It is dien

Publisearre op 4 augustus 2015

SIMON OOSTING – 

 

 

de tsjustere stjonkende gloppen mei sis mar

de rook fan mige en rotsjende dridze yn reinwetterpuozzen

dy’t dagenlang stean bleaun binne lit ik efter

my sa’t ik ek de man dy’t my omearme smeekte

efterliet op de glêde stiennen yn ’e rein

 

foar my leit in plein dat ljocht is en dêrefter

in brede dyk nei de haven

hjir ferhannelje se kij de keallen

kenne de heiten net en hawwe de memmen

ek ferjitten se swije en âlje net

 

de strjitte hat hege hearehûzen en jonge

memmen op ’e stoepen sjogge nei my

mei de mûlen iepen dy’t de bern oantrúnden

om stil te wêzen en flústerje nim ús mei

en ik de begearde lûk de jas rjocht en

 

tink as se it ris wisten hear efter my de klop

fan hoeven op de klinkertstiennen de ratteljende tsjillen

fan in iepen koets geane my foarby en

ik folgje nei de haven nei it sulveren wetter

nei de sinne efter tinne wolkens nei it skip al ree

 

 

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels