had ik hen [...]

  • 5 augustus 2015

    TSJOMME DIJKSTRA -  Wa’t it oanbod oan kultuer bylâns giet, kin net oars konkludearje: yn Ljouwert binne keunstsinnige inisjativen by de rûs. Yn tal fan hoeken fan ’e stêd wurde hjoed-de-dei ynnovearjende aktiviteiten opset. Fan ‘ienmalige’ festivals ta eksposysjes dy’t in poadium oan ferskillende keunstfoarmen biede: de fariaasje is grut. Inisjatyf ta fernijing is der binnen de rûnten fan kulturele ynstellingen, mar likegoed dêrbûten. Der [...]

  • 4 augustus 2015

    SIMON OOSTING -      de tsjustere stjonkende gloppen mei sis mar de rook fan mige en rotsjende dridze yn reinwetterpuozzen dy’t dagenlang stean bleaun binne lit ik efter my sa’t ik ek de man dy’t my omearme smeekte efterliet op de glêde stiennen yn ’e rein   foar my leit in plein dat ljocht is en dêrefter in brede dyk nei de haven hjir [...]

  • 28 juli 2015

    SIMON OOSTING -      jim folgje de dyk de ûnsichtbere spoaren fan soartgelikense spilers mar yn oare klean en sa ’t jim tinke mei oare kleuren sy wienen skier of swart en drôvich ûnder lagen smoarch fernis   jim sluere as in leger tsjin it lânskip oan as dat wat mar efkes is tsjin dat wat bliuwt oan oer seedyk klaaidyk tarredyk en dat [...]